Springe nei ynhâld

Twadde Keamerferkiezings 2025 yn Fryslân

Ut Wikipedy
Twadde Keamerferkiezings 2025 yn Fryslân
2023 29 oktober 2025 2029
ParlemintTwadde Keamer (Fryslân)
Omfang150 leden te ferkiezen
Mearderheidminimaal 76 sitten
Stimoanpart4,0% (6/150 sitten)
Risseltaten
Opkomst81,2%
WinnerD66
KoälysjeKabinet-Jetten
Beëdige op23 febrewaris 2026
FoargongerKabinet-Schoof
Fertsjintwurdigers
Ferkeazen6/6 Fryske kandidaten
Ofbylding
Utslach en grutste partij de gemeente
Temaside Polityk
Stimferhâldings 2025
Partij Sitten Ferskil
PvdD
2 (01)
SP
3 (±00)
GL-PvdA
19 (01)
DENK
0 (03)
Volt
1 (±00)
D66
21 (05)
CU
3 (±00)
FNP
2 (+02)
50+
2 (±00)
CDA
24 (+06)
SGP
2 (01)
VVD
19 (03)
BBB
7 (+03)
JA21
8 (01)
PVV
27 (+01)
FvD
10 (+03)
Fryske risseltaten ferlike mei de rest fan NL

De ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 2025 yn Fryslân jouwe in oersjoch fan de útslaggen yn de provinsje en kieskring Fryslân by de lanlike Twadde Keamerferkiezings 2025. It risseltaat wie dat de PVV yn Fryslân de grutste partij waard, folge troch it CDA en D66. Fan alle kiezers kamen der 4,0% út Fryslân wat in evenredich oanpart fan 6 mandaten betsjutte. Der waarden lykwols ek 6 Fryske kandidaten ferkeazen fia foarkarstimmen of listfolchoarder.[1]

De lanlike ferkiezings foar de Twadde Keamer waarden holden op woansdei 29 oktober 2025. De stimbusgong wie oarspronklik pland foar maart 2028, mar waard nei foaren helle nei de fal fan it kabinet-Schoof op 3 juny 2025.

Listposysje Fryske listlûker Wenplak
4 Femke Wiersma Holwert
8 Habtamu de Hoop Snits
8 Maarten Goudzwaard Ljouwert
14 Luciënne Boelsma-Hoekstra Jiskenhuzen
17 Harry Bevers Ljouwert
27 Marieke Vellinga-Beemsterboer Boazum
1 Aant Jelle Soepboer Nijewier
7 Carlijn Niesink Wurdum
20 Herman Nota Parregea
27 Max Aardema Drachten
30 Hanneke Goede Snits
36 Anne Johan Woudstra It Hearrenfean

Op 7 novimber 2025 waard troch de Kiesried yn in iepenbiere sitting de definitive útslach fêststeld. Op basis fan it tal útbrochte stimmen yn kieskring Fryslân soe de provinsje sa likernôch rjocht hawwe op seis sitten yn de Twadde Keamer. De foarkarsdrompel lei (mei in kwart fan de kiesdieler) op 17.620 stimmen.[2]

Fryske kandidaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de Twadde Keamerferkiezings fan 2025 diene ferskate kandidaten út Fryslân mei op de kandidatenlisten.[3] Fan de partijen dy’t sitten hellen, hiene inkeld FvD, DENK, SGP en Volt gjin kandidaten mei in Fryske eftergrûn op harren kandidatenlist stean.

It evenredich oanpart fan seis sitten waard mei dizze útslach folslein ynfolle troch kandidaten mei in Fryske eftergrûn. Foar Habtamu de Hoop (GL-PvdA, #8) en Luciënne Boelsma-Hoekstra (CDA, #14) waard yn peilings al rekken holden mei harren ferkiezing. Hja stienen relatyf heech op de kandidatenlist fan partijen dy’t neffens ferskate peilings genôch sitten helje soene.[4] Dêrnjonken behelle Habtamu de Hoop sels ek al genôch stimmen foar in foarkarssit.

De lanlike listlûker fan de FNP, Aant Jelle Soepboer, einige mei 4.796 Fryske stimmen as tredde Fryske kandidaat. De partij helle lanlik lykwols net genôch stimmen foar in sit, wêrtroch’t er net yn de Twadde Keamer kaam.

By de oare kandidaten wie it oant de útslach minder wis oft harren partij genôch sitten helje soe om hja yndied ek yn de Twadde Keamer te bringen. Harren ferkiezing wie benammen ôfhinklik fan de lanlike útslach. Femke Wiersma (BBB, #4) wie lykwols mei 18.903 lanlike stimmen net mear ôfhinklik fan de listfolchoarder. Twa oare kandidaten waarden ferkeazen op basis fan harren posysje op de kandidatenlist. Dat jilde foar Harry Bevers (VVD, #17) en Maarten Goudzwaard (JA21, #8).[5]

In útsûndering op de ferwachtings wie de ferkiezing fan Marieke Vellinga-Beemsterboer (D66, #27). Sy waard net keazen op basis fan de listfolchoarder, mar troch foarkarsstimmen. Har ferkiezing waard beskôge as in ferrassing en hold ferbân mei de lanlike aksje ‘Stim op in frou’, dy’t kiezers oprôpen om froulike kandidaten mei foarkarsstimmen te stypjen. Mei 36.576 stimmen helle sy rom de foarkarsdrompel fan 17.620 stimmen en bemachtige sa dochs in sit. Fierút de measte fan dizze stimmen kamen fan bûten Fryslân.[6]

De PVV behelle ien sit te min om der foar te soargjen dat Max Aardema (PVV, #27) ferkeazen waard. Oare Fryske kandidaten bleaune fier wei fan in sit op basis fan foarkarsstimmen of listfolchoarder.

Risseltaten fan de Fryske listlûkers
Listposysje Namme Sitten Rest Totaal Seleksje
8 GL-PvdA Habtamu de Hoop 20✅ 13.559 15.046 28.605✅ Foarkarsstimmen
14 CDA Luciënne Boelsma-Hoekstra 18✅ 5.419 1.863 7.282 Listfolchoarder
1 FNP Aant Jelle Soepboer 0 4.796 1.483 6.279
4 BBB Femke Wiersma 4✅ 4.145 14.758 18.903✅ Foarkarsstimmen
27 D66 Marieke Vellinga-Beemsterboer 26 3.434 33.142 36.576✅ Foarkarsstimmen
17 VVD Harry Bevers 22✅ 1.625 728 2.353 Listfolchoarder
8 JA21 Maarten Goudzwaard 9✅ 1.005 837 1.842 Listfolchoarder
27 PVV Max Aardema 26 683 240 923
7 CU Carlijn Niesink 3 524 855 1.379
30 SP Hanneke Goede 3 391 275 666
20 50+ Herman Nota 2 374 180 554
36 PvdD Anne Johan Woudstra 3 168 99 267

Fryske partijferhâldings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stimferhâldings 2025
2
3
19
1
21
3
2
2
24
2
19
7
8
27
10
2 3 19 1 21 3 2 2 24 2 19 7 8 27 10 
Sa binne de 150 sitten ferdield:

De ferkiezingsútslach yn Fryslân liet op ferskate punten in oar byld sjen as yn de rest fan Nederlân. In tal partijen die it yn Fryslân relatyf better as lanlik, wylst oare partijen krekt minder stipe krigen. PVV wie yn de provinsje de grutste partij wylst dat yn de rest fan Nederlân D66 wie.[7] Hjirnjonken is te sjen hoe't de ferdieling fan 150 sitten wêze soe wannear't allinnich de Fryske stimmen meitelle soene. As allinnich Fryslân stimd hie en de rest fan Nederlân net, dan hie de FNP útkaam op twa sitten en DENK op nul.[5]

It grutste ferskil wie foar it CDA. De partij helle yn Fryslân 15,4% fan de stimmen, wylst dat yn de rest fan Nederlân 11,6% wie. Dat betsjutte in positive ôfwyking fan 3,8%. Ek de protestpartijen FvD en de BBB hellen yn Fryslân relatyf mear stipe as lanlik, mei beide in ferskil fan 2,4%.

De Fryske Nasjonale Partij helle 1,5% fan de stimmen yn Fryslân. Bûten de provinsje waard hast net op de partij stimd, wêrtroch’t it ferskil mei de rest fan Nederlân ek 1,5 persintaazjepunt bedroech. Ek de PVV die it yn Fryslân 0,6% better as lanlik, mei 17,3% tsjin 16,6% yn de rest fan it lân. Lytse positive ferskillen wiene der fierder foar de KristenUny, de SP en NSC.

Oan de oare kant hellen guon partijen yn Fryslân relatyf minder stimmen as yn de rest fan Nederlân. It grutste negative ferskil kaam op rekken fan D66, dat yn Fryslân 13,2% fan de stimmen helle tsjin 17,1% yn de rest fan Nederlân. Ek de VVD bleau yn Fryslân fier efter by de rest fan Nederlân, mei in ferskil fan 2,3 persintaazjepunten.

Partijen dy’t yn Fryslân ek minder stipe krigen wiene ûnder oare DENK, de SGP, GrienLinks-PvdA en de Partij foar de Bisten. Ek JA21, Volt, BIJ1 en 50PLUS hellen yn de provinsje in wat leger oandiel fan de stimmen as yn de rest fan it lân.

De sifers litte sjen dat benammen agraryske, kristendemokratyske en protestpartijen yn Fryslân relatyf sterk stienen, wylst guon mear liberale, stedske of lanlik-progressive partijen minder stipe krigen as yn de rest fan it lân.

Ferkiezingsútslach yn Fryslân
Partij Kieskring Fryslân Rest fan Ferskil
Stimmen % Stimmen % +/-
PVV 72.957 17,3% 1.688.009 16,6% opgong 0,6%
CDA 65.062 15,4% 1.181.812 11,6% opgong 3,8%
D66 55.817 13,2% 1.734.817 17,1% delgong 3,9%
GL-PvdA 51.773 12,3% 1.300.390 12,8% delgong 0,6%
VVD 50.780 12,0% 1.455.049 14,3% delgong 2,3%
FvD 28.961 6,9% 451.432 4,4% opgong 2,4%
JA21 23.501 5,6% 605.016 6,0% delgong 0,4%
BBB 20.864 4,9% 259.052 2,6% opgong 2,4%
CU 10.537 2,5% 190.824 1,9% opgong 0,6%
SP 8.723 2,1% 190.862 1,9% opgong 0,2%
FNP 6.540 1,5% 2.791 0,0% opgong 1,5%
PvdD 6.343 1,5% 213.028 2,1% delgong 0,6%
SGP 5.606 1,3% 232.487 2,3% delgong 1,0%
50+ 5.498 1,3% 145.555 1,4% delgong 0,1%
Volt 2.873 0,7% 113.595 1,1% delgong 0,4%
NSC 1.891 0,4% 37.517 0,4% opgong 0,1%
DENK 1.831 0,4% 248.537 2,4% delgong 2,0%
Oars 2.989 0,7% 98.725 1,1% delgong 0,4%
Jildige stimmen 422.546 100% 10.149.498 100% 0%

De opkomst yn Fryslân wie 81,2% wylst dat yn de rest fan Nederlân 78,2% wie. Hjirmei lei de opkomst yn Fryslân mear as 3% heger as yn de rest fan Nederlân.

Oare saken
Kategory Fryslân Rest fan
Kiesgerjochtigden 523.096 100% 13.066.032 100%
Net opkaam 98.159 18,8% 2.850.645 21,8%
Opkomst 424.937 81,2% 10.215.387 78,2%
Ûnjildich 768 0,1% 27.438 0,2%
Blanko 1.623 0,3% 38.505 0,3%
Jildige stimmen 422.546 80,8% 10.149.444 77,7%
Stimoanpart 6,0 sitten 4,0% 144,0 sitten 96,0%
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Twadde Keamerferkiezings

1946nl · 1948nl · 1952nl · 1956nl · 1959nl · 1963nl · 1967nl · 1971nl · 1972nl · 1977nl · 1981nl · 1982nl · 1986nl · 1989nl · 1994nl · 1998nl · 2002nl · 2003nl · 2006nl · 2010nl · 2012nl · 2017nl · 2021nl · 2023nl · 2025nl

Provinsjale Steateferkiezings

1946 · 1950 · 1954 · 1958 · 1962 · 1966 · 1970 · 1974 · 1978 · 1982 · 1985 · 1987 · 1991 · 1995 · 1999 · 2003 · 2007 · 2011 · 2015 · 2019 · 2023 · 2027

Gemeenteriedsferkiezings

1946 · 1949 · 1953 · 1954 · 1958 · 1962 · 1966 · 1970 · 1974 · 1978 · 1982 · 1986 · 1990 · 1994 · 1998 · 1999 · 2002 · 2006 · 2010 · 2014 · 2018 · 2022 · 2026

· · Berjocht bewurkje