Uitgeverij Het Spectrum

Ut Wikipedy
Uitgeverij Het Spectrum
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
fêstige yn Amsterdam
oprjochte 1935
opdoekt 1999
oprjochter P.H. Boogaard
A.H. Bloemsma
eigner Lannoo
opgien yn Unieboek/Het Spectrum
sifers
aktyf yn Nederlân
wurknimmers ±80
offisjele webside
www.unieboekspectrum.nl

Uitgeverij Het Spectrum wie in Nederlânske útjouwerij, fêstige yn Amsterdam, dy't yn 1935 oprjochte waard. It bedriuw waard benammen bekend troch syn ymprint Prisma Pockets en letter ek mei de rige neislachwurken Het Aanzien van .... Yn 1999 waard Het Spectrum oernommen, wêrnei't datselde jiers noch in fúzje folge mei Unieboek ta Unieboek/Het Spectrum. Dat bedriuw waard nei 2000 trochferkocht oan 'e Belgyske útjouwerij Lannoo.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Uitgeverij Het Spectrum waard yn 1935 oprjochte troch boekferkeapers P.H. Boogaard en A.H. Bloemsma. It bedriuw wie oarspronklik fêstige yn Utert, yn in keamer boppe in banketbakkerij yn 'e Biltstraat. It doel fan Boogaard en Bloemsma wie om in progressyf-roomske útjouwerij te stiftsjen, dy't dernei stribbe om in breed publyk fan goede lektuer te foarsjen. Dêrom waarden in soad útjeften fan Het Spectrum publisearre yn it goedkeape pocketformaat. Begjin 1950-er jierren krige dy formule de namme Prisma Pockets, en dat waard al rillegau in begryp yn Nederlân, mei't boeken oer suver alle tinkbere ûnderwerpen en teffens klassikers út 'e wrâldliteratuer foar net mear ƒ1,25 beskikber kamen.

Auteurs fan wa't Het Spectrum wurk útjoech, wiene û.m. Charles Dickens, Fjodor Dostojevski, Karl May, Dorothy Sayers, Edgar Wallace en P.G. Wodehouse. Ek The Lord of the Rings, fan J.R.R. Tolkien, berikte yn Nederlân syn grutste fersprieding as Prisma Pocket. Grutte nammen út Nederlân sels dy't by Het Spectrum publisearren, wiene bygelyks Godfried Bomans en Anton van Duinkerken. Fierders brocht de útjouwerij withoefolle non-fiksjewurken, neislachwurken en ynstruksjeboeken út, mei as súksesfolsten Tekenen en Schilderen als Liefhebberij en Het Prisma Fotoboek. Ek de Prisma-wurdboeken, dy't op in soad middelbere skoallen noch altyd ferplichte binne, pasten yn dy line. Uteinlik groeide Het Spectrum op dizze wize út ta ien fan 'e grutste útjouwerijen fan Nederlân.

Yn 'e 1970-er jierren sette Het Spectrum útein mei in eigen ensyklopedyprojekt ûnder de namme fan 'e Grote Spectrum Encyclopedie. Dy moast oars fan opset en útfiering wurde as de Grote Winkler Prins Encyclopedie, fan konkurrint Elsevier. Der kamen 24 dielen fan út, mei letter noch in supplemint. De opset wie tematysk, en de gearfetsjende artikels waarden skreaun troch in Nederlânske redaksje ûnder lieding fan Inez van Eijk, dy't wurke op basis fan ynformaasje fan saakkundigen. De Grote Spectrum Encyclopedie omfieme úteinlik 9.000 gearfetsjende artikels en 40.000 koartere lemma's, foarsjoen fan yllustraasjes dy't allegear nij makke wiene. De ensyklopedy wie foar Het Spectrum in grut finansjeel risiko, en waard mar in tuskenbeiden súkses.

In oar neislachwurkprojekt dêr't Het Spectrum yn 'e 1980-er jierren mei úteinsette, wie Het Aanzien van ..., dat foarfallen per moanne werjoech yn útjeften dy't ienris yn 't jier útkamen. Dat waard wol in grut súkses, wêrmei't Het Spectrum mids njoggentiger jierren it kwalitatyf bettere projekt De Kroniek van ..., fan konkurrint Agon út 'e merk drukte. Yn septimber 1999 waard Het Spectrum ûnderdiel fan PCM Algemene Boeken, wêrnei't it daliks gearfoege waard mei Unieboek, ta it nije Unieboek/Het Spectrum. Yn juny 2001 waard Elsevier Bedrijfs Informatie (EBI) by Unieboek/Het Spectrum yndield. Dêrmei waard Unieboek/Het Spectrum útjouwer fan û.m. de Grote Winkler Prins Encyclopedie. Neitiid waard Unieboek/Het Spectrum trochferkocht oan de Belgyske útjouwerij Lannoo.

Ymprints[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Aula-reeks ("it wittenskiplike pocketboek")
  • Marka
  • Pictura ("it yllustrearre pocketboek")
  • Prisma Pockets (tsjintwurdich inkeld noch foar wurdboeken)
  • Prisma-compedia ("foar stúdzje en praktyk")
  • Prisma-juniores (foar tiners)
  • Prisma-kinderpockets (foar bern)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: