Utfleanen

Utfleanen is it stadium yn it libben fan in jonge fûgel dat er it nêst ferlit foar syn earste flecht. Dit jildt benammen foar nêstbliuwers. Foar fûgels fan soarten wêrfan't de piken as nêstflechters al hiel gau rinnend it nêst ferlitte, lykas rinfûgels, hineftigen en goeseftigen, wurdt dizze term net brûkt, mar foar flearmûzen, dat sûchdieren binne, soms wol.
It útfleanen fynt by fûgels plak as de fearren oan 'e wjukken, de saneamde slachpinnen, hielendal yngroeid binne en as de spieren fan 'e wjukken sterk genôch wurden binne. Piken dy't útfleane, binne ornaris noch in skoftke ôfhinklik fan 'e âlden, mei't se noch net lang yn 'e loft bliuwe kinne. De âlden geane dêrom earst noch troch mei de fersoarging troch de piken nei itensboarnen ta te lieden of troch se iten te bringen.
Fûgelpiken binne tige kwetsber, mar as se ienris útflein binne, geane harren kânsen op oerlibjen op dramatyske wize omheech.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
