Springe nei ynhâld

Us-Leaffrou fan 'e Godlike Need (Bergharen)

Ut Wikipedy
Us-Leaffrou fan 'e Godlike Need
Lokaasje
Provinsje Gelderlân
Gemeente Berg en Dal
plakBergharen
adresMûnewei by 55
koördinaten51°51' N 5°40' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomDe Bosk
Arsjitektuer
boujier1935
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer9302]
Webside
www.mariakapelbergharen.nl
Kaart
Us-Leaffrou fan 'e Godlike Need (Gelderlân)
Us-Leaffrou fan 'e Godlike Need

De Us-Leaffrou fan 'e Godlike Need is in beafeartsplak yn Bergharen.

Sistersjinzerske muontsen kochten yn 1313 yn Bergharen in stik grûn dat hjoed-de-dei de Kapelberch neamd wurdt. Dêr bouden hja in kapel mei dêryn in byld fan Marije. It byld waard om 1500 hinne ferfongen troch in 87 sintimeter piëta, in ikehouten byld yn Nederrynske styl, dat neffens in oerlevering troch in beheinde muonts mei de namme Assumptio makke wêze soe. De plak ûntwikkele him ta in beafeartsplak en krige de namme "Us-Leaffrouwe fan 'e Godlike Need".

Genedebyld.

De muontsen waarden yn 1621 troch de reformaasje fuortjage en de kapel rekke yn ferfal. It byld waard doe nei it kastiel Hernen brocht, dêr't de bewenners katolyk bleaunen. Dêr bleaunen de minsken it byld ferearjen. Op it plak fan 'e eardere kapel waard in linebeam plante, dy't troch de minsken it heilig bumke (hillich beamke) neamd waard. Dy linebeam waaide by in stoarm yn 1964 om en mei loaten dêrfan is wer in nije linebeam plante.

It duorre noch oant 1926 dat it plak wer as beafeartsplak ynsegene wurde soe. De piëta waard op in karre mei in ezel dêrfoar yn 1927 út it kastiel Hernen nei de Sint-Annetsjerke fan Bergharen werombrocht. Mei't de kapel yn 1935 foltôge waard ferhûze it byld fan 'e Annetsjerke nei de beafeartskapel. It orizjineel waard letter wer nei de Sint-Annetsjerke brocht en ferfongen troch in replika. Sûnt 2022 stiet it orizjinele byld wer yn 'e kapel.

Alle jierren wurdt op 'e dei fan Meije-Himelfeart op 15 augustus of op 'e snein dêrnei in Marijebeafeart organisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: