Twanatoerelear

Ut Wikipedy

De twanatoerelear giet oer de ferhâlding fan it godlike en minsklike yn de Persoan fan Jezus Kristus, dy't troch de Kristenen as de Soan fan God beskôge wurdt. Dizze kwestje hinget hiel krekt gear mei de lear fan trije-ienheid en makket dêr feitlik part fan út.

Op hokker wize de ferhâlding fan de Soan ta de Heit omskreaun wurde moat, hâlde de kristlike mienskip harren eartiids in skoftlang dwaande. Oan 'e iene kant wie der de Grykske term homoiousios (gelyk yn wêzen, gelike substânsje), oan 'e oare kant de term homoousios (itselde wêzen, deselde substânsje). Mei "gelyk yn wêzen" wie der romte foar spekulaasje oer de ferhâlding tusken Heit en de Soan, mei "itselde wêzen" wie dat der net. Yn de twa-natoerenlear is de Soan sawol minsk as God en dat kaam it beste ta utering yn de twadde Gryske term homoousios, "itselde wêzen".

Op it Konsily fan Kalsedon (451), dêr't de lear fan de trije-ienheid en de twa-natoerenlear foarfêst fêststeld wurde soe, waard dêrom keazen foar itselde wêzen yn stee fan gelyk yn wêzen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]