Brune bear
| brune bear | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ursus arctos | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Histoaryske fersprieding Prehistoaryske fersprieding |
De brune bear (wittenskiplike namme: Ursus arctos) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e bearen (Ursidae) en it skaai fan 'e echte bearen (Ursus). Dit bist is wrâlds op ien nei grutste lânrôfdier (nei de iisbear), dat ta de moderne megafauna rekkene wurdt. De brune bear hat in Holarktyske fersprieding en komt dêrmei foar yn Jeraazje en Noard-Amearika. It is ornaris in deidier mei in opportunistysk, omnivoar dieet en in solitêre libbenswize, dat benammen wâldgebieten bewennet en de itenskrapte fan it winterseizoen oerlibbet troch in wintersliep te hâlden. Dizze soarte fertoant in oansjenlike mjitte fan seksuele dimorfy, mei't mantsjes folle grutter binne as wyfkes. De brune bear spilet al fan âlds in wichtige rol yn 'e minsklike mytology, folkloare, literatuer, media en keunst. It is in bist dat frij maklik te trainen is, en it kaam dêrom oant it resinte ferline faak foar yn sirkussen. Der wurde yn 'e tradisjonele taksonomy achttjin (libbene en útstoarne) ûndersoarten ûnderskaat, wêrfan't de grizzlybear (U. a. horribilis) út Noard-Amearika fierwei de bekendste is. De IUCN klassifisearret de brune bear as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brune bear waard yn 1758 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus yn 'e baanbrekkende tsiende edysje fan syn magnum opus, de Systema Naturæ. De wittenskiplike namme dy't hy oan it bist joech, Ursus arctos, bestiet út 'e skaainamme Ursus, dat Latyn is foar "bear", en de soartenamme arctos, dat Gryksk is, fan ἄρκτος (arktos), dat ek "bear" betsjut.

De brune bear is ûnderbrocht yn it skaai fan 'e echte bearen (Ursus), yn 'e mande mei trije oare libbene soarten, wêrmei't in nauwe sibskip bestiet. Dêrby giet it om 'e Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de Aziatyske swarte bear (Ursus thibetanus), en de iisbear (Ursus maritimus). Fierders hearre ta itselde skaai ek noch in tsienmannich fossile soarten, wêrfan't de hoalebear (Ursus spelaeus) fierwei de measte bekendheid genietet. De neiste libbene sibbe fan 'e brune bear is de iisbear, mar it soe skoan kinne dat de útstoarne hoalebear eins noch nauwer oan 'e brune bear besibbe wie. De oare libbene soarten bearen, te witten: de brilbear (Tremarctos ornatus), de huningbear (Helarctos malayanus), de lippebear (Melursus ursinus) en de reuzepanda (Ailuropoda melanoleuca) binne minder nau oan 'e brune bear besibbe.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tinken is dat de brune bear himsels troch evolúsje ûntjûn hat út 'e Etruskyske bear (Ursus etruscus), in fossile soarte út Jeraazje, dy't libbe hawwe soe oant it Ier-Plioseen, likernôch 5 miljoen jier lyn. In genetysk ûndersyk út 2001 wiisde derop dat de brune bear him omtrint 1,2–1,4 miljoen jier lyn ôfspjalten hat fan 'e hoalebear. De âldste fossilen fan brune bearen yn Aazje geane 300.000–500.000 jier tebek, en it is frijwol wis dat de soarte dêr ûntstien is. De brune bear fersprate him likernôch 250.000 jier lyn nei Jeropa en koarte tiid letter ek nei de Magrebregio fan Noard-Afrika, nei alle gedachten fia de lânbrêge dy't doedestiden yn iistiden yn 'e Strjitte fan Gibraltar bestie. Op deselde wize berikte dit bist ek wat no de Britske Eilannen binne. Der binne oanwizings dat de ferskining fan 'e brune bear yn Jeropa bydroegen hat oan it útstjerren fan 'e hoalebear.

De brune bear wreide syn fersprieding omtrint 177.000 jier lyn, yn 'e foarlêste iistiid, fia de Beringlânbrêge út nei Noard-Amearika. Genetysk ûndersyk hat útwiisd dat ûnderskate populaasjes brune bearen út noardeastlik Aazje dy oerstek makken yn ferskate Pleistosene iistiden efterinoar. Yn 't earstoan fêstigen se har inkeld yn Alaska. De iiskape dy't doedestiden it noarden fan Noard-Amearika bediek, rikte oan 'e kust fan Súdwest-Alaska ta en blokkearre lange tiid in fierdere opmars. Pas doe't der in iisfrije korridor ûntstie yn it binnenlân fan 'e Yukon en Britsk-Kolumbia, krong de brune bear omtrint 92.000–83.000 jier lyn fierder troch nei it suden. It meastepart fan 'e Noardamerikaanske brune bearen stammet sadwaande ôf fan dy earste populaasje. Nei't de brune bear lykwols om 33.000 jier lyn hinne yn Alaska en noardwestlik Kanada regionaal útstoarn wie, waard dat gebiet nei it lêste glasiale maksimum (25.000 jier lyn) werbefolke troch twa ferskillende, mar nau besibbe populaasjes út Aazje wei.
Natuerlike hybridisearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brune bearen fan 'e Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska, dy't tradisjoneel yndield wurde yn 'e Sitkabear (U. a. sitkensis) op it Admiraliteitseilân, Baranof en Chichagof, de Dalleilânske brune bear (U. a. dalli) op Dall en pleatslike populaasjes fan 'e grizzlybear (U. a. horribilis) op 'e oare eilannen, binne ûngewoan trochdat se DNA fan 'e iisbear (Ursus maritimus) yn har hawwe. Dat is, nei't men oannimme mei, ôfkomstich fan in populaasje iisbearen dy't oan 'e ein fan 'e lêste iistiid op 'e eilannen isolearre rekke en him dêr neitiid mei de pleatslike brune bearen fermong troch natuerlike hybridisearring. De populaasjes brune bearen op 'e Aleksanderarsjipel steane lykwols, troch de aktiviteiten fan omswalkjende mantsjes, al milennia lang yn kontakt mei populaasjes op it fêstelân dy't gjin iisbear-DNA hawwe, en dêrtroch bestiet har eigen ôfstamming no foar mear as 90% út brune bearen.

Ek tsjintwurdich komme, hiel selden, noch natuerlike krusings fan brune bearen en iisbearen foar, dy't grizzly-iisbearen neamd wurde. Yn 2006 waard soks wittenskiplik dokumintearre doe't in apart útsjende bear, dy't troch in jager yn noardlik Kanada sketten wie, DNA fan sawol de brune bear as de iisbear bliek te hawwen. Sûnt is datselde by noch sân oare eksimplaren fêststeld. Allegearre stamje dy bisten ôf fan ien inkele iisbearinne. Foàr 2006 wie sa'n krusing inkeld bekend fan bisten dy't yn finzenskip yn dieretunen holden waarden. It hat bliken dien dat ek krusings fan 'e brune bear mei de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) foarkomme, hoewol't dy noch seldsumer lykje te wêzen as krusings mei iisbearen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brune bear is in soarte mei in Holarktyske fersprieding, wat betsjut dat dit bist lânseigen is yn grutte dielen fan Jeraazje en Noard-Amearika.

Jeraazje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutste oaniensletten diel fan it ferspriedingsgebiet fan 'e brune bear rint fan sintraal en noardlik Skandinaavje fia Finlân, Estlân, it Kolaskiereilân en Kareelje troch noardlik Wyt-Ruslân en de noardlike en sintrale dielen fan Jeropeesk-Ruslân oer de Oeral en hielendal troch Sibearje oant en mei it Tsjûkotkaskiereilân en it Kamtsjatkaskiereilân oan 'e kust fan 'e Beringsee. Yn it noarden falt inkeld it uterste noarden fan Jeropeesk-Ruslân en Sibearje derbûten, wylst it gebiet yn it suden de noardlike helte fan Kazachstan omfiemet, noardlik Mongoalje, de Transbaikal, it Amoerlân, it Kustterritoarium, it noardeasten fan it Koreaansk Skiereilân, en it noarden en easten fan Mantsjoerije yn it noardeasten fan Sina. Om 'e See fan Ochotsk hinne komme brune bearen ek foar op 'e Koerilen, Sachalin en it Japanske eilân Hokkaido.
In súdlike útrinner fan itselde oaniensletten ferspriedingsgebiet rint fan it Altaiberchtme yn súdlik Sibearje en noardeastlik Kazachstan nei it suden ta yn it easten fan Kazachstan en it oangrinzgjende Sinkiang-Oeigoerje en súdwestlik Mongoalje. Fia it Tjensjanberchtme yn Kirgyzje, it Pamirberchtme yn Tadzjikistan en de Hindoe Kûsj yn noardlikeastlik Afganistan slút it oan op 'e fersprieding yn 'e Himalaya en op it Tibetaansk Plato, dy't hielendal oant sintraal Sina trochrint.

Yn it Midden-Easten is de fersprieding diskontinu en fragmintarysk, mei isolearre populaasjes yn 'e Kopet Dag op 'e grins fan Iraan mei Turkmenistan, by de súdkust fan 'e Kaspyske See lâns troch noardlik Iraan, yn it Sagrosberchtme fan súdwestlik Iraan, en yn 'e bergen fan Koerdistan yn noardwestlik Iraan, noardeastlik Irak en súdeastlik Turkije. Yn 'e Kaukazyske regio binne der populaasjes yn sawol de Grutte Kaukasus oan 'e súdgrins fan Ruslân as de Lytse Kaukasus yn Georgje, Armeenje en Azerbeidzjan. Lyts-Aazje telt ferskate isolearre populaasjes.
Yn Jeropa is de sitewaasje noch sterker fragmintearre, mei lytse isolearre populaasjes yn dielen fan Letlân, Litouwen, súdlik Wyt-Ruslân en de noardlike Oekraïne. Gruttere populaasjes komme foar yn it Pindusberchtme fan noardwestlik Grikelân en it oangrinzgjende berchlân fan eastlik Albaanje en westlik en súdlik Masedoanje; it Rhodopeberchtme fan noardeastlik Grikelân en súdwestlik Bulgarije; it Balkanberchtme (of de Stara Planina) fan sintraal Bulgarije; de Dinaryske Alpen fan Montenegro fia Bosnje-Hertsegovina en Kroaasje oant Sloveenje; de Karpaten fan sintraal Roemeenje fia de westlike Oekraïne oant it súdeasten fan Poalen; de Hege Tatra op 'e grins fan Poalen mei Slowakije; en de eastlike Alpen yn noardeastlik Itaalje, noardlik Sloveenje en súdlik Eastenryk. Op it Apenynsk Skiereilân yn súdlik Itaalje bestiet in lytse populaasje yn 'e regio's Abruzzen, Latium en Molise. De westlikste populaasjes brune bearen libje yn 'e Pyreneeën op 'e grins fan Frankryk en Spanje en yn 'e Picos de Europa en it Kantabrysk Berchtme fan noardlik en noardwestlik Spanje.

Yn 'e prehistoarje besloech it areaal fan 'e brune bear yn Jeropa it hiele kontinint, de eilannen Grut-Brittanje, Ierlân en Sisylje ynbegrepen. Yn Aazje rûn de súdgrins fan it ferspriedingsgebiet yn dy dagen fan 'e kust fan 'e Middellânske See yn wat no súdlik Israel is fia de Fruchtbere Healmoanne nei de kust fan 'e Perzyske Golf yn Iraan, en dêrwei nei de westlike Himalaya. Fan 'e eastlike Himalaya ôf rûn de súdgrins yn eastlik Sina nei de kust fan 'e Eastsineeske See. Ek it Japanske haadeilân Honsjû hearde doedestiden ta it areaal fan 'e brune bear.
Afrika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brune bearen kamen oarspronklik ek foar yn 'e Magrebregio fan Noard-Afrika, dêr't se lânseigen wiene yn it Atlasberchtme fan noardlik en eastlik Marokko en noardlik Algerije. De fersprieding rûn dêr oant yn Tuneezje en Tripolitaanje ta. De brune bear wie de iennichste bearesoarte dy't yn Afrika foarkaam. De Afrikaanske ûndersoarte, de Atlasbear (Ursus arctos crowtheri), waard lykwols yn 1870 útrûge troch oerbejaging.

Noard-Amearika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Noard-Amearika beslacht it hjoeddeistige ferspriedingsgebiet fan 'e brune bear it hiele fêstelân fan 'e Amerikaanske steat Alaska, mei dêropta de eastlikste eilannen fan 'e Aleoeten, de Kodiakarsjipel en de Aleksanderarsjipel. Fierders komt er yn Kanada noch foar yn 'e Yukon en de Noardwestlike Territoaria, yn it westen en suden fan it fêstelân fan Nûnavût, yn hiel Britsk-Kolumbia útsein de Keninginne Sjarlotte-eilannen, Vancouvereilân en it súdlike fêstelân, yn 'e Rocky Mountains fan Alberta, en yn it uterste noarden fan Saskatchewan en Manitoba. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten komt de brune bear inkeld foar yn it noardwesten fan Montana en yn it Nasjonaal Park Yellowstone yn noardwestlik Wyoming.
Yn 'e histoaryske perioade (fan likernôch 1500 ôf) wie de fersprieding fan 'e brune bear yn Noard-Amearika folle grutter. Doe kaam dizze soarte foar yn frijwol de hiele westlike helte fan it kontinint, fan 'e kust fan 'e Beaufortsee yn it noarden oant en mei de noardlike helte fan it Heechlân fan Meksiko en de Westlike Sierra Madre yn Meksiko. Inkeld op it Kalifornysk Skiereilân ûntbriek er. De eastgrins fan 'e fersprieding rûn doe mei in bolle bocht oer de Grutte Flakten fan Laredo yn súdlik Teksas fia Kansas City yn westlik Missoery nei de Athabascamar yn noardwestlik Saskatchewan, en dêrwei yn eastlike rjochting nei de kust fan 'e Hudsonbaai. Folle fierder nei it easten ta bestie oant healwei de tweintichste iuw in isolearre populaasje op it Ungavaskiereilân fan noardlik Kebek en noardlik Labrador.
Dy populaasje en fossilen fan brune bearen dy't oantroffen binne by opgravings yn Ontario, Ohio en Kentucky wize derop dat it ferspriedingsgebiet fan 'e brune bear yn 'e prehistoarje noch helte grutte wie en yn elts gefal ek de krite fan 'e Grutte Marren en it noardeasten fan Noard-Amearika omjûn hawwe moat.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brune bear is fan alle libbene soarten bearen it meast fariabel wat lichemsgrutte en gewicht oanbelanget. De kop-romplingte bedraacht 140–280 sm, mei in sturtlingte fan 6–22 sm en in gewicht fan 80–600 kg. It trochsneed gewicht foar mantsjes leit op 217 kg, wylst bearinnen trochinoar 152 kg weagje. De skofthichte fan in brune bear is 70–153 sm. Grutte en gewicht ferskille troch seksuele dimorfy, mei't folwoeksen mantsjes wol twaris sa grut wêze kinne as folwoeksen wyfkes. Mar ek de populaasje dêr't it eksimplaar ta heart, spilet mei, om't yndividuën út populaasjes dy't oan 'e kust libje ornaris grutter en swierder binne as eksimplaren út ynlânske populaasjes. Fierders binne guon ûndersoarten grutter as oaren. Ta ein beslút is ek de jiertiid fan belang, mei't bearen oan 'e ein fan har wintersliep útmergele binne en dêrom folle lichter as letter yn it jier.
It lytste fan allegearre binne wyfkes út ynlânske populaasjes by 't maityd. Dy komme wat lichemsgrutte en gewicht oangiet rûchwei oerien mei de lytste libbene bearesoarte, de huningbear (Helarctos malayanus). Wyfkes fan ynlânske populaasjes weagje yn trochsneed lykwols 135 kg, wylst it gewicht fan mantsjes út dy populaasjes ornaris omtrint 180 kg bedraacht. It grutste fan allegearre binne mantsjes út populaasjes oan 'e kust hjerstmis. Dy komme kwa grutte en gewicht oerien mei de grutste libbene bearesoarte, de iisbear (Ursus maritimus). De grutste ûndersoarte fan 'e brune bear is de Kodiakbear (Ursus arctos middendorffi) fan 'e Kodiakarsjipel yn Alaska, dy't in foarbyld fan eilânreuzegroei is. Grutte mantsjes fan dy ûndersoarte kinne in kop-romplingte fan mear as 3 m hawwe en in gewicht fan boppe de 1.000 kg. As er op 'e efterpoaten stean giet, is in grutte Kodiakbear langer as 3 m.

De brune bear hat in brede, rûnige kop mei in, yn ferhâlding, frij koarte snút. De noas is swart en de rooksin is tige skerp. De kaken binne sterk, mei grutte hoektosken en snijtosken. De eagen sitte oan 'e foarkant fan 'e kop, sadat de bear in binokulêr gesichtsfermogen hat dat him djiptepersepsje jout. De earen binne koart en rûn en swierbehierre. De brune bear is de iennichste libbene bearesoarte dy't in soartemint bochel tusken de skouders hat, dy't alhiel bestiet út spieren. De poaten fan 'e brune bear binne oergrut yn ferhâlding ta syn lichem. De efterpoat mjit 21–36 sm en de foarpoat 12,6–21,6 sm. Sawol oan 'e foarpoaten as oan 'e efterpoaten sitte 5 teannen, dy't allegearre tarist binne mei reuseftige klauwen. Dy kinne in lingte berikke fan 7–10 sm, wêrmei't se langer binne as de finger fan in folwoeksen minske. Om't se net ynlûkber binne, slite se oanhâldend ôf en binne se net botte skerp. Nettsjinsteande dat kinne se dochs grutte skea oanrjochtsje troch de krêft wêrmei't in brune bear om him hinne feecht. Troch har grutte gewicht kinne brune bearen net yn beammen klimme, sa't bgl. de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) wol kin.
De pels fan brune bearen is oer it algemien brún (dêrfandinne de namme), mar de krekte tint kin útinoar rinne fan dûnkerbrún tsjin it swarte oan, oant sa ljochtbrún dat it hast bêzje of krêm is. Ek fariëarret de kleur nei lichemsdiel, mei't de kop oer it algemien wat ljochter kleure is as de romp, wylst de poaten just dûnkerder kleure binne. Grizzlybearen wurde sa neamd om har pels op 'e rêch by de basis fan 'e hierren dûnkerbrún oant swart is, mar oan 'e útein krêmkleurich oant wyt, sadat der in puntbûnt patroan ûntstiet dat yn it Ingelsk grizzled neamd wurdt. Yn Súd-Aazje binne brune bearen faak readbrún mei hier dat oan 'e úteinen griis is. Yn Sina binne se twakleurich: brún op 'e kop, rêch, siden, bealch en poaten, en gielbrún oant krêm op 'e hals, yn 'e nekke, op it boarst en op 'e skouders. De winterpels fan in brune bear is tige ticht en lang, yn 't bysûnder yn 'e noardlike ûndersoarten, en kin op 'e skoften wol 11–12 sm wurde. De simmerpels is folle koarter en iepener.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brune bearen bewenje in grut ferskaat oan biotopen, grutter as lykfol hokker oare libbene bearesoarte ek. Sa komme se foar yn wâlden, wêrûnder sawol leafwâlden, mingde wâlden as nullewâlden, mar ek yn healiepen savannegebieten, op flakten en steppes, yn woastinen en healwoastinen en yn berchtmen. Yn 'e Himalaya libje brune bearen oant in hichte fan 5.000 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aktiviteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brune bearen binne oer it algemien deidieren, mei hichtepunten yn 'e aktiviteit yn 'e krepuskulêre perioaden (moarnsdage en jûnsskimer) en yn 'e moarn. Mar op plakken dêr't se oerdeis yn kontakt komme kinne mei minsken, passe se har hâlden en dragen gauris oan om nachts aktyf te wêzen. Fan 'e maityd oant de hjerst binne brune bearen hast folslein besteld mei iten yn tarieding foar de kommende winter. Yn dy perioade krije se der oant wol 180 kg fet by, dat ûnderhûdsk opslein wurdt. Wannear't it kâlder wurdt en de dagen koartsje, wurde brune bearen slûch en têd, en sykje se in gaadlik plak op om in wintersliep te hâlden. Dat kin in grot wêze, mar ek in grutte rotsspjalt, in holte tusken beamwoartels of in grutte holle beam. By harren wintersliep giet it net om in echte, djippe torpor dêr't bisten mar amperoan út wekker te krijen binne. Brune bearen sliepe net djip en wurde geregeldwei eefkes wekker, mar jouwe har wer del. Wannear't se by 't maityd wer foar't ljocht komme, binne se útmergele en is har heechste prioriteit om iten yn te slaan.

Fuortbeweging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brune bear liket in loch, stadich bist, mar dat is gesichtsbedroch feroarsake troch syn grutte en waggeljende manear fan fuortbewegen. As se folút drave kinne brune bearen in maksimumfaasje fan 56–64 km/h berikke. Dêrmei kinne se in hynder (maksimumfaasje: 71 km/h) suver belykje en helje se in minske sûnder swierrichheden by. Hoewol't de brune bear oer it algemien op fjouwer poaten rint, kin er him, lykas alle bearen, op 'e efterpoaten oprjochtsje en ferskate stappen op twa poaten dwaan. De motivaasje dêrfoar is ornaris nijsgjirrigens of wachens (om fierder sjen te kinnen), nei wat nuvers, in proai of in mooglike bedriging.
Kommunikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brune bearen kommunisearje sawol mei lichemshâldings en gesichtsútdrukkings as mei fokalisearrings. By de brune bear hinget de bek faak wat iepen as er him kalm en ûntspand fielt. As er boartsje wol, docht er de bek hielendal iepen en lit er de tosken sjen, mar hâldt er de earen rjochtop. By agresje lit er ek de tosken sjen, mar lizze de earen plat op 'e kop. Bearen meitsje in hfff-lûd as se yn spanning sitte en in wûfff-lûd as se skrikke of bang binne. Grânzgjen en brullen wurdt inkeld dien as utering fan agresje. It grânzgjen fan bearen is hurd en kielich en fariëarret fan in ienfâldich grrr oant in djip rommeljend grânzgjen dat op 2 km ôfstân te hearren is. Welpen hâlde kontakt mei harren mem troch wô! wô! te roppen.
Yntelliginsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De harsens fan 'e brune bear binne guon fan 'e grutsten fan alle rôfdieren, rekkene nei ferhâlding ta it lichem. Dat fertaalt him yn in grutte yntelliginsje. Sa brûke brune bearen soms ark om har doel te berikken. Ek binne der gefallen bekend wêrby't brune bearen minsklike jagers te fluch ôf wiene troch yn 'e snie in falsk spoar oan te lizzen om dêrnei yn har eigen spoaren efterút werom te rinnen.
Omgong mei soartgenoaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brune bearen libje solitêr, útsein wat bearinnen mei jongen oangiet. Wol kin it wêze dat in groep brune bearen gearkloftet by in itensboarne, lykas in rivier fol salmen of in dwinger dêr't ytber minsklik ôffal dumpt is. Yn sokke gefallen wurde der dominânsjehierargyen foarme op basis fan leeftyd en lichemsgrutte. Fral mantsjes kinne tige agressyf wêze, en wyfkes en teffens healwoeksen en jongere mantsjes rinne yn 'e regel mei in bocht om harren hinne. Wyfkes binne oer it algemien folle minder agressyf, útsein as se welpen hawwe om te ferdigenjen; dan kinne se noch agressiver út 'e hoeke komme as mantsjes, sawol tsjin oare bearen as tsjin oarsoartige bedrigings, lykas minsklike kuierders. Jonge mantsjes binne it minst agressyf nei oare bearen ta en kinne sels min of te mear freonlike ynteraksjes hawwe mei soartgenoaten fan itselde geslacht.
| Printen fan 'e foarpoat (l.) en efterpoat (rj.) fan in brune bear. | |
Dominânsje mank brune bearen wurdt ornaris fêststeld troch driichgedrach. De dominante bear stiet rjocht foar syn rivaal oer, lûkt syn lippen op, lit syn tosken sjen en rekt syn hals út, wylst de ûnderdienige bear in kwartslach makket en syn sydkant sjen lit, wylst er de kop nei de grûn sakje lit. Soms giet er ek sitten of lizzen. As twa mantsjes, dy't oan inoar weage binne kwa leeftyd en grutte, net fan wiken witte wolle, folget der in gefjocht, wêrby't se mei de foarpoaten nei inoars boarst of skouders huffe en inoar yn 'e kop of de nekke besykje te biten. Sokke konfrontaasjes duorje yn 'e regel mar koart ear't ien fan 'e partijen de ôftocht blaast. By gefjochten giet it hast altyd om twa mantsjes dy't it tsjinoar opnimme. Wyfkes geane inoar ornaris út 'e wei. Gefjochten tusken mantsjes en wyfkes komme allinnich foar as in mantsje in wyfke mei jongen yn it nau driuwt. Hoewol't it mantsje yn it foardiel is troch syn grutte en en gewicht, kin in bearinne mei jongen sa fûleindich út 'e hoeke komme dat mantsjes der gauris foar tebekwike.
Territoaria
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brune bearen fêstigje territoaria dy't yn 'e regel ûnbidige grut wêze kinne. Mar se binne net botte territoriaal, yn 'e sin dat se oare bearen fan har gerjochtichheid hâlde wolle. Beareterritoaria oerlaapje inoar sadwaande yn hege mjitte, en folwoeksen brune bearen doarmje frij om troch deselde krite sûnder dat soks ta agressive konfrontaasjes liedt. Utsûnderings binne sitewaasjes wêrby't ferskate bearen om deselde itensboarne fjochtsje, en wannear't mantsjes slaande deilis reitsje oer it rjocht om mei in rûzich wyfke te pearjen. Nettsjinsteande it feit dat se gjin territoaria hawwe dy't se tsjin soartgenoaten ferdigenje, lykje mantsjes wol in 'persoanlike romte' yn har direkte om-en-by te hawwen, wêryn't oare bearen net wolkom binne.
De territoaria fan mantsjes binne altyd folle grutter as dy fan wyfkes. It omdoarmjen fan mantsjes jout harren tagong ta mear wyfkes en mear itensboarnen, mar it honkfêstere hâlden en dragen fan wyfkes soarget derfoar dat sy in folle lytsere kâns hawwe om mantsjes tsjin te kommen dy't net de heit fan harren welpen binne en dêrom de welpkes tenei komme wolle. Oan 'e kust fan Alaska, dêr't fretten by 't folop is, beslane de territoaria fan wyfkes maksimaal 24 km² en dy fan mantsjes maksimaal 89 km². Yn Britsk-Kolumbia lizze dy sifers op 115 km², resp. 318 km², yn it Nasjonaal Park Yellowstone yn Wyoming op 281 km², resp. 874 km², en yn 'e Kanadeeske Arktis, dêr't it iten krap is, op 2.434 km², resp. 8.174 km². Yn Jeropa mjit it grutste territoarium fan in mantsje, yn 'e Roemeenske Karpaten, 3.143 km².

Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De peartiid falt foar de brune bear fan mids maaie oant begjin july, hoewol't dat opskoot nei wat letter yn it jier wat noardliker de oanbelangjende bear libbet. Froulike brune bearen wurde ienris yn 'e 2,4–5,7 jier rûzich en advertearje dat feit troch rookflaggen fan urine efter te litten. Mantsjes komme dêr op ôf, wêrby't domintante mantsjes healwoeksen en minder dominante rivalen ferdriuwe. De pearing kin by de brune bear wol 20 minuten duorje. In mantsje en in wyfke bliuwe in pear dagen oant soms in pear wiken byinoar, en pearje yn dat skoft ferskate kearen. Mantsjes besykje yn 'e peartiid mei safolle mooglik wyfkes te pearjen, en ek wyfkes binne promisku en pearje, wylst se rûzich binne, mei trije of fjouwer oant yn útsûnderlike gefallen wol acht ûnderskate mantsjes.
Bûten de peartiid om toane brune bearen alhiel gjin seksuele belangstelling foarinoar. Dat betsjut dat wannear't de perioade fan rûzigens fan in wyfke oer is, mantsjes gjin belangstelling mear foar har hawwe en har eigen wegen wer geane. Mantsjes hawwe sadwaande fierders neat út te stean mei it fuortplantingsproses. Troch it proses fan ferlingde draachtiid dobberet in befruchte aaisel wol in healjier frij yn it limoer om. Under de wintersliep fan 'e bearinne nêstelet de aaisel him yn 'e limoerwand. Fan dat stuit ôf duorret de eigentlike draachtiid 56 dagen. Wannear't de bearinne net genôch oankommen is om 'e wintersliep troch te kommen en ek noch drachtich te wêzen, fynt der gjin nêsteling yn 'e limoerwand plak, mar wurdt de befruchte aaisel ynstee wer opnommen yn har lichem.

Brune bearinnen smite oer it algemien 1–3 welpen, ôfhinklik fan faktoaren as de beskikberens fan iten en de geografyske lokaasje. Yn tige útsûnderlike gefallen kin it tal welpkes oprinne ta maksimaal 6. Wat âlder en grutter de bearinne, wat mear welpen se smyt. De welpen komme te wrâld wylst harren mem har wintersliep hâldt en binne by de berte blyn, keal en toskleas, mei in gewicht fan 350–510 g. Wylst de mem trochsliept, fine de welpen har spiennen en begjinne by har te drinken. Nei't de bearinne út 'e wintersliep wekker wurden is, nimt se har welpen mei op sleeptou. Tsjin dy tiid kinne se sjen en rinne en binne har pels en molkegebit yngroeid. Soms komt it foar dat bearinnen ferdwaalde of ferweesde welpen fan oare bearinnen oannimme of sels welpen fan oare bearinnen ûntfiere. Tsjin 'e ein fan 'e maityd of it begjin fan 'e simmer wurde de welpen ôfwûn. Se weagje dan 7–9 kg en hawwe har fier genôch ûntjûn om ûnder tafersjoch fan 'e mem sels foerazjearje te kinnen.
De welpen bliuwe foar beskerming noch lange tiid folslein fan 'e mem ôfhinklik, dat der ûntstiet in nauwe bân. By de brune bear komt ynfantiside foar, it deadzjen fan jongen fan 'e eigen soarte. Yn 'e regel wurdt dat dien troch mantsjes dy't besykje de mem fan 'e jongen wer tyldriftich te krijen, wat inkeld barre kin as se gjin jongen mear hat om te fersoargjen. Bearinnen mei jongen binne sadwaande tige hoeden yn 'e neite fan mantsjes. Mei't welpen noch net sa swier binne dat se net mear klimme kinne, sykje se by it neieroankommen fan in mantsje faak in feilich hinnekommen yn in beam. De bearinne lit har welpen nea yn 'e steek en giet sa nedich it gefjocht oan mei in mantsje dat wol twaris sa grut wêze kin as sysels. Mei't der gjin fûleindiger wêzen is as in bearinne dy't har welpen ferdigenet, blaze mantsjes yn sa'n sitewaasje poer út selsbehâld gauris de ôftocht. Mar it komt ek foar dat de bearinne troch in agressyf mantsje deade wurdt.

De welpen leare fan 'e mem (ynstee dat it in oanberne ynstinkt is) ferskate oerlibbingstechniken, lykas hokfoar fretten de heechste fiedingswearde hat, wêr't sok fretten fûn wurde kin, hoe't fisken fongen wurde moatte en hoe't se harsels ferdigenje moatte. Dat learproses fynt plak trochdat de welpen harren mem folgje en neibeare. Yn Noard-Amearika bliuwe welpen 11/2–41/2 jier by de mem, mei in gemiddelde fan 21/2 jier. Yn Jeraazje wie de langste perioade dat welpen by de mem bleaune 21/3 jier. Op Hokkaido wiene de measte welpen al mei 2 jier selsstannich en yn Sweden giene se ornaris mei 1 jier al har eigen wegen. Wyfkes binne yn 'e regel mei 4–8 jier geslachtsryp en mantsjes mei 5–9 jier. Bearinnen binne op har fruchtberst oant se 20 jier binne, mar party nimme yn it wyld oan 'e fuortplanting diel oant se 28 jier binne. De trochsneed libbensferwachting foar eksimplaren fan beide geslachten yn populaasjes mei minimale bejaging bedraacht likernôch 25 jier. De âldste dokumintearre brune bear yn it wyld is krapoan 37 jier wurden. Yn finzenskip is de âldste brune bearinne 40 jier wurden, wylst de âldste mantsjes 47 jier wurden binne.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brune bear is in omnivoar en in opportunist, dy't in grutter ferskaat oan fretten op it menu stean hat as lykfol hokker oare bearesoarte. Nettsjinsteande har ûnfertsjinne reputaasje binne de measte brune bearen net grutte karnivoaren, mei't 90% fan harren fretten út plantaardich materiaal bestiet. Sa frette se gers, siggen, moas, knoppen, blommen, plantewoartels, knollen, bollen, beien, nuten lykas ikels en dinne-apels. De ûndergrûnske dielen fan planten grave bearen op mei har ûnbidige foarpoaten, dy't skeppen allyk binne. Ek lânbougewaaksen meie bearen graach, lykas stynske weet, koarn, weet, gierst en meloen. Dêrnjonken beplúzje se ek poddestuollen.
Wat dierlik materiaal oangiet, meitsje wringeleazen it grutste part fan it dieet út. Brune bearen frette nammentlik in protte ynsekten en harren larven. Fral bijenêsten beskôgje se as in lekkernij fanwegen de hunich dy't dêryn opslein sit. Yn it Nasjonaal Park Yellowstone fretten brune bearen by 't simmer in ûnbidige hoemannichte motflinters. Ien bear kin dêr bytiden op ien dei mear as 40.000 legerierdrûpen (Euxoa auxiliaris) behimmelje en dêrmei de helte fan syn enerzy út dat lytse wrimelt helje. Foar populaasjes dy't oan 'e kust libje, steane ek krabben en skulpdieren lykas moksels en oesters op it menu. Bearen piele de skulpen sûnder swierrichheden iepen mei harren lange klauwen. Yn Alaska grave brune bearen oan 'e kust geregeldwei nei moksels en oare skulpdieren dy't ûnder it sân ferskûle lizze.

Brune bearen frette ek graach fûgelaaien en fûgelpiken, mar allinnich fan op 'e grûn briedende soarten, mei't nêsten yn beammen foar harren ûnberikber binne. It menu wurdt oanfolle mei folwoeksen fûgels en mei lytse sûchdieren, lykas marmotten (Marmota spp.), grûniikhoarntsjes (Spermophilus spp.), goffers (Geomyidae spp.), mûzen en rotten (Muridae spp.), lemmings (Lemmus spp.) en fjildmûzen (Microtus spp.). Yn it Nasjonaal Park Denali yn Alaska, bygelyks, wachtsje brune bearen yn 't bysûnder geregeldwei by de útgongen fan 'e hoalen fan it poalgrûniikhoarntsje (Urocitellus parryi) om sa'n 750 g weagjend kjifdier te gripen as er him bûtendoar bejout.
Oan 'e kust fan Kamtsjatka en Alaska frette brune bearen ek in hiel soad salm, dy't simmerdeis út 'e see wei de rivieren opswimt om yn 'e bopperin te ridzjen. It fleis en it kût fan 'e salm binne ekstreem ryk oan fiedingsstoffen, wat de grutte lichemsomfang fan 'e brune bearen yn 'e neamde kontreien ferklearret. Brune bearen kloftsje gauris gear om wetterfallen hinne, dêr't de salmen út it wetter wei omheech springe moatte om fierder te kinnen. De bearen gripe se dan út 'e loft wei, slane se mei in grutte poat fansiden, de wâl op, of heine se fuortendaliks yn 'e bek. Ek wâdzje se wol yn ûndjip wetter om en besykje dan mei de foarpoaten swimmende salmen te fangen. Yn it heechseizoen, wannear't it al 'en duvel salmen is, frette de bearen inkeld de meast streksume dielen fan 'e fisken op: de kop mei de harsens en it kût. De rest litte se lizze as traktaasje foar iesiters lykas de wolf (Canis lupus), de prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes), de Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus), de stellersee-earn (Haliaeetus pelagicus) (yn Kamtsjatka), de raven (Corvus corax) en miuwen (Larus spp.).

Sels yn Alaska binne de measte brune bearen, ôfsjoen fan it jierlikse salmfiskjen, net bot aktive rôfdieren. Hoewol't se opportunistysk genôch binne om der in goai nei te dwaan as in mooglike proai ticht genôch by komt, brekt harren gebrek oan oefening har faak op. Se begjinne de jacht healhertich en knoffelich en yn 'e mearderheid fan 'e gefallen wit de proai te ûntkommen. Der binne wol bearen dy't gauris op gruttere proaidieren jeie, benammen yn 'e populaasjes dy't mear yn it binnenlân libje. Sokken hawwe dat nei alle gedachten as welp al fan har mem leard. As bearen wolle, kinne se sadwaande wol deeglik effisjint jacht meitsje op grutte evenhoevigen lykas de wapity (Cervus canadensis), it reahart (Cervus elaphus), de eland (Alces alces), it rindier (Rangifer tarandus), de muskusokse (Ovibos moschatus), it everswyn (Sus scrofa) en, hiel selden, de Amerikaanske bizon (Bison bison). Wannear't bearen it op sokke bisten foarsjoen hawwe, rjochtsje se har ornaris op jongen of sike of ferwûne eksimplaren.
Natuerlike fijannen en konkurrinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brune bear is in toprôfdier dat frijwol gjin natuerlike fijannen hat, útsein de Sibearyske tiger (Panthera tigris altaica) yn eastlik Mantsjoerije en it Kustterritoarium fan it Russyske Fiere Easten. Nei it belúnjen fan 'e regionale populaasjes fan evenhoevigen, mids tweintichste iuw, begûnen Sibearyske tigers by wize fan ferfangende proai de bearen yn har ferspriedingsgebiet te bejeien, sawol de brune bear as de Aziatyske swarte bear (Ursus thibetanus). Mar om't dat lêste bist ûntsnappe koe troch yn in beam te klimmen, waarden fral brune bearen oanfallen. Sokke bearen binne ornaris welpen en healwoeksen eksimplaren of lytse wyfkes, faak as se koart nei de ein fan 'e wintersliep noch traach en slûch binne.

Foar de rest dominearje brune bearen alle oare rôfdieren yn harren ferspriedingsgebiet, wêrûnder de wolf (Canis lupus), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de Aziatyske swarte bear (Ursus thibetanus), de poema (Puma concolor), it Amoerloaihoars (Panthera pardus orientalis), de Jeraziaytske lynks (Lynx lynx), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de prêrjewolf (Canis latrans), de goudjakhals (Canis aureus) en de foks (Vulpes vulpes). Yn Noard-Amearika eigenje brune bearen har troch kleptoparasitisme geregeldwei proaien ta fan oare rôfdieren, lykas de wolf of de poema. Oarspronklik kamen de brune bear en de iisbear (Ursus maritimus) inoar net tsjin, mar sûnt it begjin fan 'e ienentweintichste iuw kringe brune bearen troch klimaatferoaring almar mear op yn noardlike rjochting nei it ferspriedingsgebiet fan 'e iisbear. Hoewol't de iisbear grutter is, winne brune bearen it oer it algemien yn it gefal fan in gewelddiedige konfrontaasje tusken beide bisten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brune bear hat de IUCN-status fan "net bedrige". Hoewol't it ferspriedingsgebiet as gehiel de lêste iuwen gâns ynkrompen is en beskate populaasjes útstoarn binne, is it oerbleaune areaal noch ûnbidige grut en leit de wrâldpopulaasje stabyl op likernôch 200.000 eksimplaren.
Dêrfan libje 130.000 yn 'e Russyske Federaasje, 30.000 yn Alaska, 25.000 yn Kanada, 5.400 yn Turkije, 2.000–3.000 yn Japan, 2.500 yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en 1.000 yn Sina. Yn Jeropa (Ruslân net meirekkene) libben yn 2010 14.000 brune bearen, wêrfan 5.000–6.000 yn Roemeenje, 2.800 yn Sweden, 2.100 yn Finlân, 900–1.200 yn Bulgarije, 600–800 yn Slowakije, 700 yn Estlân, 500–700 yn Sloveenje, 450–500 yn Grikelân, 170 yn Noarwegen en 60 yn Itaalje. De westlikste Jeropeeske populaasjes binne tige lyts, mei 20-25 brune bearen yn 'e Pyreneeën en 210 bearen yn it Kantabrysk Berchtme fan noardlik Spanje.

