Springe nei ynhâld

Unrêst

Ut Wikipedy
Unrêst, oan de súdkant fan Teksel (1866).

De Unrêst wie in grûn yn de Noardsee dy't earst yn de 19e iuw ta in sânplaat waard. Begjin 20e iuw woeks de plaat lykwols fêst oan de súdkant fan Teksel. Oant dan wie it Nije Gat de skieding, mar yn de rin fan dy iuw woeks Unrêst fêst oan de De Hors-kant fan in eilân, en foarme in nij lang sânstân foar Teksel. Lykwols hie dat foar de Hors earder ek sa west, wylst har dêr letter dunen op foarmen.

Mei't Teksel sa nei it súden ta heakfoarming hân hat, is it ûnwis wat barre sil mei it Mûngat: De slinke fan it Marsdjip dêr't Teksel troch skieden wurdt fan de Noarderheaks, soe lykas de oare gatten fersâne reitsje kinne, mar of dat wier barre sil, stiet noch net fêst.