Grize foks
| grize foks | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Urocyon cinereoargenteus | ||||||||||||
| Schreber, 1775 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De grize foks (wittenskiplike namme: Urocyon cinereoargenteus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e grize foksen (Urocyon). Dit bist komt foar yn dielen fan Noard-, Midden- en Súd-Amearika, yn in gebiet dat him útwreidet fan 'e Grutte Marren oant de noardlike Andes. De grize foks is yn haadsaak in nachtdier dat der in omnivoar dieet op neihâldt. Opmerklik foar in hûneftige is dat dit bist in earsten klimmer is, dy't it by gefaar faak hegerop siket, as wied er in kat. Yn it Prekolumbiaanske Tiidrek wie de grize foks de meast foarkommende en teffens dominante foksesoarte yn syn hiele ferspriedingsgebiet, mar tanksij minsklike ynfloeden hat de (gewoane) foks (Vulpes vulpes) oan ynfloed wûn. De IUCN klassifisearret de grize foks as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grize foks waard foar it earst yn 1774 wittenskiplik beskreaun troch de Dútske soölooch Johann Christian Daniel von Schreber. Hy joech it bist oarspronklik de wittenskiplike namme Canis virginianis (letterlik: "hûn út Firginia"), mar wizige dat in jier letter yn Canis cinereoargenteus, mei as betsjutting "jiskesulveren hûn", fan it Latynske cinereus ("jiskegriis") en argenteus ("sulverkleurich").

Syn hjoeddeistige wittenskiplike namme Urocyon cinereoargenteus krige de grize foks yn 1857, doe't de Amerikaanske soölooch Spencer Fullerton Baird it skaai fan 'e grize foksen (Urocyon) yntrodusearre. Dat skaai befettet formeel twa soarten: de grize foks en de eilânfoks (Urocyon littoralis) fan 'e Kanaaleilannen foar de kust fan Kalifornje. De Cozumelfoks fan it Meksikaanske eilân Cozumel, yn 'e Karibyske See, is in trêde soarte, dy't lykwols noch net wittenskiplik beskreaun is.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e grize foks wreidet him út oer grutte parten fan Noard- en Midden-Amearika en it noardwesten fan Súd-Amearika. Yn Noard-Amearika komt dit bist foar yn 'e hiele eastlike Feriene Steaten útsein noardlik en eastlik Maine en de Mississippydelta yn Louisiana. De noardgrins fan it areaal folget in bochtjende line út Maine wei, dy't yn Kanada it uterste suden fan Kebek omfettet, de súdeastlike helte fan it súdlik skiereilân fan Ontario, en de súdlike grinskriten fan West-Ontario en Manitoba.
Bewesten de Mississippy rint de fersprieding minder fier troch nei it noarden. Dêr bochtet de grins fan 'e mûning fan 'e Kolumbia yn noardwestlik Oregon fia de Woastyn fan 'e Grutte Dobbe yn sintraal Nevada en de Rocky Mountains yn Wyoming nei de Grutte Flakten yn it easten fan 'e Dakota's.
Op it fêstelân fan Midden-Amearika ûntbrekt de grize foks oan 'e sompige Moskitokust yn it noarden en noardeasten fan Hondoeras en it easten fan Nikaragûa, mar ek oan 'e Karibyske kusten fan Kosta Rika en noardwestlik en noardeastlik Panama. Yn Súd-Amearika komt de grize foks foar yn it noardwesten en sintrale diel fan Kolombia, en yn it oanbuorjende Fenezuëla libbet er yn noardwesten. De grize foks is de iennichste hûneftige dy't lânseigen is yn sawol Noard- as Súd-Amearika.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grize foks hat trochinoar in kop-romplingte fan 48,5–68,2 sm, mei in sturtlingte fan 27,5–44,3 sm en in gewicht fan 3,6–7,0 kg (hoewol't útsûnderlik grutte eksimplaren 9 kg berikke kinne). Dit bist hat de lichemsbou fan in foks, hoewol't it hielendal net nau besibbe is oan 'e soarten út it skaai fan 'e (echte) foksen (Vulpes), wêrfan't de (reade) foks (Vulpes vulpes), de kitfoks (Vulpes velox) en de grutearkitfoks (Vulpes macrotis) foar in diel yn itselde ferspriedingsgebiet foarkomme. De lichemsfoarm, mei de spitse snút, de grutte earen, de lange plomsturt en de relatyf koarte poaten is eins it resultaat fan konverginte evolúsje ynstee fan neie sibskip.

