Uelsen
| Uelsen | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | Nedersaksen | |
| lânkring | Greefskip Bentheim | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 5.930 (31.12.2025)[1] | |
| Offisjele webside | ||
| Samtgemeinde Uelsen Heimatverein Uelsen | ||
| Kaart | ||
Uelsen is in gemeente yn 'e lânkring Greefskip Bentheim yn it westen fan Nedersaksen tichteby de Nederlânske grins, Dútslân. It is it haadplak fan 'e Samtgemeinde Uelsen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn Uelsen binne grutte urnefjilden út de brûnstiid en izertiid (12e oant 6e iuw f.Kr.) fûn, itjinge betsjut dat de krite al hiel lang bewenne wurdt. Om it jier 800 hinne krige it plak in earste tsjerke. De krite waard troch Werenfridus, in meiwurker fan Willibrord yn Fryslân, kristene. Yn 1131 waard Uelsen foar it earst neamd yn in oarkonde fan 'e biskop fan Utert; it wie doe ûnderdiel fan Twinte en foel sa formeel ûnder Utert en it Hillige Roomske Ryk.

Yn 1312 kaam Uelsen yn hannen fan 'e greven fan Bentheim. De Reformaasje waard yn Uelsen tusken 1544 (lutersk) en 1588 (kalvinistysk) trochfierd. Under keizer Karel V waard yn 1546 de grins fêstlein, wêrmei’t Uelsen bestjoerlik loskeppele waard fan 'e Nederlannen. Doch bleau de bân mei Nederlân hiel sterk: Yn 'e Tachtichjierrige Kriich waard yn 1580 yn 'e bosken fan Uelsen swier fochten tusken Spaanske en Nederlânske troepen. De Tritichjierrige Kriich (1618–1648), de pest (1636) en de oanfallen fan 'e Múnsterske biskop 'Bommen Bearend' op Nederlân (1655, 1672) brochten in soad lijen en ellinde. De bekearing nei it katolisisme fan 'e greve yn 1668 feroare neat oan it feit dat de mearderheid fan 'e befolking grifformeard bleau.
Yn 'e jierren 1830 gyngen in soad bewenners oer mei de Ofskieding. Dizze 'âld-reformearden' hienen it Nederlânsk as tsjerketaal en oant de ein fan 'e 19e iuw wie dat ek de skoalletaal. Sels yn 1933 waard der yn 'e tsjerken noch yn it Nederlânsk preke en songen. De nazy's ferbeane dat letter, mar de âld-grifformearden yn Uelsen bleaune har, lykas ek yn Emlichheim, tsjin de nasjonaalsosjalistyske ideology fersetten.
Nei in tiidrek fan befolkingskrimp yn 'e 19e iuw troch ferhuzing nei tekstylstêden of emigraasje nei Nederlân en Amearika, ûntwikkele it plak har yn 'e 20e iuw mei nije foarsjenningen. Sûnt 1974 is Uelsen it bestjoerlik sintrum fan 'e Samtgemeinde Uelsen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ald-grifformearde tsjerke.
- Byld fan in lapkepoep.
- Alde riedshûs.
- Mûne fan Uelsen.
- Wettermûne.
- Nordeck-wettermûne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
