Gronology fan de Aldheid yn it Midden-Easten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ultralange Gronology)

De gronology fan 'e Aldheid yn it Midden-Easten is in ramt foar datearrings fan histoaryske foarfallen út 'e Aldheid fan it Midden-Easten, yn 't bysûnder foar wat Mesopotaamje, de Levant en Anatoalje oangiet. De krekte jierren foar alle histoaryske foarfallen fan foàr de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, om 1200 f.Kr. hinne, binne yn dat diel fan 'e wrâld nammentlik ûnwis. Histoaryske ynskripsjes jouwe foarfallen ornaris wer yn termen fan it bewâld fan in hearsker: "yn it safolste jier fan it regear fan kening dy-en-dy fan huppeldepup barde dat-en-dat". Om alle op dy wize oerlevere puzelstikjes gear te passen ta in relative gronology is botte dreech.

Fierdere útlis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it earste milennium f.Kr. kin men foar it gearstallen fan in relative gronology stypje op 'e identifikaasje fan wichtige astronomyske foarfallen mei eigentlike kalinderdata. Sa ferwiist in ynskripsje út it tsiende jier fan it regear fan 'e Assyryske kening Asjoer-Dan III nei in sinnefertsjustering, dy't men troch astronomyske berekkenings fêststelle kinnen hat op 15 juny 763 f.Kr. Oare ferwizings nei astronomyske foarfallen befêstigje dy datearring, sadat der in wisse, absolute gronology ûntstiet dy't de relative gronology ferbynt mei de moderne kalinder.

Foar it twadde en it trêde milennium f.Kr. is sa'n ferbân folle minder maklik te lizzen. In wichtich dokumint is yn dy kontekst it Fenustablet fan Ammisadûka, in tekst yn spikerskrift op in klaaitablet dêr't de astronomyske waarnimmings fan 'e planeet Fenus ûnder it regear fan 'e Babyloanyske kening Ammisadûka yn fêstlein binne. Fan Ammisadûka is bekend dat er yn 'e relative gronology de fjirde kening nei Hammoerabi wie. It Fenustablet jout de konjunksje (gearstân) fan Fenus mei de nije moanne as referinsjepunt, of eins trije referinsjepunten, want sa'n konjunksje komt om 'e safolle jier foar. De identifikaasje fan in konjunksje út it regear fan Ammisadûka mei in weromberekkene astronomyske konjunksje jout dêrom trije mooglike begjinjierren foar bgl. it regear fan Hammoerabi: 1848 f.Kr., 1792 f.Kr. of 1736 f.Kr.

De absolute gronology dy't útgiet fan 1848 f.Kr. as it begjin fan it regear fan Hammoerabi, wurdt de Lange Gronology neamd; dy dy't útgiet fan 1792 f.Kr. is de Middellange Gronology; en dy dy't útgiet fan 1736 f.Kr. hjit de Koarte Gronology. Dêrnjonken besteane ek noch de Ultralange Gronology en de Ultrakoarte Gronology. Dy lêste beide farianten, en ek de Lange Gronology, wurde selden brûkt. De Middellange Gronology is it gongberst, en mei dindrogronologysk ûndersyk (fan beamringen) en nije ûndersiken op basis fan koalstofdatearring fan argeologyske artefakten is sûnt 2000 yn prinsipe bewiisd dat de Middellange Gronology yndie de juste is. Nettsjinsteande dat komt men yn histoaryske wurken noch geregeldwei de Koarte Gronology tsjin.

Ferliking fan 'e ûnderskate gronologyen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

histoarysk foarfal Ultralange Gronology Lange Gronology Middellange Gronology Koarte Gronology Ultrakoarte Gronology
Akkadysk Ryk ? ? 2334 f.Kr.2154 f.Kr. 2270 f.Kr.2083 f.Kr. 2200 f.Kr.2018 f.Kr.
Trêde Dynasty fan Oer ? 2161 f.Kr.2054 f.Kr. 2112 f.Kr.2004 f.Kr. 2048 f.Kr.1940 f.Kr. 2018 f.Kr.1911 f.Kr.
Dynasty fan Isin ? ? 2017 f.Kr.1793 f.Kr. ? 1922 f.Kr.1698 f.Kr.
Aldbabyloanyske Ryk ? 1950 f.Kr.1651 f.Kr. 1894 f.Kr.1595 f.Kr. 1830 f.Kr.1531 f.Kr. 1798 f.Kr.1499 f.Kr.
regear fan Hammoerabi 1933 f.Kr.1890 f.Kr. 1848 f.Kr.1806 f.Kr. 1792 f.Kr.1750 f.Kr. 1728 f.Kr.1686 f.Kr. 1696 f.Kr.1654 f.Kr.
regear fan Ammisadûka ? 1702 f.Kr.1682 f.Kr. 1646 f.Kr.1626 f.Kr. 1582 f.Kr.1562 f.Kr. 1550 f.Kr.1530 f.Kr.
Fal fan Babylon 1736 f.Kr. 1651 f.Kr. 1595 f.Kr. 1531 f.Kr. 1499 f.Kr.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.