Van Ewijcksluis
| Van Ewijcksluis | ||
| De haven fan Van Ewijcksluis | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 220 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 52° 53' NB 4° 52' EL | |
| Kaart | ||
Van Ewijcksluis is in útbuorren yn 'e gemeente Hollâns Kroan yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It plak hat 220 ynwenners (1 jannewaris 2023) en falt offisjeel ûnder Anna Paulowna.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Ewijcksluis leit yn it noarden fan 'e Anna Paulownapolder, op 'e râne fan 'e Waadsee en 'e Amstelmar. De wenkearn ûntstie by de slûs fan in polderkanaal nei it doetiidske Amsteldjip. Hjoed-de-dei binne der meardere slûzen en leit der ek in gemaal. It plak is neamd nei Daniël Jacob van Ewijck van Oostbroek en De Bilt, dy't as gûvernneur fan 'e Kening belutsen wie by it ynpolderjen fan e Anna Paulownapolder.
It plak hat in eigen haven. Yn 1910 waard dêr de tramline Van Ewijcksluis nei Skagen oanlein, dy't by it Stasjon Van Ewijcksluis begûn. Tusken Wieringen en Van Ewijcksluis fear in postboat dy't de line Wieringen-Skagen folslein makke. De line waard op freed 1 maart 1912 iepene en wie de earste tolve jier tige suksesfol. Dêrnei rûn it stadichoan tebek en op 31 desimber 1934 waard de lêste rit riden.
Yn 1924 waard de Amsteldjipdyk tusken Van Ewijcksluis en Wieringen oanlein. Dy dyk stiet by de pleatslike befolking better bekend as de Lytse of Koarte Ofslútdyk. It Amsteldjip, ien fan 'e tagongen tusken de Waadsee en de Sudersee, waard ôfsletten en op it ôfsletten part ûntstie de Amstelmar. Troch de Lytse Ofslútdyk waard Wieringen mei it fêstelân ferbûn, en wie it sûnt gjin eilân mear.
De Amsteldjipdyk beskermet tsjin de Waadsee en wie in foarbyldprojekt foar de Ofslútdyk tusken Noard-Hollân en Fryslân. De ynzjenieurs stieken dêr in soad fan op. Troch de sêfte grûn ferskodeit dyklichem en waard de ûnderlaach fansiden útdrukt. Oan 'e kant fan 'e Amstelmar is dat noch hieltyd goed te sjen. By de dyk del leit in natoergebiet dat "de fersakking" hiet. De Lytse Ofslútdyk wie fan belang om't dêr foar it earst balstien by brûkt waard as bougrûn yn diken.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Loftfoto fan Van Ewijcksluis (1920-1940), Nederlânsk Ynstitút foar Militêre Histoarje.
- Brêge en slûs yn Van Ewijcksluis.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Gemeente Hollâns Kroan | ||
|---|---|---|
| Doarpen: Anna Paulowna • Barsingerhorn • Breesân • Den Oever • Haringhuizen • De Haukes • Hippolytushoef • Kolhorn • Kreileroord • Lutjewinkel • Middenmeer • Nieuwe Niedorp • Nieuwesluis • Oosterland • Oude Niedorp • Slootdorp • Stroe • Van Ewijcksluis • 't Veld • Westerland • Wieringerwaard • Wieringerwerf • Winkel • Zijdewind | ||
| Utbuorrens: De Belt • Dam • De Elft • Gelderske Buorren • De Gest • De Heid • De Hoelm • Hollebalg • Kleine Sluis • Kreil • Moerbeek • De Normer • Noord-Stroe • Noordburen • Noorderbuurt • Oosterklief • Poolland • Smerp • Vatrop • Verlaat (foar in part) • Westerklief • Zandburen | ||
