Springe nei ynhâld

Underwynske Eilannen (Genoatskipseilannen)

Ut Wikipedy
Underwynske Eilannen
In loftfoto fan Bora Bora.
In loftfoto fan Bora Bora.
emblemen
polityk en geografy
soarte gebieteilannegroep
lân Frankryk
oerseesk gebiet Frânsk-Polyneezje
haadplakUturoa
grutste plakUturoa
heechste puntTefatua (1.017 m)
tal eilannen9
wichtichste eil.Bora Bora, Ra‘iātea, Taha‘a,
Huahine
sifers
ynwennertal36.007 (2022)
oerflak404 km²
befolkingstichtens89,1 / km²
oar
tiidsôneUTC –10.00
simmertiidgjint
koördinaten16°30′ S 151°44′ W
kaart
Underwynske Eilannen (Frânsk-Polyneezje)
Underwynske Eilannen
Lizzing fan 'e Underwynske Eilannen yn
Frânsk-Polyneezje.
Net te betiizjen mei de Underwynske Eilannen yn it Karibysk Gebiet.

De Underwynske Eilannen (Frânsk: Îles Sous-le-vent, útspr.: [il suləˈvɔ̃]; Tahitiaansk: Fenua Raro Mata‘i) foarmje de westlike helte fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. De eilannen hearre ta Frânsk-Polyneezje, in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk. It bekendste eilân fan 'e Underwynske Eilannen is de lúkse fakânsjebestimming Bora Bora.

De Underwynske Eilannen foarmje rûchwei de westlike helte fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel yn 'e Stille Súdsee dy't geografysk ta Polyneezje heart. Bestjoerlik falle de Underwynske Eilannen ûnder Frânsk-Polyneezje, dat in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk is. De eilannen lizze westlik fan 'e Boppewynske Eilannen, noardlik fan 'e Australeilannen (dy't ek ta Frânsk-Polyneezje hearre), eastlik fan 'e Cookeilannen (in ôfhinklik gebiet fan Nij-Seelân) en súdlik fan 'e Line-eilannen (in diel fan Kiribaty).

De Underwynske Eilannen hawwe in lânoerflak fan 404 km². Der binne yn totaal 9 eilannen, wêrûnder 5 hege, fulkanyske eilannen en 4 atollen (yn 'e ûndersteande list binne de atollen werjûn mei *). Fan it noardwesten nei it súdeasten binne dat:

In lânkaart fan 'e Underwynske Eilannen.

It bekendste eilân fan 'e groep is sûnder mis de lúkse fakânsjebestimming Bora Bora. It grutste fan 'e Underwynske Eilannen is Ra‘iātea, dêr't it regionale haadplak Uturoa leit. Huahine wurdt by floed troch de see opspjalten yn it noardlike Huahine Nui ("Grut-Huahine") en it súdlike Huahine Iti ("Lyts-Huahine").

De Underwynske Eilannen waarden yn it earste milennium fan 'e Westerske jiertelling kolonisearre troch Polynezyske seefarders. Ynsafier bekend waarden de eilannen foar it earst yn 1722 troch Jeropeänen waarnommen, doe't de Nederlanner Jacob Roggeveen de posysje fan twa fan 'e Underwynske Eilannen kartografysk fêstlei. Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw ferskynden de earste Westerske sindelingen op 'e eilannen.

Omtrint dy tiid wiene de Underwynske Eilannen opdield yn trije ûnôfhinklike keninkriken: it Keninkryk Huahine mei de eilannen Huahine en Mai‘ao, it Keninkryk Raiatea mei de eilannen Ra‘iātea en Taha‘a en it Keninkryk Bora Bora mei de eilannen Bora Bora, Tūpai, Maupiti, Maupiha‘ā, Manuae en Motu One. Frankryk makke yn 1842 it Keninkryk Tahity, dat de Boppewynske Eilannen besloech, ta koloanje. Mar neffens de Konvinsje fan Jarnac, in ferdrach dat yn 1847 sletten waard tusken Frankryk en it Feriene Keninkryk, soene de Jeropeeske grutmachten de lânseigen keninkrykjes yn 'e Underwynske Eilannen gewurde litte. Frankryk briek dy oerienkomst yn 1888 en kolonisearre de steatsjes dochs. Dat late ta de Underwynske Oarloch, dy't duorre oant 1897.

Nei ôfrîn fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard Frânsk-Polyneezje yn 1946 ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat alle bewenners fan 'e Underwynske Eilannen de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings.

In loftfoto fan it eilân Ra‘iātea.

De Underwynske Eilannen foarmje in 'bestjoerlike ûnderferdieling' (Frânsk: subdivision administrative) fan Frânsk-Polyneezje. It regionaal bestjoer is fêstige yn Uturoa op it eilân Ra‘iātea. De eilannen binne fierder ûnderferdield yn 28 gemeenten (communes).

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 hiene de Underwynske Eilannen doe 36.007 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech 89,1 minsken de km². It grutste plak op 'e eilannen wie Uturoa op it eilân Ra‘iātea, mei 8.735 ynwenners.

Etnysk bestiet fierwei it grutste part fan 'e befolking fan 'e Underwynske Eilannen út Polyneezjers. De lânseigen Polynezyske befolking fan 'e eilannen bestiet út deselde etnyske groep as op 'e Boppewynske Eilannen. Dy wurdt, nei it grutste eilân fan 'e arsjipel (Tahity), oantsjut as Tahitianen. Harren taal is it Tahitiaansk, dat ta de Polynezyske taalkloft heart. In protte Tahitianen hawwe tsjintwurdich lykwols it Frânsk as memmetaal, dat yn Frânsk-Polyneezje de iennichste offisjele taal is.

Yn religieus opsjoch bestiet it meastepart fan 'e befolking fan 'e Underwynske Eilannen út protestantske kristenen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.