Untwrakseling

Ut Wikipedy
Untwrakseling
keunstwurk
Fersetsmonumint
Fersetsmonumint
bysûnderheden
jier 1970
keunstner Ids Willemsma
materiaal stiel
plak Akkrum
lokaasje Heechein; by de Terptsjerke;

Untwrakseling is in fersetsmonumint yn Akkrum makke troch keunstner Ids Willemsma.

It byld, ien fan de earste opdrachten fan Willemsma doe't er noch 1e jiers studint oan de akademy Vredeman de Vries wie [1], is in abstrakte skulptuer dy’t alle boargerslachtoffers betinkt. It tebrutsene heakekrús ferbyldet de ûntwrakseling oan de Dútske besetter. It swarte monumint is makke fan stiel en stiet yn it plantsoen by de herfoarme Terptsjerke oan it Heechein. Op it plak fan it monumint stie eartiids in houten krús. De Untwrakseling waard op 5 maaie 1970 ûntbleate. Op de jierlikse deadebetinking fan 4 maaie begjint de Akkrumer stille tocht by it begraafplak oan de Boarnsterdyk en einiget mei in krânslizzing by it fersetsmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: