Unionskirche (Idstein)

Ut Wikipedy
Unionskirche
bouwurk
De tsjerke út it westen wie sjoen
De tsjerke út it westen wie sjoen
lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Hessen
plak Idstein
adres Martin-Luther-Str. 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Fan ôf ± 1400
offisjele webside
Side Protestanske gemeente Idstein

De Unionskirche (Frysk: Unytsjerke) is in protestantske tsjerke yn de Dútske stêd Idstein yn de dielsteat Hessen. De tsjerke is it besjen wurdich fanwegen it barokke ynterieur. Benammen de 38 skilderijen fan de Flaamske skilder Michael Angelo Immenraedt binne foar in protestantsk tsjerkegebou opmerklik. It monumintale gebou wie de earste wichtige tsjerkebou fan it hertochdom Nassau nei de Tritichjierrige Kriich en draacht it ynternasjonale beskermingsembleem foar kultuergoed neffens de Haachske Konvinsje.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eartiids hiet de oarspronklik oan Martinus wijde tsjerke gewoan "Stadtkirche", mar yn 1917 krige de tsjerke de hjoeddeiske namme as in ferwizing nei de feriening fan de luterske en kalvinistyske tsjerken fan it hertochdom Nassau in iuw earder. It wie de earste fúzje fan kalvinisten en lutheranen yn it Dútske Ryk, dy't noch plak fûn foar de Prusyske Uny efkes letter yn septimber 1817.

Bouskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tekening fan de tsjerke út 1914 mei it sicht op de toer en it eastlike koer

Neffens bouresten yn de toer moat der foar 1287 op itselde plak in romaanske tsjerke stien ha. Fan dy romaanske bou is fierder neat mei krektens te sizzen. Tusken 1330 en 1350 waard útein set mei de bou fan de goatyske stiftstsjerke Sint-Martinus. It stift bestie oant 1553 en gyng dêrnei oer yn lutherske hannen. Yn 1817 gyngen de gebouwen op yn it Nassauischen Zentralstudienfonds, in ûnderwiisfûns dat oprjochte wie troch hertoch Wilhelm I fan Nassau.

Nei de reformaasje waard de tsjerke yn opdracht fan greve Johan fan Nassau-Idstein tusken 1665 en 1677 yn in preek- en hôftsjerke ferboud. De greve, dy't om syn wrede heksenferfolgings bekend stie, makke de foltôging fan it ynterieur sels net mear mei en stoar koart foar dy tiid. Nei it westen ta waard de tsjerke langer makke, de muorren waarden ferhege, itjinge resultearre yn flakkere dakken en de measte pylders ferdwûne. De tsjerke krige yn it hegere diel ovale finsters en ek de portalen waarden oanpast. Yn de tsjerke waarden gallerijen mei moarmeren arkades oanbrocht. Foar mear ljocht op de gallerijen waarden der yn 1725 harkenieltsjes op de sydskippen boud.

De yn 1714 heger makke toer krige yn 1830 in achtsidige spits tusken fjouwer topgevels.

Oersjoch ynterieur

Yn 1956 kaam de binnenstêd fan Idstein nei in swiere wolkbrek ûnder wetter te stean. Ek de tsjerke rûn skea op. In renovaasje fan it gebou folge yn de jierren 1958-1961. Mei it each op it 200-jierrige jubileum fan de Uny fan Nassau ûndergyng de tsjerke yn de rin fan 2015 oant 2017 in grutte restauraasje. De tsjerke waard op 25 juny 2017 wer op 'e nij iepene.[1]

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is ferneamd fanwegen de 38 oaljeskilderijen, dy't it hiele plafond fan it middenskip en de heechste dielen fan de muorren bestrike. De skilderijen stelle nij-testamentyske foarstellings foar en binne fan 1673 oant 1678 troch Michael Angelo Immenraedt (1621, Antwerpen – 1683, Utert), út Antwerpen en syn meiwurker Johannes Melchior Bencard makke. Ferskate wurken hawwe grutte oerienkomsten mei wurken fan Rubens, lykas de "Brullof yn Kana" op de súdlike muorre, dy't basearre is it op Rubens' wurk "It feest fan Herodus".

De skilderijen fertelle de ferhalen út it evangeelje yn de kronologyske folchoarder oan in gemeente, dy't eartiids mar foar in part lêze koe. De bibelske persoanen wurde ôfbylde yn de barokke moade fan dy tiid fan de hegere stannen. It skilderij "Heimsuchung" (de besite fan Marije oan har nicht Elisabet) lit bygelyks Marije mei in tsjinstfeint sjen, dy't har koffers op de holle meidraacht mei op de eftergrûn in barokke paleistún (mooglik de tún fan it yn 1646 boude paleis fan Johan fan Nassau-Idstein). De skilderijen yn it midden fan it plafond stelle de Transfiguraasje, it oprjochtsjen fan it Krús, de Opstanning, de Krúsôfname, de Himelfeart en Jehannes op Patmos dy't de iepen himmel en dêr in ingel mei it evangeelje sjocht foar.

It moarmeren alter yn it ferhege koer waard yn 1676 boud troch Arnold Harnisch. Sintraal fan it alter is in 17e-iuwsk skilderij fan it Lêste Jûnsmiel oanbrocht. De moarmeren preekstoel rjochts fan it alter is fan 1673 en it doopfont fan 1675. De byldhouwer Franz Matthias Hiernle makke neffens in ûntwerp fan Maximilian von Welsch lofts fan it alter in grêfmonumint foar George August Samuel van Nassau-Idstein, syn frou Henriette Dorothea en harren bern.

Maximilan Pronner út Giessen brocht yn 1725 it fresko fan it fisioen yn de Iepenbiering fan Jehannes oan. De houten pylders yn de foarm fan palmbeammen waarden yn 1726 tafoege. De tsjerke wurdt ferljochte troch kristallen kroanlampen út it begjin fan de 19e iuw dy't earder yn it Kurhaus fan Wiesbaden hongen.

Yn de jierren 1957-1965 waarden de trije klokken ferfongen, dy't yn de Twadde Wrâldkriich út de tsjerke helle wiene om se om te ranen.[2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1912 boud troch Walcker yn in kast fan Stumm.[3]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]