Springe nei ynhâld

Ultramaryniisfûgel

Ut Wikipedy
Ultramaryniisfûgel

De ultramaryniisfûgel neffens John Gerrard Keulemans.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus leucopygius
Verreaux, 1858
IUCN-status: net bedrige

De ultramaryniisfûgel (Todiramphus leucopygius) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is in monotypyske fûgel, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten fan binne.

De middelgrutte iisfûgel hat in donker masker, in blauwe kroan en in helder wite nekke en ûnderdielen, in blauwe rêch, blauswarte wjukken, in pearse anaalstreek en in blauwe sturt. It mantsje hat in wite stút.

De soarte is endemysk op 'e Salomonseilannen, in eilannegroep yn it westlike diel fan 'e Grutte Oseaan eastlik fan Nij-Guineä, en libbet dêr in primêr en sekundêr bosk oant 2000 m. De fûgel wurdt ek oan boskrânen oantroffen.

Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: