Springe nei ynhâld

Una ballata del mare salato

Ut Wikipedy
Corto Maltese op in Brusselske tekenmuorre, mar nei in letter ferhaal.

Una ballata del mare salato (Italjaansk, betsjutting: "In Ballade fan de Sâlte See"), is it earste ferhaal yn 'e Corto Maltese-searje, in tekenteltsje fan 'e hân fan Hugo Pratt publisearre fan 1967 oant 1969 yn it Italjaanske moanneblêd Il Sergente Kirk ('Sersjant Kirk'). Om't it ferhaal dêrnei publisearre waard yn Frankryk, wat in oare foarm fan tekenteltsjeboeken hat, binne de tekenings sa makke dat hja foar beide te brûken binne. Hugo Pratt jout it ferhaal in sfear mei machtige, hast minimale tekenings fan Corto. De tekst is yn ferskate talen oerset, mar der is gjin Fryske ferzje fan.

It ferhaal, dat yn Melaneezje spilet fan novimber 1913 oant jannewaris 1915, wurdt set tsjin de eftergrûn fan piraterij, it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch en de ûntdekking fan frjemde lânseigen gewoanten. It jout it swalkjen fan eilân nei eilân wer, sa't de wichtige figuren yn it ferhaal dat dogge.

Una ballata del mare salato waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.