VéGé

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Neonreklame fan in eardere VéGé-winkel yn Oostvleteren, België

VéGé is VErkoop GEmeenschap, it wie in Nederlânske organisaasje fan selsstannige winkellju. Se waard 1938 oprjochte troch de grossier Theo Albada Jelgersma út Breda.

De VéGé wie mei De Spar, de Centra en de ViVo ien fan de fjouwer grutte Nederlânske frijwillige filiaalbedriuwen. Yn 1939 wienen 2.400 winkels lid fan de organisaasje. Nei de oarloch kamen der ek festigingen bûten Nederlân. Yn 1961 wienen 28.900 winkellju by de VéGé oansletten yn tsien lannen.[1]

Begjin jierren 1980 waarden de VéGé-winkels, mei dy fan de ViVo, oernaam troch Unigro en giene se fierder ûnder de nammen Super en Cirkel.[2]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dagblad voor Amersfoort d.d. 11 desimber 1961: Vrijwillig filiaalbedrijf: meer dan 100.000 kruideniers in Europa
  2. Snelle groei van Unigro, NRC Handelsblad, 14 septimber 1989