Springe nei ynhâld

Uintagrûniikhoarntsje

Ut Wikipedy
Uintagrûniikhoarntsje
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljeiikhoarntsjes (Sciuridae)
skaailangsturtgrûniikhoarntsjes
   (Urocitellus)
soarte
Urocitellus armatus
Kennicott, 1863
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

It Uintagrûniikhoarntsje (útspr.: [ˈwɪnta], likernôch: "ûin-ta"; wittenskiplike namme: Urocitellus armatus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus). Dit bist is lânseigen yn 'e westlike Feriene Steaten. It is in grûniikhoarntsje fan midsmjittige grutte, dat ferneamd is nei it Uintaberchtme yn noardlik Utah, dêr't it foar it earst oantroffen waard. It Uintagrûniikhoarntsje is in deidier dat gauris yn koloanjes libbet en in wintersliep hâldt dy't sân moannen fan it jier yn beslach nimt. It hâldt der omnivoare itensgewoanten op nei. De IUCN klassifisearret it Uintagrûniikhoarntsje as net bedrige.

It ferspriedingsgebiet fan it Uintagrûniikhoarntsje beslacht in relatyf behindich diel fan 'e westlike legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. It omfettet noardlik en sintraal Utah, súdeastlik Idaho en súdwestlik Montana, mei dêropta it uterste noardeastlike hoekje fan Nevada en de westlik grinsrâne fan Wyoming. It bistke is ferneamd nei it Uintaberchtme fan noardlik Utah, dêr't it earste eksimplaar wei kaam dat yn 1863 troch de biolooch Robert Kennicott wittenskiplik beskreaun waard.

In Uintagrûniikhoarntsje op 'e skeanten fan 'e Mount Timpanogos yn Utah.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Uintagrûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 20–24 sm, mei in sturtlingte fan 6–8 sm. It gewicht bedraacht omtrint 210 g as it bistke út wintersliep komt, mar nimt geandewei de simmer stadichoan ta. De pels is grizich brún op 'e kop, de nekke, de rêch, de siden en de boppekant fan 'e sturt, en ljochter, útskaaiend nei wyt, op it kin, de kiel, de hals, de bealch, de poatsjes en de ûnderkant fan 'e sturt. Efter de earkes, dy't ridlik grut binne foar in grûniikhoarntsje, sitte witige plakken. Op 'e skieding tusken it griisbrún fan 'e boppeste lichemsdielen en it ljochtgriis oant wyt fan 'e ûnderste lichemsdielen komme readbrune of okerkleurige plakken foar. De wyfkes hawwe tsien oerkes.

Uintagrûniikhoarntsjes binne bewenners fan iepen gebieten, lykas greiden, berchgreiden en steppes op in hichte fan 1.200 oant 2.500 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Uintagrûniikhoarntsje is mar 5 moannen yn it jier aktyf. Folwoeksen mantsjes wurde om mids maart hinne wekker út harren wintersliep, mar ôfhinklik fan it waar kin it wêze dat se dan noch in pear wiken wachtsje om har bûtendoar te bejaan. De wyfkes komme justjes letter foar 't ljocht, folge troch earst de healwoeksen wyfkes en dan de healwoeksen mantsjes. Folwoeksen eksimplaren lûke har tusken ein july en mids augustus alwer yn har hoale werom foar in nije wintersliep, wylst de jongen fan dat jier dat foarbyld omtrint 2 wiken letter folgje. Wannear't Uintagrûniikhoarntsjes aktyf binne, hâlde en drage se har as deidieren.

Hoewol't Uintagrûniikhoarntsjes gauris yn koloanjes libje, binne folwoeksen eksimplaren bûten de peartiid agressyf nei inoar. Yn dat ferbân binne wyfkes opfallend genôch yntoleranter as mantsjes. De mantsjes markearje harren territoarium mei rookklieren yn har wangen, dêr't se mei oer de grûn omwriuwe. De yngong fan harren eigengroeven hoalen markearje se lykwols net, om't dat rôfdieren oanlûke soe. As twa Uintagrûniikhoarntsje inoar moetsje, berûke se inoar earst, begjinne dan te driigjen troch driichhâldings oan te nimmen, wêrby't se ek al it hier op 'e sturt opsette, sadat it wol in plomsturt liket. As dat net helpt, eskalearret in moeting ta wrakseljen of boksen en úteinlik ta efterfolgjen en fuortjeien as ien fan 'e beide partijen belies jaan moat.

In pear Uintagrûniikhoarntsjes.

It Uintagrûniikhoarntsje makket seis ûnderskate lûden: tsjylpen, piipjen, kriten, sjongen, grânzgjen en toskklapperjen. It doel fan 'e lûden is foar it meastepart om oandacht te lûken en allegearre wurde se brûkt yn agressive ynteraksjes mei soartgenoaten. Tsjylpen wurdt lykwols ek dien om te warskôgjen foar rôffûgels, wylst sjongen ek in warskôging is foar lânrôfdieren. De reäksje fan grûniikhoarntsjes dy't sa'n warskôging hearre, is om rjochtop sitten te gean en om har hinne te sjen, of oars om daliks út te naaien en beskûl te sykjen yn har hoale.

De wyfkes fan it Uintagrûniikhoarntsje binne mar ien inkele middei yn it jier tyldriftich, likernôch 2–4 dagen nei't se út wintersliep kommen binne. De pearing fynt ûndergrûnsk plak. Elts mantsje kin mei ferskate wyfkes pearje. De draachtiid duorret 23–26 dagen, wêrnei't yn begjin maaie trochinoar 5 jongen te wrâld komme. Wyfkes dy't noch mar in jier âld binne, hawwe minder kâns om te pearjen om't se letter út wintersliep komme, en as se al pearje en drachtich reitsje, bestiet de resultearjende smeet oer it algemien út minder jongen as by folwoeksen wyfkes. De jongen wurde mei 22 dagen ôfwûn en komme om dyselde tiid hinne ek foar it earst út 'e hoale. Hoewol't se yn dat stadium noch lyts binne en mar 60 g weagje, lit de mem harren nei it ôfwennen hast folslein oan har eigen lot oer. De jongen ferspriede har dan om eigen territoaria te fêstigjen. Uintagrûniikhoarntsjes hawwe yn it wyld in maksimale libbensferwachting fan 7 jier.

Uintagrûniikhoarntsjes binne omnivoaren, hoewol't it meastepart fan harren dieet herbivoar is. Sa frette se gerzen, krûden, sieden en planteknoppen. Mar dat menu folje se oan mei wat wjirms en teffens mei weismiten minsklik iten. De krekte gearstalling fan harren fretten fariëarret geandewei de simmer en is ôfhinklik fan hokker planten der op in beskaat stuit foarriedich binne. Waarnimmings lykje derop te wizen dat Uintagrûniikhoarntsjes in foarkar hawwe foar de hynsteblom (Taraxacum offininale).

In Uintagrûniikhoarntsje wurdt lytsman makke troch in readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis).

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Natuerlike fijannen fan it Uintagrûniikhoarntsje binne de prêrjewolf (Canis latrans), de sulverdas (Taxidea taxus), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de langsturtwezeling (Neogale frenata), de (gewoane) wezeling (Mustela nivalis) en ferskate soarten haukfûgels.

It Uintagrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't it yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

It Uintagrûniikhoarntsje is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.