U.G. de Jong

Ut Wikipedy
U. G. de Jong

U.G. de Jong (folút: Uiltje Geert de Jong; Aldeboarn, 13 maaie 1925 - Ljouwert, 23 july 2008) wie in sjoernalist en skriuwer fan meast aventoerlike jeugdboeken.

Uiltje Geert de Jong waard berne yn Aldeboarn as soan fan oannimmer Murk Klaas de Jong. Nei de oarloch waard hy sjoernalist. Hy wie fan 1956 oant 1987 redakteur by de Ljouwerter Krante.

Yn 1969 ferskynde syn earste roman, in politike takomstroman, Zwarte juli. De Jong waard lykwols ferneamd mei syn berneboeken. Dat wiene in rige fan fjouwer dielen De zwalkers út begjin jierren '70, dêrnei folge de rige De jonge geuzen fan 20 dielen, dy't yn de oarlochsjierren (´40-´45) spilet. Yn 1979 ferskynde it earste diel, Ze kwamen bij nacht It tweintichste en lêste diel, Tankslag bij Tobroek, ferskynde yn 2002.[1]

Wurk (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Zwarte juli - politike takomstroman (1969)
  • Mei 1940 - Vuur uit de hemel
  • De leave Fekke - roman
  • De helper (Frysk) - detective
  • De zwalkers - rige fan 4 dielen:
    • 1 Kaping op de Waddenzee
    • 2 Helden van het kanaal
    • 3 Zeeslag bij St. Jean
    • 4 Monsters bij Biscaje

Ut de rige De jonge geuzen:

  • 1983 Vuurpijl in de nacht
  • 1984 Als ratten in de val
  • 1986 Tankslag bij Tolbroek
  • 1987 Vuurdoop in het bos
  • 1994 Zwerftocht naar de vrijheid
  • 1990 De papieren ster
  • 1992 Het laatste station
  • 1998 Koers Palestina

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. leesgoedplus.nl