Under the Volcano

Under the Volcano (Ingelsk: "Under de fulkaan") is in roman fan 'e Ingelske skriuwer en dichter Malcolm Lowry, publisearre yn 1947 troch Reynal & Hitchcock, yn de Feriene Steaten, en Jonathan Cape, yn it Feriene Keninkryk. It boek wie Lowry's twadde en lêste folsleine roman. Der is net in Fryske ferzje fan útkaam.
De roman fertelt it ferhaal fan Geoffrey Firmin, in alkohol ferslaafde Britske konsul yn 'e stêd Cuernavaca, Meksiko, op 'e Dei fan 'e Deaden yn novimber 1938. It boek ûntlient de namme oan 'e twa fulkanen, Popocatépetl en Ixtacxihuatlo, dy't sawol Cuernavaca as it sichtfjild fan 'e personaazjes dominearret. "Under de fulkaan wêze" is ek in metafoar foar de situaasje fan it personaazje dat benearre of oerweldige wurdt troch de enoarme bedriging fan 'e fulkaan.
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1984 makke John Huston in film mei deselde namme, basearre op 'e roman, mei yn 'e haadrollen Albert Finney, Jacqueline Bisset, Anthony Andrews, Katy Jurado, Ignacio López Tarso en James Villiers. Yn 1999 waard Under the Volcano opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.