Valkenswaard (gemeente)
Valkenswaard Valkeswird | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Valkenswaard is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei 31.743 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 56,50 km² (wêrfan 1,60 km² wetter). De gemeente Valkenswaard is ûnderdiel fan 'e Metropoalregio Eindhoven.
De hjoeddeiske gemeente ûntstie yn 1934 troch de gearfoeging fan 'e eardere gemeenten Valkenswaard, Dommelen en Borkel en Schaft.
Yn 'e 19e en 20e iuw hie Valkenswaard in grut tal sigarefabriken, wêrfan't Willem II en Hofnar de bekendste wiene. Hjoed-de-dei is der noch wat lichte yndustry op in yndustryterrein, mar toerisme is ek in wichtige ynkomsteboarne. Valkenswaard is lykwols fral in forinzeplak foar minsken dy't yn Eindhoven of Belgje wurkje. Yn Dommelen sit de brouwerij Dommelsche.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet út de folgjende plakken:
Borkel en Schaft en Dommelen binne eardere selstannige gemeenten, dy't op 1 maaie 1934 by Valkenswaarden waarden yndield ta de nije gemeente Valkenswaard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske Valkenswaard ûntstie út ferskate 12e-iuwske lânoanmakkerijen besteande út de Cromstraet, Geenhoven, Zeelberg en Venbergen. De ferskate wettermûnen yn dat gebiet soargen derfoar dat der gau buorskippen ûntstiene, dy't yn 'e 13e en 14e iuw harren útwreiden mei oare lânoanmakkerijen lykas Delishurk, De Brand, De Hagen, Zandberg en Nuland.
De earste wichtige lânbesitters wiene de hearen fan Herlaer, dy't nei alle gedachten sûnt it begjin fan 'e 13e iuw dielen fan Valkenswaard oankochten. Hja spilen in grutte rol tusken de optsjende hartoch fan Brabân en de greve fan Gelre, dy't alle twa stikken fan it hjoeddeiske Noard-Brabân opeasken. Yn dy tiid moasten de doe machtige lokale hearen harren macht oerjaan oan 'e hartoch of greve. Dêrfoaroer joegen de hartoch en greve in soad goed oan abdijen en kleasters, dy't se faak sels stiften.

Nei de dea fan de lêste hear út it skaai Herlaer kamen de rjochten fan 'e hearlikheid yn 'e hannen fan Gerard fan Loon. Yn 1314 ferkocht Gerard fan Loon de hearlikheid Herlaer en dêrmei de kleasterrjochten fan Echternach yn Waalre en Valkenswaard oan Gerard I fan Horne. Yn 1321 kamen grutte dielen fan Valkenswaard yn 'e hannen fan 'e abdij fan Echternach, mei't de hear fan Valkenswaard Gerard I fan Horne op basis fan "de ferfalsking fan Echternach" erkenne moast dat er gebieten yn Waderle (hjoed-de-dei Waalre), Wedert (hjoed-de-dei Valkenswaard) en Aalst yn lien hold fan 'e abdij. Yn 1326 joech de abdij de earste, ûndúdlike grinsbepaling út fan 'e gebieten dy't se opeaske hie yn Valkenswaard. Dernjonken bleau in soad goed en lân it eigendom fan lokale hearen, kleasters en fan 'e hartoch fan Brabân. De Venbergsche Molen bleau oant de 14e iuw foar in part yn it besit fan 'e hartoch.
Oan it begjin fan 'e 14e iuw waard der al melding makke fan 'e parochy fan Wedert, de âlde namme fan Valkenswaard. Omdat it doarp Waalre rapper wolstân krige, koenen se dêr in stiennen tsjerkegebou betelje. Dêrfandinne ferskode de macht nei Waalre. Sa wurdt der abusivelik wol tocht dat Valkenswaard út Waalre ûntstie. Valkenswaard moast oant 1500 wachtsje op syn earste stiennen tsjerkegebou. Waalre en Valkenswaard hiene yn dy tiid in mienskiplike bestjoer.
Op 'e earme sângrûn om Valkenswaard hinne koene de measte pachterboerkes net in soad út 'e wei sette. Dat waard slimmer doe't bûtenlânske of Nederlânske troepen it doarp brûkten as in oanfierpunt by ien fan 'e talirike kampanjes en plonderingen dy't Brabân yn en nei de Tachtichjierrige Kriich yn 'e nederklits brochten. Yn tiden fan frede koe de krapte wat oanfolle wurde mei ynkomsten út falkejacht. Valkenswaard lei op 'e migraasjerûte fan 'e Noardske falk en guon falkefangers waarden ek betûft yn it trainen fan 'e tige sochte rôffûgel, dy't tige geskikt wie foar jacht.
Yn 'e 19e iuw learden boeren om mei de thúsferwurking fan tabak wat by te fertsjinjen, benammen yn 'e wintermoannen. Dat soe de basis wurde foar in suksesfolle sigare-yndustry dy't Valkenswaard lange tiid dominearje soe. In protte fan 'e lytsere fabrykjes yn Valkenswaard oerlibben de Twadde Wrâldkriich net. Op 17 septimber 1944 waarden se yn it ramt fan 'e Operaasje Market Garden by in loftbombardemint fan 'e optsjende Britske troepen ferneatige. Allinnich twa gruttere fabriken bleaune oer, dy't noch in pear desennia de kearn fan 'e ekonomy fan Valkenswaard foarmje soene.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Nikolaastsjerke fan Valkenswaard is in grutte, 19e iuwske tsjerke. Om it Merkplein lizze 18e en 19e iuwske gebouwen.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Malpie is in grut heide- en boskgebiet by Valkenswaard. Troch it gebiet streamt de Dommel en it hat ek moaie dobben. It gebiet bestiet út twa dielen, it 217 ha grutte gebiet dat de Malpiebeemden hjit en it part dat 400 ha grut is en út de Malpiebosken en it natuerreservaat De Malpie bestiet.[2]
- It Leenderbosk leit oan 'e eastlike râne fan Valkenswaard en wie oant 1930 in grut gebiet mei heide en sânferstowings. Steatsboskbehear kocht it oan en beplante it yn it ramt fan wurkferskaffing mei bosk. Hjoed-de-dei wurdt der noch hout produsearre, mar rekreaasje en natuer binne like wichtich. De bosken wurde jimmeroan natuerliker beheard.
- It natoergebiet De Plateaux mei sompen, greide en wiete gebieten leit op 'e grins mei Belgje en wurdt yn Nederlân troch Natuermonuminten beheard. Yn 'e maitiid groeie dêr orchideeën.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |