Springe nei ynhâld

Uiltje Tijmstra

Ut Wikipedy
Uiltje Tijmstra
keatser
persoanlike bysûnderheden
echte nammeUiltje Tijmstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum3 desimber 1886
berteplakArum
stjerdatum11 maart 1965
stjerplakEde
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sportkeatsen
PC1908
debút1908
karriêre-ein1913
ekstra1× PC kening (1908)

Uiltje Tijmstra (Arum, 3 desimber 1886 - Ede[1], 11 maart 1965) wie in Frysk keatser en skoalmaster.

Tijmstra helle 5 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1908 wûn er mei Roelof Boorsma fan Wommels en Hans Schaafsma fan Arum de PC, Tijmstra waard ta kening útroppen. Dat wie ek syn iennichste grutte priis dy't er yn syn koarte karriêre as keatser wist te winnen.

Uiltje Tijmstra wie yn syn deistich libben skoalmaster earst op De Lemmer en letter yn Appelskea en Easterwâlde.

Uiltje Tijmstra ferstoar op 11 maart 1965 yn de âldens fan 78 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: