Springe nei ynhâld

U-motor

Ut Wikipedy
King-Bugatti U-16 ûntwikkele troch yngenieur Charles Brady King

De U-motor is in type ferbrâningsmotor mei as skaaimerk dat de silinders yn in U-foarm njonken inoar steane, ferlykber mei de V-foarm fan de silinders en de (iennige) krûkas yn in V-motor. Dit type motor ûntstiet as twa linemotors gearfoege en ûnderling ferbûn wurde.

U-motors binne tige seldsum, om't se swierder binne as in fergelykbere V-motor mei deselde silinderynhâld. Se hawwe lykwols it foardiel fan in bettere lykwicht tusken frije traachheidskrêften en -mominten. Foar fabrikanten is de wichtichste reden om dochs in U-motor te ûntwikkeljen it feit dat dy yn in soad ûnderdielen gelyk wêze sil oan in al besteande linemotor. Sawol yn de produksje as yn it op foarried hâlden fan ûnderdielen makket dat ferskil.

De earste U-motor wie, ynsafier bekend, de yn 1915-1916 boude fleanmasinemotor, de Bugatti U-16. Guon diselmotors foar lokomotiven waarden boud as U-motors troch Sulzer út Winterthur yn Switserlân.[1] Sy ûntwikkelen in searje disel U12-motors (de "LD-searje" en ek de lettere "LDA-searje") yn 'e jierren '30, dy't mear as 50 jier produsearre waarden.

In oar foarbyld fan dit type motor is de sechtjinsilindermotor makke troch Bugatti foar syn Type 45 (1929-1930). Bugatti sels hat der mar twa fan makke, mar yn lisinsje binne der 40 boud troch de Amerikaanske firma Duesenberg en in ûnbekend oantal troch de Frânske firma Breguet Aviation. Beide lisinsjehâlders woene de motor brûke foar fleantugen.

It Frânske automerk Matra hat yn 1974 noch in prototype boud fan harren Bagheera sportwein foarsjoen fan in 2,6 liter-U 8-motor. Dy motor wie opboud út twa fjouwer linemotors fan de Simca Rallye 2, mei-inoar ferbûn mei kettingen. Troch de oaljekrisis is dizze Bagheera lykwols nea yn produksje gien. De bekende, mar net mear besteande, motorfytsfabrikant Ariel boude de Ariel Square Four, mei fjouwer silinders op twa krukassen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: