Springe nei ynhâld

Townsendgrûniikhoarntsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Urocitellus townsendii)
townsendgrûniikhoarntsje
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljeiikhoarntsjes (Sciuridae)
skaailangsturtgrûniikhoarntsjes
   (Urocitellus)
soarte
Urocitellus townsendii
Bachman, 1839
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

It townsendgrûniikhoarntsje of Townsends grûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Urocitellus townsendii) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus). Dit bist is lânseigen yn 'e Amerikaanske steat Washington. It nei de Amerikaanske biolooch John Kirk Townsend (18091851) ferneamde townsendgrûniikhoarntsje is in omnivoar deidier, dat it meastepart fan it jier yn wintersliep trochbringt. De IUCN klassifisearret dit bist as kwetsber.

It ferspriedingsgebiet fan it townsendgrûniikhoarntsje is beheind ta in frij behindige krite yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Washington, bewesten en foar in lyts diel benoarden de rivier de Kolumbia. It beslacht de delling fan 'e rivier de Yakima en de Hynstehimelheuvels westlik dêrfan yn Benson County, it easten fan Yakima County en Klickitat County en it súdeasten fan Kittitas County.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It townsendgrûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 20,0–23,2 sm, mei in sturtlingte fan 3,2–5,4 sm. It gewicht bedraacht rûchwei 125–175 g, wêrby't der in beskate seksuele dimorfy is yn 'e sin dat de mantsjes in stikje foarser en swierder binne as de wyfkes. Ek fariëarret it gewicht danich neffens de tiid fan it jier, mei't de bistkes oan it begjin fan 'e wintersliep grou en folfretten binne, en oan 'e ein fan 'e wintersliep sterk fermeagere.

De pels is grizich brún op 'e boppeste dielen fan it lichem (kop, nekke, rêch, siden en boppekant fan 'e sturt), en wyt oant krêmkleurich op 'e ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, hals en bealch). De koarte poatsjes binne griis en de ûnderkant fan 'e sturt is bêzje. Op 'e wangen en de efterpoaten kriget de grûnkleur in rodzige gloede trochdat der readbrune hierkes yn 'e pels fermongen binne. De swarte eagen hawwe in tinne râne fan wite hierkes deromhinne.

Townsendgrûniikhoarntsjes hâlde fan in flak, drûch, woastyneftich biotoop, dat krap begroeid is mei fegetaasje, yn 't bysûnder woastynaalst (Artemisia tridentata). Behalven yn 'e wyldernis libje se ek op lân dat yn agrarysk gebrûk is. It klimaat yn harren ferspriedingsgebiet wurdt bepaald trochdat it yn it reinskaad fan it Cascadesberchtme leit.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It townsendgrûniikhoarntsje is in deidier dat libbet yn eigengroeven hoalen mei ferskate 'keamers' en komplekse ûndergrûnske gongestelsels. Dy wurde by foarkar oanmakke op plakken dy't wat heger lizze as it omlizzende lân en dêrtroch in better ôfwettering hawwe. Se kinne mear as 1 m djip wêze.

Townsendgrûniikhoarntsjes hâlde in wintersliep dy't sa lang is, dat er foar in part in simmersliep is. Se geane yn maaie of juny al út 'e wei om 'e hjitte simmer te ûntrinnen en komme pas yn jannewaris of febrewaris wer foar 't ljocht. Dêrby jouwe de mantsjes har earder del as de wyfkes en healwoeksen bisten, en wurde dan ek wer earder wekker.

De peartiid falt foar it townsendgrûniikhoarntsje fuort nei't de wyfkes yn febrewaris út wintersliep kommen binne. Nei in draachtiid fan likernôch 25 dagen smite dy yn maart yn in ûndergrûnske nêstkeamer 4–16 jongen (oantallen op basis fan waarnimmings by wyfkes dy't yn finzenskip holden waarden). Mei 4 wiken, tsjin 'e ein fan maart of it begjin fan april, komme de jongen foar it earst bûtendoar. Net folle letter geane se by de mem wei.

Townsendgrûniikhoarntsjes binne omnivoaren, hoewol't harren dieet foar it meastepart út plantaardich guod bestiet. Men moat dan tinke oan blêden, knoppen en sieden. Neffens ien ûndersyk (Johnson, 1977) bestie 49% fan it fretten fan 'e bisten út dielen fan ien plantesoarte, te witten: alkalyblaugers (Poa sandbergii). Dêrnjonken frette se, as de gelegenheid him foardocht, ek ynsekten en oar lyts wringeleas dierte, lykas oare lidpoatigen en wjirms.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan it townsendgrûniikhoarntsje binne: de sulverdas (Taxidea taxus), de prêrjewolf (Canis latrans), martereftigen lykas de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii) en de langsturtwezeling (Neogale frenata), ferskate soarten haukfûgels en teffens de raven (Corvus corax).

It townsendgrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat de leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is (de oare beide binne: bedrige en krityk). De reden dêrfoar is dat dit bist noch mar yn in hiel lyts gebiet foarkomt. Fan it oarspronklike ferspriedingsgebiet is troch habitatferlies noch mar 10% oer, of yn absolute sifers minder as 7.000 km². Utwreiding fan minsklike aktiviteiten binne dêrfan de oarsaak, mei't in grut diel fan it eardere habitat fan it townsendgrûniikhoarntsje yn kultuer brocht is as greiden, ikkers, hôven en tunen.

Der binne 2 erkende ûndersoarten fan it townsendgrûniikhoarntsje (Urocitellus townsendii):

  • U. t. nancyae (benoarden de Yakima en bewesten de Kolumbia)
  • U. t. townsendii (besuden de Yakima en benoarden de Kolumbia)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Belege en Literatur, op dizze side.