Springe nei ynhâld

Uttarakhand

Ut Wikipedy
Uttarakhand
Dielsteat fan Yndia
De piken fan 'e Nanda Devi, de heechste berch fan Uttarakhand.
De piken fan 'e Nanda Devi, de heechste berch fan Uttarakhand.
Symboalen

Algemien
LânYndia
HaadstêdDehradun (winter), Gairsain (simmer)
Grutste stêdDehradun
Distrikten13
Befolking
Ynwennertal10.086.292 (2011)
TalenHindy (offisjeel)
Sanskryt (twadde offisjeel)
Garhwali
Kumaoni
ReligyHindoeïsme (83,0%)
Islam (13,9%)
Sikhisme (2,3%)
Kristendom (0,4%)
Geografy
Oerflak53.483 km²
Heechste punt200 – 7.816 m
Oar
Stifting9 novimber 2000
TiidsôneIST (UTC+5:30)
Offisjele webside
uk.gov.in
Kaart
De piken fan 'e Nanda Devi, de heechste berch fan Uttarakhand.
Lokaasje fan Uttarakhand yn Yndia

Uttarakhand (foarhinne Uttaranchal) is in dielsteat yn it noarden fan Yndia en oprjochte op 9 novimber 2000 as de 27ste steat fan 'e republyk, nei ôfskieding fan Uttar Pradesh. Troch de grutte konsintraasje fan hillige hindoe-timpels en as boarnegebiet fan wichtige rivieren stiet de steat ek wol bekend as Devbhumi ("Lân fan 'e Goaden"). Uttarakhand hat twa haadstêden: Dehradun is de winterhaadstêd, wylst Gairsain sûnt 2020 de offisjele simmerhaadstêd is.

Uttarakhand leit yn it sintrale part fan it Himalaya-berchtme en hat dêrtroch in foar it grutste part bercheftich lânskip. Likernôch 86 prosint fan it oerflak bestiet út bergen, en in grut part fan 'e steat is mei bosk bedutsen. De steat hat sawol ynternasjonale as ynlânske grinzen: yn it noardeasten grinzget de steat oan Tibet (Sina) en yn it súdeasten oan Nepal. Yn Yndia grinzget Uttarakhand oan Himachal Pradesh yn it noardwesten en oan Uttar Pradesh yn it suden.

It lânskip kin geologysk ferdield wurde yn fjouwer haadsônes, dy't fan súd nei noard ferskille yn hichte en klimaat. Yn it uterste suden lizze de Terai en Bhabar: smelle, fruchtbere flaktes dy't wichtich binne foar de lânbou. Dêrboppe lizze de Shiwaliks, mei hichten tusken de 900 en 1.200 meter. De folgjende sône is de Lytse Himalaya, in breed gebiet mei berchrêgen tusken de 2.000 en 4.000 meter dêr't de measte bewenbere dellingen en tichte bosken binne. De noardlike sône wurdt foarme troch de Grutte Himalaya, dêr't de heechste piken fan Yndia lizze lykas de Nanda Devi fan 7.816 meter heech, in kâld gebiet dat dominearre wurdt troch alpine greiden en ûnbidige gletsjers.

Gearfoeging fan 'e Bhagirathi en Alaknanda by Devprayag ta de Ganges.

Uttarakhand is in wichtich boarnegebiet foar rivieren yn Noard-Yndia. De Ganges ûntstiet nei de gearfoeging fan 'e rivieren Bhagirathi en Alaknanda; de Bhagirathi hat de boarne yn 'e Gangotri-gletsjer by Gaumukh]. De Yamuna hat syn oarsprong yn 'e Yamunotri-gletsjer. Dizze rivieren wurde foar in grut part fiede troch gletsjer- en smeltwetter en binne fan essinsjeel belang foar de drinkwetterfoarsjenning en lânbou yn 'e Gangesflakte.

De steat is ek histoarysk en bestjoerlikyn twa regio's te ferdielen: Garhwal yn it westen en Kumaon yn it easten. Dizze yndieling giet werom op eardere keninkriken en foarmet hjoed-de-dei noch altyd de basis foar de trettjin distrikten fan Uttarakhand.

Yn 'e âldheid waard it gebiet bewenne troch ferskate stammen en lytse keninkriken, lykas de Kuninda's. Letter kaam it ûnder it bewâld fan de Katyuri- en Chand-dynastyën yn Kumaon en de Panwar-dynasty yn Garhwal.

Yn 'e 18e iuw waard it gebiet oerhearske troch de Gurkha's út Nepal, mar nei de Britsk-Gurkhaanske Oarloch (1814-1816) kaam it grutste part fan it gebiet ûnder Britsk-Yndysk bestjoer.

Nei de ûnôfhinklikens fan Yndia yn 1947 makke Uttarakhand diel út fan 'e grutte steat Uttar Pradesh. De befolking yn 'e heuvels hie lykwols it gefoel dat harren spesifike problemen (lykas earmoed en brek oan ynfrastruktuer yn 'e bergen) net genôch omtinken krigen fan it bestjoer yn 'e flakte. Nei in lange en fûleindige striid foar autonomy waard op 9 novimber 2000 de nije steat Uttaranchal oprjochte, dy't yn 2007 omdoopt waard ta Uttarakhand.

Froulju út Munsyari yn tradisjonele dracht.

De befolking fan Uttarakhand bestiet foar it grutste part út de Pahari ("Minsken fan 'e Bergen"). De twa grutste etnyske groepen binne de Garhwali's en de Kumaoni's. In soad minsken wenje op it plattelân en dogge oan terraslânbou yn 'e heuvels.

Hoewol't de steat in sterke Hindoe-identiteit hat, wenje der ek wichtige minderheden fan moslims en sikhs, benammen yn 'e súdlike distrikten lykas Udham Singh Nagar en Haridwar.

It Hindy is de offisjele taal, mar yn it deistich libben wurde de lokale talen Garhwali en Kumaoni in soad praat. Opfallend is dat Uttarakhand de earste steat yn Yndia wie dy't it Sanskryt de status fan twadde offisjele taal joech.

Religy yn Uttarakhand
Religy% (2001)% (2011)FerskilKarakteristyk
Hindoeïsme84,96%82,97%-1,99%
Islam11,92%13,95%+2,03%Fral yn Haridwar, Udham Singh Nagar.
Sikhisme2,50%2,34%-0,16%Konsintrearre yn 'e lânbougebieten yn it suden.
Kristendom0,33%0,37%+0,04%Lytse minderheid, fral yn stêden.
Boedisme0,15%0,15%0,00%Stabyl, fral Tibetaanske mienskippen.
Jaïnisme0,11%0,09%-0,02%Lytse hannelsmienskippen.

Grutste plakken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêden yn de flakte (Terai) en de haadstêd Dehradun hawwe tusken 2001 en 2011 in enoarme groei trochmakke, mei troch de nije status fan de steat en de yndustriële ûntwikkeling.

Dehradun.
Haridwar.
RangPlakYnwennertal (2001)Ynwennertal (2011)Groei (%)Karakteristyk
1Dehradun (UA)447.808573.682+28,1%Haadstêd en fluchst groeiende stedsregio.
2Haridwar (UA)175.010228.832+30,8%Wichtich pylgeroard, yndustrieel sintrum.
3Haldwani (UA)129.140156.078+20,9%Hannelsknooppunt foar de Kumaon-regio.
4Rudrapur88.676140.857+58,8%Ekstreme groei troch nije yndustryparken.
5Kashipur92.967121.623+30,8%Belangryk histoarysk en yndustrieel plak.
6Roorkee (UA)97.064118.200+21,8%Underwiissintrum (IIT) en legerbasis.
  • UA: "UA" betsjut "Urban Agglomeration". De neamde oantallen binne fan 'e stêdekloft.

De haadstêd is Dehradun. Om't in grut part fan 'e befolking leaver in haadstêd hie dy't sintraal yn 'e bergen leit om de bân mei it heuvellân te fersterkjen, waard yn 2020 Gairsain offisjeel útroppen ta de simmerhaadstêd. Dat betsjut dat it parlemint simmerdeis dêr by inoar komt, wylst it bestjoer winterdeis yn Dehradun bliuwt.

Uttarakhand is ferdield yn 13 distrikten, dy't gearfoege binne yn twa divyzjes: Garhwal en Kumaon.

