Springe nei ynhâld

Urbi et orbi

Ut Wikipedy
Seine urbi et orbi troch paus Benediktus XVI, Krysttiid 2008

Urbi et orbi (Latyn: foar de stêd en foar de wrâld) is de tradisjonele seine dy't de paus mei Krysttiid en Peaske fan it balkon fan de Sint-Pitersbasilyk yn Fatikaanstêd útsprekt. en by bysûndere gelegenheden, lykas yn in Hillich Jier of daalks nei't in nije paus keazen is. Formeel sjoen giet it om in pauslike of apostolyske seine.

De term jout fan oarsprong oan dat in troch it sintrale gesach fan de Roomsk-Katolike Tsjerke ferrjochte rjochtshanneling of beslút net allinne foar de stêd Rome (Urbi), mar foar de hiele wrâld (Orbi) jildich is.

Mei Peaske en Krysttiid sprekt de paus foarôfgeand oan de seine Urbi et Orbi in begroeting út, folge troch in taspraak dêr't faak yn yngien wurdt op aktuele problemen yn de wrâld en wurdt oproppen ta frede.

Urbi et orbi yn 'e skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1782 die paus Pius VI de seine mei peaske yn Wenen op it balkon fan de Tsjerke am Hof.

Doe't yn 1870 de Tsjerklike Steat troch Itaalje anneksearre waard en de paus syn wrâldlike macht ferlear, wegere de doetiidske paus Pius IX noch langer de seine 'foar stêd en wrâld' út te sprekken. De Hillige Sit libbe tsientallen jierren yn spanning mei de machthawwers yn Rome.

Paus Pius XI werstelde it Urbi et orbi daalks nei syn ferkiezing yn 1922 om sa in begjin te meitsjen mei de fersoening tusken de Tsjerke en de Italjaanske steat.

Doe't Jehannes Paulus II yn syn lêste libbensdagen net mear goed prate koe, wie der ûndúdlikens oer de jildigens fan `e seine. Mar sadree't de paus de yntinsje hat om te seinigjen is de apostolyske segen jildich, ek al is er net fersteanber.

Op 27 maart 2020 hat paus Fransiskus dizze seine foar de stêd en foar de wrâld jûn op it foarplein fan de basilyk foar in leech Sint-Pitersplein om de ein fan de koroanapandemy ôf te smeken. Dit Urbi et Orbi wie bysûnder om't it om in Eucharistyske seine mei it Allerhillichste gie wêrby't de gebrûklike tekst net lûdop útsprutsen waard. Ek it Urbi et orbi by mei Peaske wie oars, om't paus Franciscus de seine doe útsprutsen hat yn in lege Sint-Pitersbasilyk, dat barde ek yn 2021.

De Latynske tekst fan de seine Urbi et Orbi is:

Sancti Apostoli Petrus et Paulus, de quorum potestate et auctoritate confidimus, ipsi intercedant pro nobis ad Dominum.

('Meie de hillige apostelen Petrus en Paulus, yn waans macht en gesach wy fertrouwe, sels foar ús bidde ta de Hear.')

Amen

Precibus et meritis beatæ Mariae semper Virginis, beati Michaelis Archangeli, beati Ioannis Baptistæ et sanctorum Apostolorum Petri et Pauli et omnium Sanctorum misereatur vestri omnipotens Deus et dimissis omnibus peccatis vestris, perducat vos Iesus Christus ad vitam æternam.

('Troch de gebeden en de fertsjinsten fan `e hillige Faam Maria, fan `e hillige aartsingels Michaël, de hillige Johannes de Doper, en de hillige apostelen Petrus en Paulus en alle hilligen, meie de almachtige God har oer jimme ûntfermje, al jimme sûnden ferjaan, en mei Jezus Kristus jim liede ta it ivige libben.')

Amen

Indulgentiam, absolutionem et remissionem omnium peccatorum vestrorum, spatium verae et fructuosae pænitentiæ, cor semper pænitens et emendationem vitae, gratiam et consulationem sancti Spiritus et finalem perseverantiam in bonis operibus, tribuat vobis omnipotens et misericors Dominus.

('Mei de barmhertige Hear jimme frijspraak en ferjouwing fan al jo sûnden, de romte fan in wiere en fruchtbere boetedwaning, in altyd boetfeardich hert en ferbettering fan libben, de genede en wiisheid fan `e Hillige Geast en uterste stânfêstens yn goede wurken jaan.')

Amen

Et benedictio Dei omnipotentis: Patris et Filii et Spiritus Sancti descendat super vos et maneat semper.

(En mei dan de seine fan `e Almachtige God: fan `e Heit, de Soan en de Hillige Geast op jimme del komme en dêr altyd bliuwe.’)

Amen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: