Washingtongrûniikhoarntsje
| Washingtongrûniikhoarntsje | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Urocitellus washingtoni | ||||||||||||
| Howell, 1938 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It Washingtongrûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Urocitellus washingtoni) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus), dat foarkomt yn it Amerikaanske Noardwesten. It is in omnivoar deidier fan 'e iepen romte, dat sân oant acht moannen fan it jier trochbringt yn wintersliep en simmersliep. Omreden fan it ynkrimpende ferspriedingsgebiet klassifisearret de IUCN it Washingtongrûniikhoarntsje as gefoelich.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Washingtongrûniikhoarntsje waard foar it earst yn 1938, wat frij let is, wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Arthur Holmes Howell. Dyselde die dat op basis fan eksimplaren dy't er by Touchet, yn Walla Walla County, fongen hie. Howell neamde it bistke Citellus washingtoni. It soartespesifike diel fan 'e namme ferwiist nei de Amerikaanske steat Washington. Letter waard it Washingtongrûniikhoarntsje mei de wittenskiplike namme Spermophilus washingtoni lange tiid ta it skaai rekkene dat no de grûniikhoarntsjes fan 'e Alde Wrâld omfiemet. Yn 2004 waard dat skaai op basis fan nij molekulêr biologysk ûndersyk útinoar helle, wêrby't it Washingtongrûniikhoarntsje mei ferskate oare soarten út Noard-Amearika en Sibearje yn it nije skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus) pleatst waard.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan it Washingtongrûniikhoarntsje is relatyf lyts. It beslacht in grut diel fan 'e Amerikaanske steat Washington beëasten de Cascades, mar rint net hielendal troch nei de eastgrins mei Idaho of de noardgrins mei de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Yn it suden rint it areaal wol troch oant in ein oer de súdigge fan 'e rivier de Kolumbia, dy't dêr de grins mei de steat Oregon foarmet.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Washingtongrûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 181/2–241/2 sm, mei in sturtlingte fan 3,2–6,5 sm. It gewicht fariëarret neffens de tiid fan it jier mei sa'n 160 g yn febrewaris en 260 g tsjin 'e ein fan maaie. De grûnkleur fan 'e pels is op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch en siden) in grizich ljochtbrún, dat mear nei griis útskaait as nei brún. Dêrtrochhinne sitte rodzige plakken en wite oant krêmkleurige spikkels. De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, hals en bealch) binne grizich wyt. De poatsjes binne sânkleurich. De sturt is fan boppen grizich ljochtbrún en fan ûnderen rodzich ljochtbrún.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Washingtongrûniikhoarntsjes binne bisten fan 'e iepen romte, dy't libje op 'e mei gers begroeide en mei aalststrûken besprinzge steppen fan 'e flakte fan 'e rivier de Kolumbia.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Washingtongrûniikhoarntsje is in deidier dat de nacht ûnder de grûn trochbringt yn in eigengroeven hoale. It is in sosjaal bistke dat yn koloanjes libbet, en benammen de wyfkes foarmje binnen sokke koloanjes gearwurkjende groepen.
De jierlikse aktiviteitsdoer fan Washingtongrûniikhoarntsjes is relatyf koart, mei't se 7–8 moannen fan it jier sliepend trochbringe. Dy sliepperioade falt net inkeld yn 'e winter, mar ek yn 'e simmer, en moat dus net inkeld oantsjut wurde as in wintersliep, mar ek as in simmersliep. Se lûke har al oan 'e ein fan maaie of it begjin fan juny yn har hoalen werom en komme dan pas yn it folgjende jier tusken ein jannewaris en heal febrewaris wer foar it ljocht. Yn it koarte skoftke dat se op 'e lapen binne, bouwe se troch hast ûnophâldlik te fretten in ûnderhûdske fetfoarrie dêr't se de folgjende sliepperioade mei trochkomme moatte. Healwoeksen eksimplaren geane it earste jier 2 moannen letter út 'e wei as de folwoeksen bisten en wurde dan ek navenant letter wekker.

Yn 'e earste dagen nei't de wyfkes wer foar 't ljocht kommen binne, fêstigje de mantsjes foar de doer fan 'e koarte peartiid elts in territoarium. De draachtiid duorret foar it Washingtongrûniikhoarntsje 23–30 dagen, en de jongen wurde ein febrewaris of begjin maart yn in ûndergrûnske hoale smiten. Yn april of wat letter ferlitte se foar it earst de hoale, wêrnei't se tige fluch har folwoeksen omfang berikke. De mantsjes geane oer it algemien mar sa'n 880 m by de hoale fan harren mem wei, mei in absolút (dokumintearre) maksimum fan 31/2 km. De jierlikse stjertegraad bedraacht foar Washingtongrûniikhoarntsjes likernôch 60%. De maksimale libbensferwachting yn it wyld is 5 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Washingtongrûniikhoarntsjes binne omnivoaren, mar harren dieet is yn haadsaak herbivoar. Se frette in breed ferskaat oan dielen fan gerzen, krûden en strûken, lykas sieden, blêden, knoppen, blommen en woartels. Dêropta beplúzje se út en troch ek poddestuollen, ynsekten en oar lyts wringeleas dierte.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan it Washingtongrûniikhoarntsje binne de sulverdas (Taxidea taxus), de prêrjewolf (Canis latrans), ferskate soarten haukfûgels, de raven (Corvus corax) en beskate soarten slangen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Washingtongrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "gefoelich". De reden dêrfoar is dat it hiele ferspriedingsgebiet fan dit bistke mar kwealk mear as 20.000 km² beslacht. Dat oerflak belunet oanhâldend troch minsklike aktiviteiten, en is dêrtroch ek sterk fragmintearre rekke, sadat ferskillende populaasjes Washingtongrûniikhoarntsjes faninoar skaat rekke binne. Njonken habitatferlies hat dizze soarte ek te kampen mei de ferkringing fan ytbere planten troch ûnytbere, troch de minske yntrodusearre eksoaten. Yn Oregon stiet it Washingtongrûniikhoarntsje oanskreaun as bedrige, mar yn 'e Feriene Steaten as gehiel stiet dit bist net op in reade list.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Washingtongrûniikhoarntsje is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Belege en Literatur, op dizze side.
|

