Flechthaven

In flechthaven, needhaven of útwykhaven (Ingelsk: port of refuge) is in haven dêr't skippen yn need oanlizze kinne. In soksoarte needhaven kin ek in binnenwetter, in foar de kust leine beskutte ankerplak wêze. Dêrom wurdt der yn 'e jeropeeske Uny en de ynternasjonale skipfeartorganisaasje IMO sprutsen fan taflechtsoarde (place of refuge).[1] Der wurdt sprutsen fan need op see wannear't de kaptein, nei syn bêste oardiel, tinkt dat der in net oer te kommen en twingende needsitewaasje bestiet dy't in gefaar wêze kin foar it skip, de lading of de minsken oan board.[2]
Doel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Baarnende of skippen dy't hommels mei lekkaazje te krijen hawwe moatte sa fluch mooglik nei in feilich lisplak brocht wurde om dêr rêdingsmaatregels útfiere te kinnen. Dêr moat ek it gefaar foar it miljeu troch fermindere wurde.
Juridyske eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskate lannen hawwe yn bilaterale ferdraggen saneamde needklausulen opnommen, dêr't help fan wjerskanten by needsitewaasjes op see, fêstrinnen oan 'e grûn en skipbrek yn garandearre wurde. De steaten kinne lykwols ûnder ferwizing nei it gefaar foar it miljeu de tagong ta harren wetter en needhavens wegerje.
De Ynternasjonale Maritime Organisaasje allyk de Jeropeeske Uny haawe rjochtlinen en foarskriften opsteld foar de trochfeart fan skansearre en yn need bedarre skippen. Dy jilde oant no ta allinnich foar needsitewaasjes yn kustwetter. Dat wie lykwols net it gefal foar bygelyks de MSC Flaminia, dy't yn 2012 yn 'e Atlantyske Oseaan ferûngelokke en nei Jeropeesk wetter sleept waard.[3]
Jeropeesk konsept foar needhavens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't de MSC Flamiia en MT Stolt Valor yn 2012 gjin needhavens oandwaan mochten omreden noed foar miljeuskea, hat de JU tegearre mei it Jeropeesk Agintskip foar Maritime Feiligens (EMSA) oant 2016 nije operasjonele rjochtlinen opsteld (EU Operational Guidelines on Places of Refuge).[4][5]
Needhavens yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In needhaven yn Fryslân is de lytse haven fan Breesân.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Places of Refuge, Jeropeeske Kommisje
- „Places of refuge“ – addressing the problem of providing places of refuge to vessels in distress, UN International Maritime Organization (IMO)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|