Springe nei ynhâld

Unbewenne eilân

Ut Wikipedy
In ûnbewenne tropysk eilân dat diel útmakket fan it atol Baa yn 'e Malediven.

In ûnbewenne eilân is in eilân of atol dat gjin (permaninte) minsklike bewenners hat. By it hearren fan 'e term tinke de measte lju oan in eilân yn 'e tropen mei in strân fan wyt sân en in begroeiïng fan kokospalmen. Sokke ûnbewenne eilannen wurde gauris opfierd yn 'e popkultuer as in lokaasje dêr't skipbreklingen of lju dy't der om oare redens fêst kommen binne te sitten, sjen moatte te oerlibjen. Ek wurde se gauris brûkt as stereotypen foar it idee fan in 'paradys'. Sokke tropyske ûnbewenne eilannen binne bekend út boeken lykas Robinson Crusoe fan Daniel Defoe en Treasure Island fan Robert Louis Stevenson, films lykas The Blue Lagoon út 1980 en Cast Away út 2000, en lieten lykas Op een Onbewoond Eiland fan Kinderen voor Kinderen.

Mar ûnbewenne eilannen komme ek in protte foar yn 'e Noardlike Iissee (bgl. Wrangel) en yn 'e Súdlike Oseaan (bgl. Bouvet of Macquarie). Ek yn Nederlân besteane ûnbewenne eilannen, lykas It Gryn, Rottumereach en Rottumerplaat yn 'e Waadsee. Foar sa'n eilân hoecht men sels net nei see ta, want se komme ek foar yn marren: bgl. Isle Royale yn 'e Boppemar, mar ek de Lytse Griene yn 'e Snitsermar. Guon ûnbewenne eilannen hawwe de status fan in natoerreservaat, dêr't minsken net komme meie, útsein fansels boskwachters en ûndersikers. Dat is bgl. sa mei It Gryn. Oare ûnbewenne eilannen binne likemin tagonklik foar minsken om't se priveebesit binne.

It grutste ûnbewenne eilân fan 'e wrâld is Devon yn 'e Arktyske Arsjipel fan Kanada, dat in oerflak fan 55.247 km² hat. De tweintich grutste ûnbewenne eilannen lizze allegearre yn 'e poalstreken, wat suggerearret dat de wichtichste reden foar it gebrek oan bewenning it kâlde klimaat is. By guon ûnbewenne eilannen hat it gebrek oan befolking ek te krijen mei de ôfhandige lizzing, lykas by Wake en Kerguelen, wylst oaren deun foar bewenne kusten lizze, mar te lyts of ûnherberchsum binne, lykas Lyts Bonêre foar de kust fan Bonêre en Žut foar de kust fan Kroaasje. Ek it ûnbrekken fan in boarne fan drinkber wetter kin in rol spylje by it gebrek oan bewenning.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.