UK Singles Chart

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De UK Singles Chart ("Singles List fan it Feriene Keninkryk") of Official Singles Chart ("Offisjele Singles List") is de toanoanjaande Britske hitlist foar singles fan popmuzyk. De list wurdt eltse wike gearstald troch de Official Charts Company (OCC) yn opdracht fan 'e British Phonographic Industry (BPI), de brânsorganisaasje fan 'e Britske muzykyndustry. De list is basearre op fysike ferkeapsifers fan cd's en oare lûdsdragers, en sifers fan kommersjele digitale downloads en streaming media. De UK Singles Chart hat hûndert plakken, mar guon media dy't him publisearje, brûke dêr mar in diel fan. Sa stjoere de BBC-radio en MTV eltse wike de Official UK Top 40 út, dy't inkeld nei de earste fjirtich plakken fan 'e list sjocht, wylst it tydskrift Music Week der in top 75 fan ôfprintet.

De UK Singles Chart waard yn 1969 oprjochte. Foartiid wiene der ferskate Britske hitlisten foar singles dy't mei-inoar konkurrearren. De list rint fan freed oant en mei tongersdei; dat hâldt der ferbân mei dat yn it Feriene Keninkryk de measte singles op freed útbrocht wurde. (Fan 1969 oant 2015 rûn de list fan snein oant en mei sneon.) Om yn oanmerking te kommen foar opname yn 'e UK Singles Chart, moat it gean om in single of 'singlebondel' (fan net mear as fjouwer nûmers) dy't yn it Feriene Keninkryk útbrocht is, mei in spyldoer fan net langer as 25 minuten. By digitale singles is de maksimumspyldoer 15 minuten. De ferkeappriis mei net leger wêze as 40 pence. Dy regels binne sûnt 1969 ferskate kearen feroare, benammen fanwegen it yn gebrûk kommen fan nije technology, dêr't de âlde regels troch efterhelle drigen te reitsjen. Sa waarden yn 2005 foar it earste digitale ferkeapsifers yn 'e gearstalling fan 'e list meinommen, en yn july 2014 foar it earst streaming media.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.