De pels liket op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch, siden, sturt en de bûtenkant fan 'e efterpoaten) griis te wêzen (dêrfandinne de namme). Dat is lykwols mar gesichtsbedroch, feroarsake troch ôfstân. Eins is dat diel fan 'e pels puntbûnt of agoety, wat komt trochdat ôfsûnderlike hierren op dy lichemsdielen horizontale streken hawwe fan griis, wyt en swart. Op it boarst, de bealch en de binnenkant fan 'e poaten is de pels wyt. De beide kleurflakken wurde faninoar skaat troch oranjige oant rodzige gebieten op 'e legere siden, de legere bûtenkant fan 'e efterpoaten, de bûtenkant fan 'e foarpoaten, de kiel, de hals en om 'e earen hinne. Oer de boppekant fan 'e sturt rint in swarte streek dy't einiget yn in swarte sturtpunt.
Fan 'e oare foksen yn syn ferspriedingsgebiet is de grize foks maklik te ûnderskieden. Hy is in stikje grutter en oansjenlik foarser boud as de kitfoks en de grutearkitfoks. Fan 'e reade foks is de grize foks ûnderskiedber troch it ûntbrekken fan 'e swarte 'sokken' en de wite sturtpunt. Fierders hat de grize foks in minder ranke hals. Boppedat is de reade foks (dêrfandinne dy namme) oer it algemien folle oranjiger as de grize foks. In oar ferskil, dat lykwols allinnich mar fan deunby sjoen wurde kin, is dat de grize foks eagen hat mei ovale pupillen ynstee fan 'e spjaltene pupillen fan 'e echte foksen.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grize foks jout, wat biotoop oanbelanget, de foarkar oan in grienmank fan beboske en iepen gebieten. Yn 'e eastlike helte fan syn Noardamerikaanske areaal is syn fersprieding yn bosken fierhinne beheind ta leafwâlden, mar yn 'e westlike helte komt er ek foar yn nullewâlden fan ponderosadinnen (Pinus ponderosa). Yn Midden- en Súd-Amearika libbet er yn net al te ticht tropysk reinwâld deunby de boskrâne. Grize foksen bejouwe har geregeldwei yn kultuerlânskippen lykas op greiden en ikkers. Se kinne har ek oanpassen oan it libben yn 'e stêd.

Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grize foks is yn haadsaak in nachtdier, hoewol't er yn 'e krepuskulêre perioaden (jûnsskimer en moarnsdage) ek wol aktyf is. De dei bringt er ornaris yn rêst troch yn in beamholte, in rotsspjalt of in ûndergrûnske hoale dy't oernommen is fan in oar bist. In beamholte dêr't in grize foks him yn fêstiget, kin wol 9 m boppe de grûn sitte. Soms sette grize foksen har nei wenjen yn ferlitten gebouwen. Har nêsten binne better ferburgen as dy fan 'e (reade) foks (Vulpes vulpes).
Klimmen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grize foks kin hiel goed klimme, wêrmei't er mank hûneftigen in útsûndering is. Hy hat sterke, heakke klauwen, dêr't er mei by de stammen fan beammen op kladderje kin om hegerop ûntwyk te sykjen foar gruttere rôfdieren, lykas de prêrjewolf (Canis latrans) of de hûn (Canis lupus familiaris). Ek klimme grize foksen wol yn beammen om by arboreäle itensboarnen te kommen, lykas fruchten, beamiikhoarntsjes of rêstende fûgels. Se kinne rjocht omheech klimme oant in hichte fan 18 m, en ienris yn 'e beam doare se it oan om fan tûke nei tûke te springen. By de stam delklimme dogge se stadich efterút, mei de kop omheech.

Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurdt oannommen dat grize foksen, krekt as echte foksen (Vulpes spp.), monogaam binne, mei't se yn pearkes fan in mantsje (of rikel) en in wyfke (of moerfoks) libje. De peartiid fariëarret nei it diel fan it ferspriedingsgebiet dêr't it om giet. Yn Alabama, bygelyks, begjint de peartiid yn febrewaris, mar yn Michigan pas yn 'e earste wiken fan maart. De draachtiid duorret likernôch 53 dagen. De moerfoks smyt dêrnei in nêst fan 1–7 (mar ornaris 3–5) jongen, dy't blyn en helpleas te wrâld komme, mar al wol hier hawwe.
De jongen wurde troch de beide âlden tegearre fersoarge. Mei 9–12 dagen geane de eachjes iepen en mei likernôch 70 dagen wurde de jongen ôfwûn. Mei likernôch 3 moannen begjinne de jongen mei har âlden op jacht te gean, en mei 4 moannen hawwe se har fêste gebit en kinne se foar harsels jeie. Se bliuwe lykwols by de âlden oant yn 'e hjerst, wannear't se har eigen wegen geane. By in ûndersyk út 1953 waard fêststeld dat jonge rikels soms wol 84 km fier fan har berteplak ôf doarmje ear't se in partner fine en in eigen territoarium fêstigje, wylst jonge moerfoksen binnen in straal fan 3 km fan har berteplak bliuwe. Grize foksen binne mei likernôch 10 moannen geslachtsryp. Se hawwe yn it wyld in trochsneed libbensferwachting fan 6–10 jier.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grize foks is in omnivoar, foar wa't foerazjearjen en jeien in solitêre aktiviteit is. Syn proaien binne benammen lytse sûchdieren en lytse oant middelgrutte fûgels. Wat de sûchdieren oangiet, binne it fral kjifdieren lykas fjildmûzen (Microtus spp.), wytpoatmûzen (Peromyscus spp.), nôtmûzen fan 'e Nije Wrâld (Reithrodontomys spp.), sprinkhoannemûzen (Onychomys spp.), katoenrotten (Sigmodon spp.), echte hamsterrotten (Neotoma spp.), beamiikhoarntsjes (Sciurus spp.), echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus spp.), wangpûdiikhoarntsjes (Tamias spp.), prêrjehûnen (Cynomys spp.), marmotten (Marmota spp.), goffers (Geomyidae spp.), mûsgoffers (Heteromyidae spp.) en teffens eksoaten, lykas de brune rôt (Rattus norvegicus) en de swarte rôt (Rattus rattus).
Oare lytse sûchdieren dy't op it menu fan 'e grize foks steane, binne hazze-eftigen, yn 't bysûnder echte hazzen (Lepus spp.) en katoensturtkninen (Sylvilagus spp.), en fierders pipermûzen (dat gjin kjifdieren binne). By de fûgels giet it yn it foarste plak om soarten dy't benammen op 'e grûn libje, lykas rûchpoathinnen (Tetraonini spp.) en oare fazanteftigen, ynklusyf eksoaten as de fazant (Phasianus colchicus) en de patriis (Perdix perdix). Dêrnjonken fret de grize foks ek ies en wringeleas dierte, lykas sprinkhoannen, toarren, flinters en motflinters, en plantaardich guod, lykas fruchten, nuten en sieden. By in oerskot oan fretten leit er foarrieden oan foar krappere tiden troch fretten te bedobjen, wêrnei't er oer dat plak hinne pisset foar it dûbele doel om it weromfine te kinnen en om foar te kommen dat oare bisten ta syn foarried sitte.

Natuerlike fijannen en konkurrinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e grize foks binne gruttere rôfdieren, lykas de prêrjewolf (Canis latrans), de reade lynks (Lynx rufus) en de poema (Puma concolor). Dy frette grize foksen net altyd op. Har reden om 'e bisten te deadzjen liket benammen te wêzen om konkurrinten út 'e wei te romjen.
In oare wichtige konkurrint fan 'e grize foks is de (reade of gewoane) foks (Vulpes vulpes). Foarôfgeande oan 'e Jeropeeske kolonisaasje fan Noard-Amearika kaam de grize foks benammen foar yn kriten mei leafwâld en drûge gebieten (lykas woastinen), wylst de reade foks him beheinde ta kontreien mei nullewâld. De grize foks wie sadwaande oarspronklik de meast foarkommende foksesoarte yn 'e hiele eastlike helte fan 'e Feriene Steaten. Mar troch minsklike ynfloed is dy sitewaasje feroare. Troch de grutskalige ûntbosking fan 'e lêste fjouwerhûndert jier hat de reade foks nei it suden ta optsjen kinnen, sadat hy no yn grutte dielen fan 'e eastlike Feriene Steaten de meast foarkommende en dominante foksesoarte is. De krite fan 'e Grutte Marren en it gebiet bewesten de Rocky Mountains binne lykwols noch altyd bolwurken fan 'e grize foks. De mear fermongen fersprieding fan 'e beide soarten liedt ta mear yntersoartlike konfrontaasjes. Dêrby komt de lytsere mar fûleindiger grize foks oer it algemien as winner út 'e bus.

In oare ûntjouwing dy't troch minsklik hanneljen ta stân kommen is en dêr't de grize foks him oan oanpasse moatten hat, is de útrûging fan 'e wolf (Canis lupus) yn it grutste part fan it Noardamerikaanske ferspriedingsgebiet fan 'e grize foks. Mei't de prêrjewolf de wichtichste natuerlike fijân fan 'e grize foks is, hat dat bist, no't it sels net mear yn 'e besnijing holden wurdt troch de wolf, guon populaasjes grize foksen desimearre. Dêrom kieze grize foksen no habitats dêr't se oan prêrjewolven ûntkomme kinne, bgl. troch yn beammen te klimmen. Mei't prêrjewolven yn Noard-Amearika troch feehâlders as ûngedierte sjoen en gauris ôfsketten wurde, hawwe se leard om út 'e buert fan minsken te bliuwen. De grize foks siket minsken dêrom krekt sa folle mooglik op en kin gauris yn 'e neite fan wegen, pleatsen en delsettings oantroffen wurde.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grize foks hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dizze soarte kin yn 'e Feriene Steaten ûnfergund bejage wurde. Der is gâns fraach nei de pels fan grize foksen, en foar dat doel soene der yn 'e Feriene Steaten allinnich al mear as 500.000 eksimplaren jiers sketten wurde. Dat liket lykwols gjin negatyf effekt te hawwen op 'e stân fan 'e soarte.

Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 16 (stân fan saken yn 2012) erkende ûndersoarten fan 'e grize foks (Urocyon cinereoargenteus):
- Fenezolaanske grize foks (U. c. venezuelae) (Kolombia en Fenezuëla)
- Floridiaanske grize foks (U. c. floridanus) (it Floaridaskiereilân en de Golfkust fan 'e súdlike Feriene Steaten)
- fluchfuottige grize foks (U. c. ocythous) (Grutte Flakten fan Noard-Amearika)
- gewoane grize foks (U. c. cinereoargenteus) (de nominaat; eastlike Feriene Steaten)
- Gûatemalteekske grize foks (U. c. guatemalae) (súdlike Meksiko, súdlik Belize, Gûatemala, El Salvador, Hondoeras en Nikaragûa)
- Kalifornyske grize foks (U. c. californicus) (Súdlik Kalifornje)
- Kostarikaanske grize foks (U. c. costarecensis) (Kosta Rika)
- lytse grize foks (U. c. fraterculus) (it Jûkatanskiereilân)
- Nederkalifornyske grize foks (U. c. peninsularis) (Kalifornysk Skiereilân)
- noardlike grize foks (U. c. borealis) (Nij-Ingelân)
- Scotts grize foks (U. c. scottii) (súdwestlike Feriene Steaten en oanbuorjende dielen fan Meksiko)
- Sierra-Madrefoks (U. c. madrensis) (noardlik Meksiko)
- swarte foks (U. c. furvus) (Panama)
- swartsnútfoks (U. c. nigrirostris) (súdwestlik Meksiko)
- Tehuantepecfoks (U. c. orinomus) (Lâningte fan Tehuantepec yn súdlik Meksiko)
- Townsends grize foks (U. c. townsendi) (Noardlik Kalifornje en Oregon)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Grize foks
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Kolombia

