Springe nei ynhâld

Unappreciated Gifts

Ut Wikipedy
Unappreciated Gifts
algemiene gegevens
auteurPatricia Briggs
taalIngelsk
foarmkoart ferhaal
sjenrefantasy
1e publikaasje2014
bondelA Fantastic Holiday Season
Blind Date with a Werewolf
rige
rigeAlpha and Omega

Unappreciated Gifts is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut: "Net-wurdearre Geskinken". It ferhaal heart ta de Alpha and Omega-searje en folget de oerâlde en bot gefaarlike wearwolf Asil Moreno, wannear't foar dyselde troch syn freonen in blind date beävensearre wurdt. Unappreciated Gifts waard foar it earst publisearre yn 2014, yn 'e blomlêzing A Fantastic Holiday Season: The Gift of Stories. It ferhaal makke ek ûnderdiel út fan Briggs har ferhalebondel Blind Date with a Werewolf út 2025.

Eftergrûnynformaasje oer de haadpersoan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Asil Moreno, byneamd "de Moar", is in tige gefaarlike wearwolf dy't sa âld is dat de behearsking oer syn wolf net mear hûndert persint is. Om't wearwolven lichaamlik net ferâlderje, sjocht er der lykwols noch altyd út as in jongeman fan omtrint 25 jier. Syn frou Sarai, de leafde fan syn libben, dy't ek in wearwolf wie, is yn 'e Napoleontyske Tiid fermoarde troch in heks (sjoch: Cry Wolf). Sûnt is er allinnich en likernôch tweintich jier lyn hat er him nei wenjen setten yn Aspen Creek, in doarpke yn Montana, dêr't de Marrok fêstige is. Dat is in wearwolf dy't noch âlder is as Asil sels en dy't regearret oer alle wearwolven yn Noard-Amearika. It is de iennichste dy't sa dominant is dat Asils wolf om syn sizzen jaan moat, wat wolris fan pas komme kinne soe as Asil op 't langelêst alhiel de kontrôle oer syn wolf ferliest.

Op 1 desimber ûntfangt Asil in e-mail dy't ûndertekene is troch "dyn besoarge freonen". De skriuwers sizze om him yn noed te sitten om't er iensum is, wat net goed is, fral net no't de kryst op kommendeweis is. Dêrom hawwe se fiif blind dates foar him beävensearre mei froulju dy't se útkeazen hawwe op ferskate datingwebsiden. De 'freonen' ferskûlje har efter de anonimiteit fan in tydlik e-mailadres, want Asil syn gefaarlikens en syn geastlik labile steat binne rûnom bekend. De ûnderbouwing fan it hiele spul hâldt gjin stek, mei't Asil in moslim is dy't neat om kryst jout. It is dêrom dúdlik dat it syn 'freonen' minder giet om him oan in relaasje te helpen as om him even by de poat te hawwen.

De âlde wearwolf is folslein fan doel om út te finen wa't dizze 'freonen' krekt binne en om harren mei gelikense munt werom te beteljen. Mar foar lju dy't hast 1500 jier libbe hawwe, binne nije ûnderfinings dreech te besetten. Dêrom amusearret it him, foar no, om it spultsje mei te spyljen, nammenste mear om't syn 'freonen' him manipulearje troch him mei te dielen dat der in pool is wêryn't se wedzje oer hoelang't er it op in ôfspraakje folhâlde kin (de hearskjende opiny is dat er gjin inkeld ôfspraakje oan 'e ein ta útsitte sil). In súksesfol ôfspraakje wurdt troch syn 'freonen' definiëarre as ien wêrby't Asil langer as twa oeren oanwêzich is, wêrby't net ien kritend fan eangst útnaait en wêrby't oan 'e ein fan 'e jûn gjin liken efterbliuwe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Foar de earste blind date hawwe Asils 'freonen' in frou útkeazen fia BiteMe.com, in datingwebside foar lju dy't yn live action role-playing graach beare meie dat se fampieren binne. Asil, dy't echte fampieren met hat, kin der mei syn ferstân net by wêrom't se dat dwaan wolle soene, mar elk syn meuch. De jonge frou hjit Kelly en de blind date sil plakfine yn Missoula. It is de bedoeling dat Asil en Kelly earst út te iten gean sille yn in Taisk restaurant en dêrnei in kostumearre bal besykje sille dêr't alle dielnimmers ferklaaid binne as fampieren.