Dat der wrâldwiid noch safolle brune bearen binne, wol net sizze dat it ek goed giet mei alle ûndersoarten. De Atlasbear (Ursus arctos crowtheri) fan Noard-Afrika waard yn 1870 troch de minske útrûge, de Kalifornyske brune bear (U. a. californicus) yn 1924, de isolearre populaasje grizzlybearen op it Ungavaskiereilân om 1950 hinne en de Meksikaanske brune bear (U. a. nelsoni) yn 1962.
De Syryske brune bear (U. a. syriacus) is tige seldsum en komt noch mar foar yn likernôch de helte fan syn oarspronklike ferspriedingsgebiet. De Himalayabear (U. a. isabellinus) is krityk bedrige en beset noch mar 2% fan syn eardere areaal, mei't er it slachtoffer wurden is fan ûnbehearske oerbejaging. Fan 'e Apenynske brune bear út Itaalje, dy't no sjoen wurdt as in isolearre populaasje fan 'e Jeraziatyske brune bear (U. a. arctos), libje noch mar likernôch 50 eksimplaren. Fan 'e Gobybear (U. a. gobiensis) út 'e Gobywoastyn, wêrfan't ûndersoartlike status omstriden is, binne nei skatting noch ma 35 eksimplaren oer.
De lytste populaasjes hawwe te lijen ûnder habitatferlies en habitatfragmintearring, wylst foar gruttere populaasjes faak oerbejaging in probleem is. Oars as in protte lytsere bisten kinne brune bearen har min oanpasse oan it libben yn kultuerlânskippen, dat it yn gebrûk nimmen fan wyldernis foar lânbou hat in negatyf effekt op harren. En spoarlinen troch wyldernisgebieten soargje foar in protte bearen dy't troch foarbyrazende treinen skept wurde. Streuperij is benammen yn Sina en Súd-Aazje in grut probleem, dêr't bearen sketten wurde foar har galblaas, mei't har galle neffens de tradisjonele Sineeske genêskunde in genêskrêftige wurking hawwe soe (wat net sa is). Yn Jeropa, Nepal en de legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten wurde brune bearen ek wol ôfsketten om't se yn konflikt komme mei feehâlders. Yn Sintraal-Aazje wurde brune bearen bedrige troch klimaatferoaring.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De taksonomy fan 'e brune bear en de yndieling fan dizze soarte yn ûndersoarten is wol omskreaun as "tige útdaagjend en betiizjend". It komt mar selden foar dat twa ûnderskate autoriteiten deselde ûndersoarten opneame. Yn 'e rin fan goed twa en in heale iuw, sûnt Linnaeus yn 1758 de brune bear foar it earst wittenskiplik beskreau, binne der wol 90 ferskillende ûndersoarten foarsteld. Neffens de 'tradisjonele' yndieling, dy't oant de ein fan 'e 2000-er jierren frij rûnom akseptearre waard, soene der yn elts gefal 15 libbene of resint útstoarne ûndersoarten fan 'e brune bear (Ursus arctos) wêze. Yn Jeraazje gie it dêrby om:
- de Eastsibearyske brune bear (U. a. collaris Cuvier, 1824) (Sibearje fan 'e Jenisej oant it Tsjûkotkaskiereilân, noardlik Mongoalje, noardlik Sinkiang-Oeigoerje en noardeastlik Kazachstan)
- de Himalayabear (U. a. isabellinus Horsfield, 1826) (de Himalaya fan noardlik Pakistan fia Kasjmier, noardwestlik Yndia, noardlik Nepal, Sikkim en noardlik Bûtan oant yn noardeastlik Yndia)
- de Jeraziatyske brune bear (U. a. arctos Linnaeus, 1758) (de nominaat; Jeropa, noardwestlik Kazachstan en westlik Sibearje oan 'e rivier de Jenisej en de provinsje Novosibirsk ta)
- de Kamtsjatkaanske brune bear (U. a. beringianus Middendorff, 1851) (it Kamtsjatkaskiereilân, de kust fan 'e See fan Ochotsk oant de Sjantareilannen, en Paramûsjir yn 'e Koerilen)
- de Oessoerybear of swarte grizzlybear (U. a. lasiotus Gray, 1867) (it Kustterritoarium fan it Russyske Fiere Easten, Sachalin, de súdlike Koerilen, Hokkaido, noardlik en eastlik Mantsjoerije en it Koreaansk Skiereilân, no útstoarn yn Súd-Koreä)
- de Syryske brune bear (U. a. syriacus Hemprich & Ehrenberg, 1828) (de Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten, hoewol no nei alle gedachten útstoarn yn Israel, Palestina, Libanon en Syrje, fierders: Lyts-Aazje, Transkaukaazje, Iraan, súdlik en eastlik Turkmenistan, westlik en noardeastlik Afganistan, noardlik Pakistan, eastlik Oezbekistan, hiel Tadzjikistan en Kirgyzje, súdeastlik Kazachstan en it westen fan Sinkiang-Oeigoerje)
- de Tibetaanske blauwe bear of hynstebear (U. a. pruinosus Blyth, 1854) (it Tibetaansk Plato)

Alaskaanske brune bear (U. a. gyas)
Eastsibearyske brune bear (U. a. collaris)
grizzlybear (U. a. horribilis)
Himalayabear (U. a. isabellinus)
Jeraziatyske brune bear (U. a. arctos)
Kamtsjatkaanske brune bear (U. a. beringianus)
Kodiakbear (U. a. middendorffi)
Oessoerybear (U. a. lasiotus)
Syryske brune bear (U. a. syriacus)
Sitkabear (U. a. sitkensis)
Stikinebear (U. a. stikeenensis)
Tibetaanske blauwe bear (U. a. pruinosus)
Yn Afrika gie it om:
- de Atlasbear (U. a. crowtheri Schinz, 1844 †) (it Atlasberchtme fan Marokko fia Algerije en Tuneezje oant yn Tripolitaanje; útstoarn yn 1870)
En yn Noard-Amearika gie it om:
- de Alaskaanske brune bear (U. a. gyas Merriam, 1902) (it Alaskaskiereilân yn súdwestlik Alaska, de Aleoeten oant en mei Unimak, en it Kenaiskiereilân yn súdlik Alaska)
- de grizzlybear (U. a. horribilis Linnaeus, 1758) (Alaska útsein it Alaskaskiereilân, de Aleoeten, Súdlik Sintraal-Alaska en inkelen fan 'e eilannen fan 'e Aleksanderarsjipel, en fierder noardwestlik Kanada en de Rocky Mountains yn westlik Montana en noardwestlik Wyoming)
- de Kalifornyske brune bear of Kalifornyske goudbear (U. a. californicus Merriam, 1896 †) (de Sierra Nevada en it Pasifysk Kustberchtme yn Kalifornje; útstoarn yn 1924)
- de Kodiakbear (U. a. middendorffi Merriam, 1896) (de Kodiakarsjipel yn súdlik Alaska)
- de Meksikaanske brune bear of sulverbear (U. a. nelsoni Merriam, 1914 †) (noardlik Meksiko, it Amerikaanske Súdwesten en Teksas; útstoarn yn 1962)
- de Sitkabear (U. a. sitkensis C. Hart Merriam, 1896) (it Admiraliteitseilân, Baranof en Chichagof yn 'e Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska)
- de Stikinebear (U. a. stikeenensis Merriam, 1914) (de krite tusken de rivieren de Stikine en de Skeena yn noardwestlik Britsk-Kolumbia)
Dêropta is der ien fossile ûndersoarte, hoewol't in diel fan 'e saakkundigen twifels hat oer de jildigens dêrfan as ûndersoarte:
- de steppebear (U. a. priscus Goldfuß, 1810 †) (Slowakije; útstoarn yn ±8000 f.Kr.)
Twa oare, libbene ûndersoarten waarden foarsteld mar net algemien akseptearre:
- de Dalleilânske brune bear (U. a. dalli Merriam, 1896 †?) (it eilân Dall yn 'e Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska; mooglik útstoarn; min beskreaun, mooglik inkeld in populaasje fan 'e grizzlybear)
- de Gobybear (U. a. gobiensis Sokolov & Orlov, 1992) (de Gobywoastyn yn noardlik Sina en súdlik Mongoalje; tige seldsum, gjin konsensus oer de status fan ûndersoarte)
En fierders binne der noch trije ûndersoarten dy't oant de ein fan 'e tweintichste iuw noch ridlik algemien erkend waarden, mar dy erkenning yn 'e rin fan 'e 2000-er jierren ferlearen:
- de Apenynske brune bear (U. a. marsicanus Altobello, 1921) (de sintrale Apeninen yn Itaalje, spesifyk it Nasjonaal Park Abruzzen, Latium en Molise; no ûnderbrocht by de Jeraziatyske brune bear)
- de Kantabryske brune bear of Pyreneeske brune bear (U. a. pyrenaicus Cabrera, 1914) (it Ibearysk Skiereilân, yn 't bysûnder de Pyreneeën en it Kantabrysk Berchtme, sporadysk ek yn noardlik Portegal; no ûnderbrocht by de Jeraziatyske brune bear)
- de Súdalaskaanske brune bear (U. a. alascensis Merriam, 1896) (it Kenaiskiereilân en Súdlik Sintraal-Alaska; no ûnderbrocht by de Alaskaanske brune bear)