DivyzjeDistriktHaadplakYnwenners (2001)Ynwenners (2011)
Garhwal Divyzje
GarhwalHaridwarHaridwar1.447.1871.890.422+30,6%
GarhwalDehradunDehradun1.282.1431.696.694+32,3%
GarhwalPauri GarhwalPauri697.078687.271-1,4%
GarhwalTehri GarhwalNew Tehri604.747618.931+2,3%
GarhwalChamoliGopeshwar370.359391.605+5,7%
GarhwalUttarkashiUttarkashi295.013330.086+11,9%
GarhwalRudraprayagRudraprayag227.439242.285+6,5%
Kumaon Divyzje
KumaonUdham Singh NagarRudrapur1.235.6141.648.902+33,4%
KumaonNainitalNainital762.909954.605+25,1%
KumaonAlmoraAlmora630.567622.506-1,3%
KumaonPithoragarhPithoragarh462.289483.439+4,6%
KumaonBageshwarBageshwar249.462259.898+4,2%
KumaonChampawatChampawat224.542259.648+15,6%
De distrikten fan Uttarakhand.

Distrikten lykas Pauri Garhwal en Almora ha in negative groei mei't jonge minsken út de bergen wei lûke nei de stêden om wurk en ûnderwiis. De súdlike distrikten (Haridwar en Udham Singh Nagar) groeie it hurdste. Dat binne de gebieten mei de measte lânbougrûn en de measte nije yndustry.

Ekonomy en Natoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Uttarakhand driuwt op trije pylders: toerisme, lânbou en wetterkrêft.

Timpel fan Badrinath.

De steat lûkt miljoenen pylgers foar de Char Dham Yatra (besite oan fjouwer hillige plakken). De Char Dham yn Uttarakhand binne fjouwer hillige Hindoe-pylgerplakken dy't allegear yn 'e hege Himalaya fan 'e Garhwal-regio lizze. It giet om de plakken Yamunotri, Gangotri, Kedarnath en Badrinath, dy't elk ferbûn binne mei de oarsprong fan in hillige rivier. Dizze plakken foarmje de wichtichste spirituële trekpleister fan 'e steat en binne fanwegen de snie allinnich simmerdeis tagonklik.

De steat wurdt ek troch berchbeklimmers en natoerleafhawwers besocht.

Nasjonale parken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Uttarakhand lizze ferskate nasjonale parken:

Nasjonaal Park Valley of Flowers.
  • it Nasjonaal Park Jim Corbett is it âldste nasjonale park fan Yndia, dêr't de Bingaalske tiger beskerme wurdt.
  • it Nasjonaal Park Valley of Flowers stiet op 'e UNESCO Wrâlderfgoedlist. It is in heechlizzende alpine delling mei in rike floara dy't allinnich yn de simmermoannen tagonklik is. Ek de snieloaihoars komt hjir foar.
  • it Nasjonaal Park Nanda Devi leit om de Nanda Devi hinne en foarmet tegearre mei de Valley of Flowers ien grut biosfearreservaat.
  • it Nasjonaal Park Rajaji is in wichtich reservaat foar de oaljefant. De rivier de Ganges streamt dwers troch it park hinne.
  • It Nasjonaal Park Gangotri is it grutste nasjonale park fan 'e steat. It bestiet ut rûge rotsen, gletsjers en de boarne fan de rivier de Ganges (Gaumukh) en yn it park libje bisten dy't tsjin de extreme kjeld kinne.
  • it Nasjonaal Park Govind Pashu Vihar spilet in grutte rol yn 'e beskerming fan 'e snieloaihoars. It gebiet is ek ryk oan medisinale planten dy't yn 'e hege bergen groeie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dielsteaten en unyterritoaria fan Yndia
Dielsteaten

Andhra Pradesh · Arunachal Pradesh · Assam · Bihar · Chhattisgarh · Goä · Gûdjarat · Haryana · Himachal Pradesh · Jharkhand · Karnataka · Kerala · Madhya Pradesh · Maharashtra · Manipoer · Meghalaya · Mizoram · Nagalân · Orissa · Pûndjaab · Radjastan · Sikkim · Tamil Nadu · Telangana · Tripoera · Uttar Pradesh · Uttarakhand · West-Bingalen

Unyterritoaria

Andamanen en Nikobaren · Chandigarh · Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu · Delhi (Nasjonaal Haadstedsk Territoarium) · Jammu en Kasjmier · Ladakh · Lakshadweep · Pondicherry

· · Berjocht bewurkje