Springe nei ynhâld

Unitastsjerke

Ut Wikipedy
Unitastsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Wurdum
adresLegedyk 18
koördinaten53° 08' N 5° 47' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipearder: grifformeard
statusbûten gebrûk steld
no:apparteminten
Arsjitektuer
arsjitektAne Nauta
boujier1925
monumintale statusgemeentlik monumint
Kaart
Unitastsjerke (Fryslân)
Unitastsjerke

De Unitastsjerke wie de grifformearde tsjerke fan Wurdum. Yn ferbân mei de foarming fan in PKN-gemeente waard de tsjerke yn 2003 opjûn en te keap set. De protestantske gemeente fiert harren tsjinsten sûnt yn 'e Martinustsjerke.

De tsjerke waard yn 1925 neffens in ûntwerp fan Ane Nauta boud foar de grifformearde gemeente fan Wurdum. It gebou ferfong de neogoatyske tsjerke út 1874 oan 'e Swichumerdyk 11. Dy foargonger bestiet noch jimmeroan en ek al is der in soad oan feroare, der is noch altiten oan it gebou te sjen dat it eartiids in tsjerke west hat.[1]

Op 7 septimber 2003 waard de lêste tsjinst yn 'e Unitastsjerke holden. It monumintale gebou bleau lykwols sûnder al te grutte feroarings bewarre. De Unitastsjerke hat glês-yn-leadramen, dy't yn 1974 neffens it oarspronklike ûntwerp op 'e nij set binne.[2]

Sûnt 1991 besiet de tsjerke in piipoargel út 1842 fan 'e Ingelske bouwers Fisher & Wilson, dat yn ferbân mei it sluten fan de tsjerke spitigernôch foar Fryslân ferlern gyng, mar wol bestean bleau. Nei de demontaazje ferhûze it ynstrumint nei de grifformeard-frijmakke tsjerke "Het Baken" yn Bergschenhoek.[3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: