Urbanus VIII
Urbanus VIII | ||
![]() | ||
![]() | ||
Paus Urbanus VIII | ||
amt en titulatuer | ||
tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | bisdom Rome | |
sit | Hillige Sit | |
amtsperioade | 1623-1644 | |
foargonger | Gregoarius XV | |
opfolger | Innosintius X | |
wapen | ![]() | |
wurkpaad | ||
preesterwijing | 24 septimber 1592 | |
biskopswijing | 28 oktober 1604 | |
kardinaal | 11 septimber 1606 | |
persoanlike bysûnderheden | ||
bertenamme | Maffeo Barberini | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 5 april 1568 | |
berteplak | Florâns | |
stjerdatum | 29 july 1644 | |
stjerplak | Rome |
Paus Urbanus VIII, bêrne as Maffeo Barberini (Florâns, 5 april 1568 - Rome, 29 july 1644) wie de 235ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, hy stie as paus oan it haad fan de Roomsk-Katolike Tsjerke fan 1623 oant 1944.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard yn 1568 berne as telch fan it wichtige Florentynske geslacht Barberini. Tanksij in ynfloedrike omke, in apostolysk protonotaris, makke er al jong promoasje by de pausen Sikstus V en Gregoarius XIV. Under paus Klemins VIII klom er sels op ta protonotaris en nuntius by it Frânske hof; paus Paulus V beneamde him yn in ferlykbere funksje, en dêrnei klom er op ta kardinaal en oant pauslik legaat nei Bologna. Op 6 augustus 1623 waard er keazen ta opfolger fan paus Gregoarius XV.
Pontifikaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tritichjierrige Oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn pontifikaat fan hast 21 jier lang foel yn de Tritichjierrige Oarloch. It úteinlike resultaat fan dy grutte wrakseling waard foar in grut part beskaat troch Urbanus VIII syn belied, dat net sa bot rjochte wie op it werstel fan it katolisisme yn Europa as wol op it berikken fan in machtslykwicht dat syn eigen ûnôfhinklikheid en wrâldlike macht yn Itaalje te goede kaam.
Yn 1631 waard it hartochdom Urbino yn de pauslike steat ynlive, en yn 1627, doe't de direkte manlike line fan de Gonzagas yn Mantua útstoar, pleite er foar opfolging troch de hartoch fan Nevers om dêrmei de oanspraak fan de Habsburgers te dwers te sitten. Hy wie de lêste paus dy't de pauslike steat útwreide.
Hy fersterke Castelfranco Emilia oan de grins mei Mantua. Yn Rome fersterke er de Ingelenboarch gâns. Foar de fabrikaazje fan kanonnen en foar dekoraasje fan it Fatikaan waarden de brûnzen omlistingen fan de kassetten plondere út it Pantheon, dat al sûnt 609 in kristlike tsjerke wie. Hy rjochte ek yn it Fatikaan in arsenaal en yn Tivoli in wapenfabryk yn. Hy fersterke de haven fan Civitavecchia.
Maatregels fan him op tsjerklik en geastlik mêd wiene: ferbettering fan it missaal en it brevier, regeling fan it proses fan hillichferklearring, en feroardieling fan it boek "Augustinus" skreaun troch Cornelius Jansenius de biskop fan Ieper.
Galileo Galilei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wie by syn pontifikaat dat Galileo Galilei yn 1633 nei Rome ûntbean waard om syn mieningen te werroppen. Hy hie ea in stúdzjegenoat west fan Galilei en stie net ûnskiklik tsjin de troch Galilei propagearre heliosintryske teory fan Copernicus, Mar yn 1632, nei de publikaasje fan de Galiliei's Dialooch, en ûnder swiere druk fan in tal Spaanske kardinalen, liet er Galilei falle om fierdere krityk op syn lakheid neffens de ketterij foar te kommen. It proses tsjinne benammen Urbanus VIII's politike doel om sterker nei foaren te kommen as bestrider fan de ketterij, en wie earder symboalysk bedoeld. Galilei swarde de lear fan Copernicus ôf en waard yn 1633 yn 'e ban dien en ta libbenslang húsarrest feroardiele.
Hy spendearre oan'e oare kant enoarme bedraggen út de pauslike middels om alsidige gelearden as Athanasius Kircher nei Rome te heljen. Hy wie ek in grut beskermhear fan de keunsten, dêr't skilders as Nicolas Poussin en Claude Lorrain fan profitearren.
Hy wie in paus dy't op in grutte skaal oan freontsjespolityk die: ferskate leden fan syn famylje waarden tanksij him geweldich ryk, sadat syn tiidgenoaten de yndruk krigen dat er in Barberini-dynasty oan it ynstellen wie.
Hy ferklearre Elisabeth fan Aragón en Andreas Korsini hillich en furdige de pauslike bul út oangeande de hillichferklearring fan Ignatius fan Loyola en Fransiskus Ksavearius, dy't al troch syn foargonger Gregoarius XV hillich ferklearre wiene.
Urbanus VIII wie in goed skriuwer fan Latynske poëzy; in kolleksje fan Bibelske parafrases en orizjinele geastlike lieten binne geregeld op 'e nij printe.
Earste oarloch fan Castro
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Urbanus VIII fierde in kriich yn Castro tsjin de hartoch fan Parma en Castro. Fanwegen de kosten fan dizze kriich foar de stêd Rome fierde er net minder as 10 nije belestingen yn, hjirtroch waard Urbanus VIII uterst ympopulêr. By syn ferstjerren waard syn búste, dy't njonken it Paleis fan de Konservator op de Capitolynske Heuvel stie, al gau fernield troch in poerrazende mannichte. In alerte preester rêde it byld fan Urbanus VIII, dat ta de Jezuïten hearde, fan inselde lot.
Ynfloed fan Urbanus VIII op de arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om syn macht te etalearjen makke Urbanus VIII neist syn aksjes op militêr mêd ek gebrûk fan de arsjitektuer, de skilderkeunst en de byldhoukeunst. Koart nei syn amtsoanfurdigjen yn 1623 soe er opdracht jaan ta foltôging fan de Sint-Pitersbasilyk. Fierder liet er in nije muorre om de stêd hinne bouwe en stelt er in programma op om in rige boufallige ier-kristlike tsjerken restaurearje te litten. Op stedlik flak fierde er ek in pear wizigingen troch; hy soarge der fia trochbraken fan strjitten foar dat der in beskate gearhing tusken promininte religieuze plakken kaam of paste dy plakken yn in gruttere stedske kontekst. Urbanus joech ek de opdracht foar de Trevifontein, dy't pas nei syn dea foltôge waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
![]() |
Pausen yn 'e 17e iuw | |
---|---|---|
Leo XI · Paulus V · Gregoarius XV · Urbanus VIII · Innosintius X · Aleksander VII · Klemins IX · Klemins X · Innosintius XI · Aleksander VIII · Innosintius XII · |
||
![]() ![]() ![]() |