Wannear't yn it restaurant Asil syn date (te let) opdaagjen komt, docht bliken dat it gjin jonge frou is, mar in jongeman. Dizze Kelly Lieberman leit út dat er in maat hat, in Trace, dy't it in goede grap taliek om 'e iene of oare loser dy't er op it ynternet opdien hie, op in blind date te stjoeren mei in jonge wylst er in famke ferwachte. Trace fertelde Kelly dat mar koart foar de date en joech him Asils kontaktgegevens net, sadat Kelly foar de kar stie om Asil sitte te litten of persoanlik del te kommen om tekst en útlis te jaan. Asil, dy't dochs net altefolle fan 'e blind date ferwachte, beslút om troch dizze ûnferwachtse tebeksetter net de hiele jûn bedjerre te litten. Hy beprakkesearret dat syn eigen freonen inkeld wat wille yn syn neidiel sykje, mar dat de 'freon' fan Kelly de homoseksuele jongeman yn in potinsjeel libbensgefaarlike sitewaasje pleatst hawwe yn Montana, wat dochs in plattelânske en foar in grut part noch homofobe steat is. Om Trace, dy't ek op it fampierebal oanwêzich wêze sille, in leske te learen, stelt Asil foar om it ôfspraakje fuort te setten, al is it útsjoch op in mooglik romantysk neieroankommen no wol fan tafel, mei't Asil fan froulju hâldt.

Kelly blykt in 22-jierrige studint toksikology oan 'e Universiteit fan Montana te wêzen. Hy kin it wol pratende hâlde, en Asil fermakket himsels ûnder it diner. Neitiid geane se nei in konvinsjesintrum oan 'e râne fan Missoula, dêr't it fampierebal holden wurdt. Asil is him folslein bewust fan syn eigen knappens en hy is fan doel om Trace, de 'freon' fan Kelly, in moaie show te jaan troch mei Kelly de tango te dûnsjen. De sitewaasje feroaret lykwols folslein as Asil op it bal in echte fampier gewaar wurdt, ek al soed er sward hawwe dat fampieren, dy't har bestean soarchfâldich ferburgen hâlde moatte, dêr mei in grutte bocht omhinne rinne soene. It is in solitêre fampier, dy't Asil ken ûnder de namme Basil. Hy is lykwols ûnder de namme Bruce yn 'e freonegroep fan Kelly-en-dy ynfiltrearre mei de blykbere bedoeling om wier it bloed te drinken fan 'e sabeare fampieren.

Asil beslút twa miggen mei ien klap te slaan. Hy lit Kelly Bruce mei nei bûten ta lokje, dêr't er yn syn wolvefoarm yn it bywêzen fan Trace de fampier oanfalt en, nei in koart gefjocht, ûnthalzet. Trace falt derhinne as er dat sjocht. Asil drukt Kelly op it hert om syn wittenskip fan it bestean fan fampieren geheim te hâlden, mei't er dêrtroch oars in doelwyt fan oare fampieren wurde soe. Kelly rêdt him mei de bewusteleaze Trace, wylst Asil him om it lyk fan 'e fampier bekommeret.

Letter, as er wer thús is, kriget Asil wer in e-mailtsje fan syn 'besoarge freonen'. Se skriuwe dat se de earste blind date mar as in súksesfol ôfspraakje beskôgje sille, om't it harren eigen flater wie dat se Asil mei in jonge ynstee fan in famke op date stjoerd hawwe. Asil hat der mear as de nedige twa oeren oanwêzich west. Der is nimmen kritend fan eangst útnaaid (nei alle gedachten om't de persoan dy't dat dwaan wollen hie derhinne foel ear't er derta komme koe), en hoewol't der wol in lyk efterbleaun is, kin riddenearre wurde dat dat al foar it ôfspraakje dea wie. Foar it twadde ôfspraakje hawwe syn 'freonen' foar Asil in blind date regele mei in frommeske dat se útkeazen hawwe op 'e datingwebside MustLoveCats.com.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Briggs, Patricia, Unappreciated Gifts, yn: Anderson, Kevin J., en Olexa, Keith J., (red.), A Fantastic Holiday Season: The Gift of Stories, New York, 2014 (WordFire Press), ISBN 978-1 68 05 75 354.
  • Briggs, Patricia, Unappreciated Gifts, yn: Briggs, Patricia, Blind Date with a Werewolf, New York, 2025 (Ace Books), ISBN 978-0 59 39 52 603.
Mercy Thompson (romansearje)
Silver* Fairy Gifts* Gray* Moon Called The Star of David* Blood Bound Iron Kissed Bone Crossed Roses in Winter* Silver Borne In Red, with Pearls* River Marked Frost Burned Redemption* Night Broken Hollow* Fire Touched Silence Fallen Storm Cursed Smoke Bitten Soul Taken Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* Alpha and Omega* Cry Wolf Hunting Ground Fair Game Dead Heat Burn Bright Wild Sign Unappreciated Gifts** Must Love Cats: Aftermath** Asil and the Not-Date** Dating Terrors** Scheherazade**
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows; **) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Blind Date with a Werewolf