Springe nei ynhâld

Umboi

Ut Wikipedy
Umboi
geografy
lokaasje Grutte Oseaan
ûnderdiel fan Bismarckarsjipel
lân Papoea Nij-Guineä
provinsje Morobe
koördinaten 5°32'S 147°52'E
sifers
oerflak 930 km²
heechste punt Mount Talo: 1.335
kaart
Umboi (Papoea Nij-Guineä)
Umboi
Lokaasje Umboi yn Papoea Nij-Guineä.

Umboi (ek: Rûk-eilân) is in fulkanysk eilân tusken it haadeilân fan Papoea Nij-Guineä en it eilân Nij-Brittanje. Tusken Nij-Brittanje en it eilân leit de Strjitte fan Dampier en tusken it Huonskiereilân fan it haadeilân de Strjitte fan Vitiaz. De maksimale hichte fariearret neffens boarne fan 1335 m oant 1548 m. Ut de súdlike kust fan Umboi lizze noch in oantal lytse eilannen, wêrmei't Umboi de Siassi-arsjipel foarmet. Meiïnoar binne der 18 eilannen, wêrfan't sân bewenne binne.

Healwei de jierren 1920 wenne der 700 minsken. Yn 'e jierren 1980 wie it oantal bewenners ferdûbele en yn 'e jierren 1980 wennen der 1600 minsken. Op it eilân waard yn 1936 in Lutherske missy boud.

Yn 1943 besetten Japanske troepen it eilân foar koarte tiid. Al yn desimber 1943 waarden nei ferskillende alliearde bombardeminten de Japanners fan it eilân ferdreaun.

De befolking libbet fan in tradisjoneel ruilsysteem. Yn harren kano's e ferfiere se as ruilmiddel bargen, potten en houten kommen oer see. Alhoewol't de measte minsken kristen binne, hâlde se noch jimmeroan fêst oan it leauwen yn tsjoenderij. In soad minsken leauwe dat tsjoenderij de oarsaak is fan hommels ferstjerren, misripingen, syktes en oar ûngemak. It lokale wurd foar tsjoenderij is sanguma en dy't dêrfan beskuldige wurdt, wurdt út de mienskip stjitten of sels fermoarde. Yn tsjerken wurdt eksplisyt tsjin "sanguma" warskôge, mar it âlde leauwen yn tsjoenderij is lestich út de kultuer te bannen. Talen op it eilân binne it Papoeaanske Kovai, de Austronezyske talen Mbula en Karanai en Saveng-talen.

Neffens de folkloare libbet dêr in op in pterosauriër lykjend grut, de Ropen ("duvelsfleaner"). It soe boppe Umboi en omlizzende eilannen troch de loft fleane. Moderne kryptesoölogen sykje noch jimmeroan nei dat bist, mar der is nea in definityf bewiis fan it bestean dêrfan fûn.

De measte gebouwen op 'e eilannen binne yn de tradisjonele arsjitektuer.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Umboi fan Wikimedia Commons.