De Ungavabear fan it Ungavaskiereilân (noardlik Kebek en noardlik Labrador), dy't omtrint 1950 útstoar, wie altyd al in isolearre populaasje fan 'e grizzlybear.
De nijste ynsichten, dy't sûnt it begjin fan 'e 2010-er jierren stadich oan akseptaasje winne, lykje derop te wizen dat de measte ûndersoarten fan 'e brune bear eins mar geografysk en/of morfologysk ferskillende populaasjes binne. DNA-analyzes fan 'e brune bearen yn Noard-Amearika suggerearje dat dy hast allegearre ûnderdiel útmeitsje fan ien inkeld ûnderling ferbûn populaasjestelsel, de resinte troch minsklik tadwaan ûntstiene populaasjefragmintearring bûten beskôging litten. De iennichste útsûndering dêrop is de Kodiakbear (U. a. middendorffi), dy't nei alle gedachten al sûnt de ein fan 'e lêste iistiid (11.700 jier lyn) isolearre west hat op 'e Kodiakarsjipel. Mar de Alaskaanske brune bear (U. a. gyas), de grizzlybear (U. a. horribilis), de Sitkabear (U. a. sitkensis) en de Stikinebear (U. a. stikeenensis) lykje gjin genetysk ûnderskiedbere of gearhingjende kloften te wêzen en soene faaks better omskreaun wurde kinne as ekotypes. Itselde gou nei alle gedachten foar de no útstoarne Kalifornyske brune bear (U. a. californicus) en de Meksikaanske brune bear (U. a. nelsoni).
Foar wat de populaasje fan 'e brune bear yn Jeraazje oangiet, wurdt no ek twifele oer de jildigens fan 'e 'tradisjonele' ûndersoarten. Guon mammalogen stelle in yndieling yn trije, fjouwer of fiif ûndersoarten foar: ien of twa ûndersoarten yn Noard-Amearika, ntl. de Noardamerikaanske brune bear (U. a. horribilis) en eventueel de Kodiakbear (U. a. middendorffi); ien inkele ûndersoarte yn Jeraazje, te witten: de Jeraziatyske brune bear (U. a. arctos), mei eventueel de prehistoaryske steppebear (U. a. priscus) út it Pleistoseen en ier Holoseen as twadde ûndersoarte; en dêropta yn Noard-Afrika de resint útstoarne Atlasbear (U. a. crowtheri). Oer dizze nije yndieling bestiet lykwols noch gjin wittenskiplike konsensus.
Brune bearen en minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oanfallen op minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brune bearen mije ornaris plakken mei in protte minsklike aktiviteit, hoewol't guon yn bygelyks Roemeenje ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster de stêd yn tsjogge om jiskefetten en ôffalcontainers nei te gean op iten. Wannear't se minsken sjogge, as dat no op sa'n nachtlik tripke nei stêd is of oerdeis yn 'e wyldernis, is de normale reäksje fan brune bearen om út te naaien. It bliuwe lykwols wylde bisten, en brune bearen steane derom bekend dat se humeurich wêze kinne, wat har ritich en dreech foarsisber makket. As men in brune bear oer it mad komt, bestiet sadwaande de mooglikheid dat er út syn skrikreäksje wei oanfalt. Itselde kin barre as in brune bear him bedrige fielt, of, wat noch faker foarkomt, as in bearinne mei welpen de oanwêzigens fan in minske opfettet as in bedriging foar har jongen. Bearinnen mei welpen binne yn Noard-Amearika ferantwurdlik foar 70% fan alle oanfallen fan brune bearen op minsken.

Troch de ûnbidige fysike krêft fan in brune bear kin in oanfal fan sa'n bist liede ta slimme ferwûnings en sels ta de dea. Gewelddiedige konfontaasjes mei brune bearen duorje oer it algemien mar frij koart, of it moat wêze dat de minske besiket en fjochtsje werom. Brune bearen deadzje minsken frijwol nea om't se minsken as proai sjogge, en in deamakke minske wurdt efterlitten sadree't dúdlik is dat er gjin bedriging mear foarmet. Wiere minskeslinende brune bearen binne tige seldsum, en as soks foarkomt, giet it frijwol altyd om sike of krebintige eksimplaren dy't yn har dwaan dreaun wurde troch honger.
In ûndersyk fan G. Bombieri et al., út 2019, telde yn 'e perioade fan 2000 oant en mei 2015 wrâldwiid in totaal fan 664 oanfallen fan brune bearen op minsken. Dêrby rekken 568 minsken ferwûne, wylst 95 oaren omkamen. Yn 'e Russyske Federaasje, dat fierwei it grutste part fan it ferspriedingsgebiet fan 'e brune bear omfettet en teffens fierwei de grutste populaasje fan 'e bisten hat, wurde jiers yn trochsneed 10 minsken deade troch brune bearen. Dat is mear as yn 'e rest fan 'e wrâld mei-inoar. De brune bear mei de measte oanfallen op minsken út 'e (dokumintearre) skiednis wie de saneamde Brune Bear fan Sankebetsu, dy't yn 1915 op it Japanske eilân Hokkaido by ferskate oanfallen sân minsken deade en trije oaren ferwûne foar't er deasketten waard by in grutskalige klopjacht.
Wat men dwaan moat by in beare-oanfal is yn elts gefal net besykje út te naaien. Dat wekket it jachtynstinkt fan 'e bear op, dy't dan frijwol wis de efterfolging ynsette sil. Mei't brune bearen folle hurder drave kinne as minsken wurket soks averjochts. Ek weromfjochtsjen wurdt sterk ôfret. It bêste dat men dwaan kin, is stadich, stapke foar stapke, tebekwike. As de bear de oanfal dochs trochset, moat men jin op 'e grûn falle litte en in foetushâlding oannimme, dêrby besykjend om mei de earms de holle te beskermjen, en dan troch de oanfal hinne sa stil mooglik lizzen bliuwe oant de bear syn ynteresse yn jin ferliest en him ôfjout. In effektyf ferdigeningsmiddel dat eltsenien dy't him yn it ferspriedingsgebiet fan bearen yn 'e wyldernis bejout by him hawwe moat, is in spuitbus mei bearespray. Dat is in soarte fan pepperspray foar bearen. In ûndersyk út 2008 wiisde út dat yn Noard-Amearika bearespray yn 92% fan 'e gefallen in agressive brune bear op oare gedachten brocht, wylst dat foar it sjitten mei in gewear mar yn 67% fan 'e gefallen sa wie.

Bearejacht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Minsken jeie al mear as 10.000 jier op 'e brune bear. Bearejacht is bedreaun troch sawol de lânseigen befolking as troch Westerske en oare oerhearskers yn Jeropa, Aazje, Noard-Afrika en Noard-Amearika. Lânseigen befolkings, lykas de Samen fan Skandinaavje, de Berbers fan Noard-Afrika, de Dolganen en Jakoeten fan Sibearje, de Korjaken en Itelmenen fan Kamtsjatka, de Ainû fan Hokkaido en de Eskimo's en Yndianen fan Noard-Amearika, bejeie of bejagen brune bearen benammen om sels oerlibje te kinnen, bygelyks foar it fleis of de pels. Oerhearskers lykas de Noaren en Sweden yn Skandinaavje, de Arabieren yn Noard-Afrika, de Russen yn Sibearje en de Amerikanen en Kanadezen yn Noard-Amearika bejeie of bejagen brune bearen by wize fan tiidferdriuw of as foarm fan populaasjebehearsking.
Yn East- en Súd-Jeropa waarden brune bearen lange tiid beskôge as gefaarlik ûngedierte, dat it boppedat ek noch foarsjoen hie op fee. Dêrom waarden lju dy't in bear deaden, dêrfoar fan 'e santjinde en achttjinde iuw ôf beleanne. Dat preemjestelsel brocht de brune bear yn kontinintaal Jeropa oan 'e râne fan it útstjerren ta, ear't dizze soarte yn 'e iere tweintichste iuw einlings en te'n lêsten wetlike beskerming krige. Yn 2018 waard lykwols by in ûndersyk nei de tebekgong fan 'e brune bear yn Skandinaavje fêststeld dat bejaging dêrfan ien fan 'e wichtichste oarsaken wie.
Yn Noard-Amearika fûn de ierste dokumintearre bearejacht troch Jeropeeske kolonisten plak yn 1691. De kolonisaasje fan 'e westlike Feriene Steaten troch de blanken yn 'e rin fan 'e njoggentjinde iuw soarge foar in navenante ynkrimping fan it ferspriedingsgebiet fan 'e brune bear nei it noardwesten ta. Ek yn Noard-Amearika waard in preemjestelsel ynfierd, mei't konflikten mei boeren oanboazen neigeraden dat dy har djipper yn it bearegebiet nei wenjen setten. Pas yn 'e 1920-er jierren krige de brune bear in beskate mjitte fan beskerming fan 'e Amerikaanske oerheid, mar tsjin dy tiid wied er yn 'e legere 48 steaten al frijwol hielendal útrûge, útsein in lytse isolearre populaasje yn it Nasjonaal Park Yellowstone yn noardwestlik Wyoming. Under de beskerming troch de wet binne brune bearen har yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw út Kanada wei wer begûn te fersprieden yn 'e Rocky Mountains fan westlik Montana. Tsjintwurdich kinne brune bearen noch altyd legaal bejage wurde yn beskate Amerikaanske steaten, wêrûnder Alaska. Mar dêrfoar moat men in fergunning hawwe. En op it deasjitten fan bearinnen en welpen stiet in finzenisstraf.

