VVV Fryslân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
VVV Fryslân
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd oanfitering fan toerisme
haadkertier Ljouwert
oprjochte 2011
offisjele webside
www.toerisme.frieslandtotaal.nl

VVV Fryslân is it provinsjaal buro foar toerisme yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân. It makket ûnderdiel út fan 'e lanlike VVV-organisaasje. It buro waard op 1 april 2011 oprjochte troch fyftjin Fryske gemeenten. It doel fan it buro is it fersprieden fan dúdlike en folsleine ynformaasje foar toeristen yn Fryslân, yn gearwurking mei Fryske ûndernimmers yn 'e rekreaasjesektor.

Njonken in ûnderstypjend tsjinstesintrum yn Ljouwert, in mienskiplike webside, in webwinkel en in boekingssintrale kamen der ek 'regio-oanjagers'. Mooglike middels om 'e doelstelling te berikken binne behalven gearwurking tusken gemeenten en ûndernimmers in ynformaasjepylder, minicards, en in app foar smartphones.

VVV Fryslân moat net betize wurde mei Marketing Fryslân, in oare provinsjale organisaasje dy't toeristen nei Fryslân lûke moat. Marketing Fryslân wurdt subsidiëarre troch de provinsje, wylst de VVV's it yn prinsipe finansjeel hawwe moatte fan 'e gemeenten. In stikmannich gemeenten yn noardwestlik Fryslân docht net oan VVV Fryslân mei.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: