Utwykske Mûne
| Utwykske Mûne | ||
| lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | Sleeuwwijk | |
| koördinaten | 51°48'N 4°56'E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | wipmûne | |
| funksje | poldermûne | |
| flecht | 25,7 m | |
| boujier | 1700 | |
| oare ynformaasje | ||
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 38670 | |
| Webside | ||
| molensheusdenenaltena.nl | ||
| Kaart | ||
De Uitwijkse Molen (Utwykske Mûne) is in poldermûne út 1700 tusken de plakken Uppel yn it suden en Sleeuwyk yn it noarden. Eigner is de mûnestifting Land van Heusden en Altena. De mûne is mei de Sânwykske Mûne de lêste fan in rige fan sân wipmûnen dy't njonken inoar stiene. Tegearre mei de Sânwykske Mûne en it tichtebylizzende Fort Altena (ûnderdiel fan 'e Nije Hollânske Wetterliny) foarmet de Utwykske Mûne in belangrike toeristyske trekpleister.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Utwykske Mûne mealle oant 30 april 1962 mei it gemaal fan Rijswijk de 587 ha grutte kombinearre polders Uitwijk en Rijswijk. De wipmûne hat in flecht fan 25,70 m en is om 1700 hinne boud. Eartiids stiene op it plak sân mûnen, wêrfan't mar twa oerbleaun binne.
De mûne hat gjin echte funksje, mar mealt no it wetter yn sirkwy. De mûne stiet by it eardere gemaal fan Uppels, dêr't ien fan 'e fiif net mear besteande wipmûnen stie. Spitigernôch binne de diselmotor en it skeprêd fan it gemaal al lang ferdwûn.
Restauraasjes fûnen yn 'e jierren 1966-1967 en yn 2010-2011 plak.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Alle Mûnen
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
