Springe nei ynhâld

Valerie French (aktrise)

Ut Wikipedy
Valerie French
akteur
Valerie French yn Jubal
Valerie French yn Jubal
persoanlike bysûnderheden
echte nammeValerie Harrison
berne11 maart 1928
berteplakLonden
stoarn3 novimber 1990 (62 jier)
stjerplakNew York City
jierren aktyf1954–1982
offisjele webside
IMDb-profyl
Glamour girls of the silver screen

Valerie French wie in Ingelske film- en toanielaktrise waans karriêre yn 1954 begûn.

French waard berne yn Londen as dochter fan Frank Orvin Percy Harrison en Muriel Smith. [1] Har heit wie in boekhâlder dy't as luitenant tsjinne hie by it Artists Rifles-regimint yn 'e Earste Wrâldoarloch. [2][3][4]

Sy beskôge har "echte start yn it teäter" as aktrise by it Theatre Royal, Windsor yn Berkshire yn Ingelân. Se sette yn har iere tweintiger jierren útein mei filmaktearjen. Har earste filmoptreden wie yn in lytse rol yn 'e Italjaanske film Maddalena út 1954. Nei in rol yn 'e Britske film The Constant Husband (1955) ferhuze se nei Hollywood.

Har bêste rollen yn dy perioade wiene yn westernfilms lykas Jubal yn 1956 njonken Glenn Ford en Decision at Sundown tsjinoer Randolph Scott yn 1957. Se ferskynde ek yn 'e science fiction-film The 27th Day (1957).

French gie werom nei it teäter yn 'e jierren 1960. Se spile yn in Broadway-produksje fan John Osborne syn toanielstik Inadmissible Evidence yn 1965 en wie ek yn Help Stamp Out Marriage! yn 1966 te sjen. Se soarge foar in lytse sensaasje troch neaken op it poadium te ferskinen yn The Mother Lover yn it Booth Theatre yn 1969, hoewol't allinich har bleate rêch te sjen wie.

Sy wie troud mei akteurs Michael Pertwee (fan 1952 oant 1959) en Thayer David (fan 1969 oant 1975). Foar de dea fan Thayer David yn 1978 wiene hy en French fan doel om opnij te trouwen. [5] [6] Guon boarnen sizze dat se berne waard yn 1932 en 58 wie doe't se ferstoar. [7].

French stoar oan leukemy.

Kar-út:

  • 1956: Jubal
  • 1956: Secret of Treasure Mountain
  • 1957: The 27th Day
  • 1957: Decision at Sundown
  • 1957: The Hard Man
  • 1959: The Four Skulls of Jonathan Drake

Telefyzjesearje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1957: Alcoa Theatre
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Who's Who in the Theatre, sixteenth edition, ed. John Parker, Pitman, 1981, s. 631
  2. The Incorporated Accountants' Year Book, Society of Incorporated Accountants and Auditors (Great Britain), 1928, s. 72
  3. Accountancy, vol. 70, Institute of Chartered Accountants in England and Wales, 1938, p. 111
  4. The Regimental Roll of Honour and War Record of the Artists' Rifles, S. Stagoll Higham, Howlett, 1922, s. 403
  5. Pace, Eric, "Thayer David Dead; A Character Actor"; The New York Times, 20 july 1978
  6. Collins, Glenn, "Valerie French, 59, Actress Who Played English Characters"; The New York Times, 6 novimber 1990
  7. https://www.nytimes.com/1990/11/06/obituaries/valerie-french-59-actress-who-played-english-characters.html "Valerie French, 59, Actress Who Played English Characters". The New York Times