Bearefleis wurdt, of waard foarhinne, iten troch û.o. de Kry (Cree) dy't yn noardlik Ontario om 'e Jamesbaai hinne wenje. Yn Roemeenje en beskate dielen fan Aazje (benammen Sina) waarden bearepoaten beskôge as in delikatesse. Jiers wurdt der wrâldwiid yn totaal sa'n 17 ton oan bearefleis foar konsumpsje ferhannele.
Bearen yn finzenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brune bearen wurde al sûnt teminsten 1500 f.Kr. troch minsken yn finzenskip holden. Yn 'e Romeinske Tiid waarden brune bearen brûkt foar de publike eksekúsje fan kriminelen yn amfiteäters, en ek om dêr te fjochtsjen tsjin oare bisten of tsjin gladiators. Fan 'e Midsiuwen ôf kamen saneamde 'dûnsjende bearen' yn 'e moade. Dat wiene brune bearen dy't as welp út it wyld weifongen wiene, yn 'e regel nei't de bearinne by in jacht ombrocht wie. Se waarden grutbrocht troch lju dy't harren trainden om op kommando keunstkes te dwaan, lykas op 'e efterpoaten stean te gean en te 'dûnsjen' op 'e muzyk fan in fidel. Brune bearen wiene foar sa'n training by útstek gaadlik omreden fan har grutte yntelliginsje. Faak waarden se foar dat doel ûntdien fan 'e tosken en klauwen, om se foar de trainer minder gefaarlik te meitsjen. Fan likernôch de twadde helte fan 'e achttjinde iuw waarden brune bearen ek ynset foar optredens yn sirkussen. Neffens in analyze út 2009 wie de brune bear it op ien nei meast foar it sirkus ekploitearre bist nei de tiger (Panthera tigris).

Tsjintwurdich is it gebrûk fan brune bearen yn sirkussen hast hielendal útband, wylst 'dûnsjende bearen' inkeld noch foarkomme yn ûntwikkelingslannen lykas Afganistan en Sina en sels dêr seldsum wurden binne. Der libben anno 2017 wrâldwiid mear as 700 brune bearen yn dieretunen, mar de tiid dat se dêr yn lytse koaien holden waarden en út ellinde stereotype hâlden en dragen begûnen te fertoanen is lokkigernôch hast hielendal foarby. Hjoed oan 'e dei wurde brune bearen, lykas alle dieretúnbisten, yn romme ferbliuwen holden, dy't ynrjochte binne om op har natuerlike habitat te lykjen, wylst de oppassers war dogge om har libben te ferrykjen mei aktiviteiten en ôfwikseljende foertechniken. Brune bearen dy't yn privee-eigendom binne, wurde faak noch wol it slachtoffer fan bistemishanneling en/of en malnutrysje liedend ta obesitas. Yn 'e Jeropeeske Uny is it hâlden fan eksoatyske húsdieren lykas de brune bear by wet ferbean, mar yn beskate oare dielen fan 'e wrâld, lykas in protte steaten fan 'e Feriene Steaten, is der útsein praktyske beswieren neat dat minsken yn it paad stiet om in brune bear as húsdier te nimmen.

Yn 'e minsklike kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brune bearen hawwe sûnt minskewitten in wichtige rol spile yn 'e ûnderskate minsklike kultueren. Der binne yn Jeropa, noardlik Aazje en Noard-Amearika mear as hûndert grotskilderings út it Paleolitikum bekend wêryn't brune bearen ôfbylde binne. Fierders besteane der oanwizings foar in prehistoaryske beareferearing (in foarm fan soölatry), hoewol't dat troch argeologen tsjinsprutsen wurdt. Kultueren dêr't beareferearing mooglik foarkaam, wiene dy fan 'e âlde Sinezen en fan 'e Ainû, de lânseigen bewenners fan Hokkaido, de Koerilen en súdlik Sachalin. Yn 'e Grykske mytology waarden bearen beskôge as wêzens fan deselde rang as minsken, benammen omreden fan har fermogen om op 'e efterpoaten te stean en te rinnen.De Romeinen makken lytse fike houtene byldsjes fan bearen dy't brûkt waarden by de begraffenis fan ferstoarne poppen.
By in protte Yndiaanske folken yn Noard-Amearika waard de brune bear as in hillich bist beskôge. Dat woe ornaris net sizze dat der gjin jacht op makke wurde mocht, mar wol dat de bear en syn stoflik omskot mei respekt behannele waard. Krigers dy't in halskeatling mei de tosken en/of klauwen fan in brune bear droegen, stiene heech yn oansjen. Neffens in myte fan 'e Haida soe de minskheid ûntstien wêze út it houlik fan 'e earste frou mei in brune bear.

Yn 'e Westerske wrâld wurde brune bearen yn fabels en oare literatuer faak ôfskildere as slûch, loai, dom en goederleausk. In foarbyld dêrfan is Bruin de Bear yn 'e Midsiuwske fabel Rein de Foks. Dy foarstelling is lykwols yn tsjinspraak mei it eigentlike hâlden en dragen fan it bist. Ek wurde brune bearen, benammen yn berneboeken en tillefyzjeprogramma's foar bern, wol foarsteld as skattige bisten om te knuffeljen, wat fansels likemin strykt mei de wurklikheid. Foarbylden út it Nederlânsk taalgebiet binne de boekerige Bruintje Beer en programma's as Bolke de Beer en De Bereboot. Ynternasjonaal binne yn dit ferbân nei alle gedachten de boeken en films oer Winnie the Pooh it bekendst. Yn 'e Feriene Steaten is it berneboek Brown Bear, Brown Bear, What Do You See? in klassiker dat troch âldelju gauris foarlêzen wurdt oan jonge bern om harren besef fan kleuren by te bringen en hokker kleur ferbân hâldt mei hokker bist. Ek it ultime knuffelbist, de teddybear, is eins in brune bear.
Brune bearen komme ek foar yn mearkes. De Brune Bear fan Noarwegen is in Skotsk mearke oer in famke dat mei in prins trout dy't op magyske wize yn in brune bear feroare is; hja wit him nei gâns aventoeren troch har leafde werom te feroarjen yn in jongeman. Ek yn it mearke Sniewytsje en Roazerea, út it Dútske taalgebiet, is de knappe prins feroare yn in brune bear. Yn Goudlokje en de Trije Bearen, in mearke út Ingelân, rekket in famke ferdwaald yn it wâld en fynt dêr ûnderdak by trije brune bearen.
De Russyske Bear is in (fral yn it ferline) faak brûkte nasjonale personifikaasje fan Ruslân (en de Sovjet-Uny), ferlykber mei Uncle Sam as nasjonale personifikaasje fan 'e Feriene Steaten of Marianne foar Frankryk. De brune bear is ek it nasjonale bist fan Finlân. De grizzlybear is it steatsbist fan 'e Amerikaanske steat Montana, wylst de útstoarne Kalifornyske bear it steatsbist fan Kalifornje is. Brune bearen komme foar yn 'e wapens en flaggen fan gâns plakken, wêrûnder Berlyn, Madrid en Bern. Yn 'e Feriene Steaten is Smokey Bear de ferneamde maskotte fan 'e U.S. Forest Service, dy't al sûnt de 1940-er jierren brûkt wurdt om 'e minsken bewust te meitsjen fan hoe't har eigen hâlden en dragen boskbrannen feroarsaakje kin.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Echte bear
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Tuneezje

