Ungeslachtlike fuortplanting

Ungeslachtlike fuortplanting, aseksuele fuortplanting of aseksuele reproduksje is in foarm fan fuortplanting wêrby't mar ien âlder-organisme belutsen is. De neikommelingen dy't ûntsteane út ûngeslachtlike fuortplanting binne sadwaande genetysk identyk oan it memme-organisme, en wurde dêrom ek wol (natuerlike) kloanen neamd. Ungeslachtlike fuortplanting is de primêre foarm fan fuortplanting by iensellige organismen, lykas baktearjes en amoeben. Ek in protte mearsellige organismen, lykas skimmels, planten en sels bisten, binne by steat om har op ûngeslachtlike wize fuort te plantsjen, al is dat by harren ornaris net de primêre manear fan fuortplanting.
It tsjinstelde fan ûngeslachtlike fuortplanting is geslachtlike fuortplanting, wêrby't altyd sprake is fan twa âlderorganismen. Almeast fynt dêrby troch befruchting de ferraning plak fan twa geslachtssellen (gameten): in (manlike) siedsel en in (froulike) aaisel. Op dy manear wurdt de genetyske ynformaasje fan 'e beide âlden kombinearre yn 'e neikommeling. Geslachtlike fuortplanting komt foar by eukaryoaten, wylst prokaryoaten har by definysje altyd ûngeslachtlik fuortplantsje.
Foarmen fan ûngeslachtlike fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Binêre dieling: hjirby spjalt in sel him yn twaen en foarmet op dy manear twa identike dochtersellen. Dizze metoade wurdt brûkt troch prokaryoaten: oerbaktearjes (Archaea) en baktearjes. Under de juste groeikondysjes kin in baktearje op basis fan binêre dielings yn koarte tiid in koloanje fan miljoenen identike sellen kreëarje. Iensellige eukaryoaten (protisten lykas algen en skimmels) kinne har op in ferlykbere wize fuortplantsje troch mitoaze (gewoane seldieling).
- Knopfoarming: guon sellen diele har troch knopfoarming, in proses wêrby't de dochtersel him ôfsnuorret fan 'e memmesel. In bekend foarbyld is bakkersgêst. Lytse útgroeisels waakse dêrby út ta in nije gêstsel. Dizze foarm fan ûngeslachtlike fuortplanting komt ek foar by mearsellige organismen lykas koraal, hydroydpolipen, spûnzen, beskate platwjirms en de larven fan stikelhûdigen.
- Fegetative fermeardering: in koepelterm foar in stikmannich foarmen fan ûngeslachtlike fuortplanting dy't foarkomme by planten. Karakteristyk hjirfoar is dat de plant himsels fuortplantet sûnder in foarôfgeande produksje fan sieden of spoaren, en dus ek sûnder meioaze of befruchting. In protte plantesoarten kinne har fan natuere fegetatyf fermearderje, bgl. fia woartelstokken, útrinners of briedbollen. De minske makket fan dat fermogen tankber gebrûk foar lân- en túnbougewaaksen en sierplanten, troch dy te stekken, ôf te lizzen of te inten.

- Spoarefoarming: in protte mearsellige organismen, mar benammen skimmels, algen en beskate planten (fearplanten, moassen), foarmje spoaren yn in beskate faze fan 'e libbenssyklus. In spoare is in iensellich lichem dat almeast ynwindich yn it âlderorganisme oanlein wurdt. Spoaren binne media fan ûngeslachtlike fuortplanting: oars as geslachtssellen hoege se net mei-inoar te ferranen, mar ûntwikkelje se har direkt ta in nij yndividu.
- Fragmintaasje: in oare folle foarkommende foarm fan ûngeslachtlike fuortplanting, dy't karakterisearre wurdt troch it ôfspjalten fan in fragmint fan it âlderorganisme, dat him neitiid ûntjout ta in folslein nij yndividu. Fragmintaasje komt foar by skimmels, planten (bgl. levermoassen, koarstmoassen en blêdmoassen) en bisten (platwjirms, seestjerren, blomdieren en in protte ringwjirms).
- Partenogeneze: it harsels fuortplantsjen fan froulike bisten sûnder dat der sprake is fan befruchting fan harren aaisellen troch in manlike partner. Dit komt fral foar by lidpoatigen (blg. wetterflieën, blêdluzen, wanneljende tûken en beskate eamels, bijen en slûpmeepsen), mar is ek dokumintearre by inkele wringedieren, te witten by beskate soarten fisken, amfibyen, reptilen en fûgels. Foarbylden binne de sebrahaai (Stegostoma tigrinum), de swartpunthaai (Carcharhinus limbatus), de kapehammerhaai (Sphyrna tiburo), de rûne pylsturtroch (Urobatis halleri), in grut tal kikkert- en salamandersoarten, ferskate soarten slangen en hagedissen, wêrûnder de Komodofaraan (Varanus komodoensis), wrâlds grutste libbene hagedis, de nuete kalkoen (Meleagris gallopavo domesticus), de hin (Gallus gallus domesticus) en de Kalifornyske kondor (Gymnogyps californianus). Yn it planteryk bestiet in ferlykber proses dat apomiksy neamd wurdt. Dêrby wurdt in nije sporofyt foarme sûnder dat dêr befruchting oan te pas komt. Dat komt foar by fearplanten en blomplanten, bgl. de hynsteblom.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
