Upgant-Schott
| Upgant-Schott Upgant-Skot | ||
| Loftfoto fan Upgant-Schott mei op 'e eftergrûn Marienhafe (rjochts) en Osteel (lofts) | ||
| Emblemen | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 3.567 (31 desimber 2024) | |
| Oerflak | 24,78 km² | |
| Befolkingsticht. | 144 / km² | |
| Hichte | 1 m | |
| Polityk | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Lânkring | ||
| Gemeenteyndieling | 5 doarpen | |
| Oar | ||
| Adres | Am Markt 10 26529 Marienhafe | |
| Koördinaten | 53° 31' N 7° 16' E | |
| Kfz | AUR, NOR | |
| Gemeindeschlüssel | 03 4 52 024 | |
| Postkoade | 26529 | |
| Netnûmer | 04934 | |
| Ferkearsieren | 72, 436 | |
| Stifting | 1972 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Offisjele webside | ||
| www.marienhafe.de | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Lizzing fan 'e gemeente Upgant-Schott yn 'e lânkring Auwerk | ||
Upgant-Schott (Eastfrysk Plat: Upgant-Skot[1]) is in gemeente yn 'e Samtgemeinde Brookmerland en leit yn 'e lânkring Auerk yn East-Fryslân. Njonken it haadplak Upgant-Schott binne de doarpen Siegelsum, Mühlenloog, Ihlingswarf, Osterupgant en Kolhörn binne ûnderdiel fan Upgant-Schott. Deunby leit it treinstasjon Marienhafe oan 'e spoarline Rheine-Norddeich Mole.
Upgant-Schott hat 3.567 ynwenners (31 desimber 2024).
Oarsprong fan 'e namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Upgant-Schott waard foar it earst neamd as Cuppargent yn 945 yn it skinkingsregister fan de abdij fan Fulda. De namme Upgant ferwiist nei alle gedachten nei in lytse stream mei de namme Gant. Nei alle gedachten streamde dat wetterke eartiids fan Siegelsum (in doarp dat yn 1969 by de gemeente foege waard) fia it Bollandswater, westlik fan Schottjer Grode, nei de Abelitz, in sydrivier fan de Alte Greetsieler Sieltief. In oare mooglikheid is dat de stream syn oarsprong hie yn it ferhege fean eastlik fan Upgant en identyk is oan de hjoeddeiske Upganter Zugschloot.
Dy ferklearring wurdt stipe troch de namme Upgant (Eastfrysk Plat: up de Gant, Dútsk: auf/über der Gant).
De namme Schott wurdt yn populêre publikaasjes ferklearre as ôflaat fan it Nederdútske wurd scheten (“smite”). De ierde dy’t út in sleat smiten waard, foarme in soarte fan wâl lâns de sleat; sa’n wâltsje waard eartiids in Schott neamd. Lykwols bestie it doarp al lang foar't it Nederdútsk it Frysk ferkrongen hie. It is net mooglik dat de oarsprong fan de namme oars is as in Fryske. Oant yn de twadde helte fan de 17e iuw waard der yn dizze kriten Frysk praat.
Gemeentlike weryndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Siegelsum waard op 1 july 1972 ûnderdiel fan Upgant-Schott.[2]
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blazoenearring: Yn swart trije lofts rjochte 2:1 opstelde gouden (giele) earnklauwen.
Wapenútlis: It wapen ûntwurpen troch Ulf-Dietrich Korn waard op 5 novimber 1958 goedkard troch de gûverneur fan de provinsje Auwerk. It is it wapen fan de útstoarne famylje fan Upgant, dokumintearre troch in grêfstien fan Siewer fan Upgant út 1568.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De yn 1820 boude tsjerke fan Siegelsum, boud mei de kleastermoppen fan syn midsiuwske foargonger.
- Yn it súdeasten fan 'e gemeente is de Boarch Upgant, ien fan de pear oerbleaune stinzen yn East-Fryslân.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sitferdieling gemeenteried
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeenteried bestiet út 15 riedsleden. Dat is it fêststelde tal foar in lidgemeente fan in Samtgemeinde mei in ynwennertal fan 3001 oant 5000 ynwenners. De gemeenteriedsleden wurde keazen by gemeenteriedsferkiezings foar in tiidrek fan 5 jier.
De lêste ferkiezings fan 11 september 2021 levere de folgjende útslach op:
| partij | 2021 |
|---|---|
| SPD | 6 |
| Brookmer Wähler Gemeinschaft (BWG) | 4 |
| CDU | 2 |
| BfB | 2 |
| Moin | 1 |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gemeente Upgant-Schott op 'e side fan 'e Samtgemeinde Brookmerland
- Webstee fan 'e Samtgemeinde Brookmerland
- Beskriuwing fan Upgant-Schott yn it histoaryske doarperegister fan it Eastfryske Lânskip
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foarm oare boarnen, sjoch de:Upgant-Schott |
| Brookmerlân (Samtgemeinde) | ||
|---|---|---|
| Haadplak: Mariënhafe | ||
| Doarpen: Leezdorf • Osteel • Rechtupweg • Siegelsum • Tjüche • Upgant-Schott • Wirdum | ||
| Eastfryslân | |
|---|---|
| Auwerk (haadstêd) - Baltrum - Berumbur - Blomberg - Boarkum - Brinkum - Bunde - Detern - Dornum - Dunum - Emden - Esens - Eversmeer - Filsum - Firrel - Friedeburg - Großefehn - Großheide - Hage - Hagermarsch - Halbemond - Hesel - Hinte - Holtgast - Holtland - Ihlow - Jemgum - Júst - Krummhörn - Langereach - Leezdorf - Lier - Lütetsburg - Mariënhafe - Moormerland - Moorweg - Nenndorf - Neuharlingersiel - Neukamperfehn - Neuschoo - Norden - Norderney - Nortmoor - Ochtersum - Osteel - Ostrhauderfehn - Rechtsupweg - Rhauderfehn - Schwerinsdorf - Schweindorf - Spikereach - Stedesdorf - Südbrookmerland - Upgant-Schott - Uplengen - Utarp - Weener - Werdum - Westerholt - Westoverledingen - Wiesmoor - Wirdum - Wittmund | |
