Springe nei ynhâld

Tuskentaal

Ut Wikipedy
tuskentaal
algemien
eigen namme tussentaal
lânseigen yn Belgje
tal sprekkers 5,2 miljoen (T2-sprekkers)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● tuskentaal
dialekten Brabânsk, Eastflaamsk, Westflaamsk
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
gjint

Mei de tuskentaal wurdt de yn it Nederlânsktalige diel fan Belgje sprutsen, ynformele Nederlânske sprektaal bedoeld. Dy taalfariant is in regiolekt, dat tusken it Belgysk-Nederlânsk (de Flaamske fariant fan 'e Nederlânske standerttaal) en de yn Flaanderen sprutsen Nederlânske dialekten yn stiet. De term "tuskentaal" is yn 'e jierren njoggentich betocht troch guon Gintske taalwittenskippers. Soms wurdt dizze taalfoarm ek wol betitele as "Soapflaamsk" of "Ferkavelingflaamsk", mar om't dy beneamings in wat lytsachtsjende lading hawwe, wurdt faak de foarkar jûn oan "tuskentaal".

It is trouwens net sa dat de tuskentaal ien taalfoarm is dy't yn hiele Flaanderen itselde is; krektoarsom, de tuskentaal ferskilt per regio, en is bûn oan 'e pleatslike dialekten. Wol is it sa dat de ferskillende foarmen fan 'e tuskentaal yn hiel Flaanderen maklik ûnderling fersteanber binne, eat dat mei de dialekten net sa is. Nederlanners fine de tuskentaal soms lykwols dreech te folgjen. Om't Flaamske tillefyzjestjoerders faak programma's útstjoere yn in foarm fan tuskentaal dy't basearre is op Brabânske dialektskaaimerken, sprekt men wol fan 'e Brabânske ekspânsje: de Brabânskige tuskentaal feroveret stadichoan de omgongstaal yn hiel Flaanderen.

Mei't it Frânsk yn 'e Súdlike Nederlannen en letter Belgje iuwenlang de offisjele taal en dêrom ek de skriuwtaal wie, hiene de yn Flaanderen sprutsen dialekten lange tiid alle kontakt mei de Nederlânske standerttaal ferlern. Fan gefolgen hawwe dy har troch de iuwen hinne yn eigen rjochtings ûntwikkele en binne se tsjintwurdich grutdiels net mear ûnderling fersteanber mei it Standertnederlânsk. Pas oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waard yn in folslein keunstmjittich proses it Standertnederlânsk yn Flaanderen as fiertaal ynfierd. Tsjin dy tiid wie dat frijwol in frjemde taal. De tuskentaal ûntjoech him doe as de heal-standerdisearre fariant dy't sprutsen waard troch it sljochtwei folk, dat net better Nederlânsk prate koe. Dêrby spile ek in rol dat de Noardnederlânske taalnoarm troch in protte Flamingen as útlânsk ûnderfûn waard (en noch wol wurdt), wat derta laat hat dat guon lju har dertsjin ôfset hawwe en dêrby de tuskentaal as ynstrumint brûkt hawwe.

De tuskentaal ûnderskiedt him yn 'e útspraak benammentlik fan it Belgysk-Nederlânsk troch in ôfwikende reälisaasje fan 'e twaklanken au en fral ei en ui, mei't dy faak útsprutsen wurde as lange lûden: au as [ɔ:] (ô fan "nôt"), en benammen ei as [ɛ:] (ê fan "bêd") en ui as [ʌ:] (eu fan "freule", mei in Frânske útspraak). Fierders nimt de h-deleesje, it falle litten fan h's oan it begjin fan wurden, dat yn it Belgysk-Nederlânsk ek wol foarkomt, yn 'e tuskentaal in folle wichtiger en algemiener plak yn.

Ek it gebrûk fan ôfwikende (en yn Nederlân as tige argaysk beskôge) foarmen fan it persoanlik foarnamwurd falt op: gij of ge, dat ekwifalint is mei it Noardnederlânske jij. (Dit ferskynsel komt trouwens yn West-Flaanderen net foar; dêr seit men fan oe.) De foarnamwurden jou en jouw wurde yn 'e tuskentaal dan u en uw. By it gebrûk fan gij heart ek in tiidwurdsferbûging mei foarmen op -t: gij zijt ("do bist") en gij waart ("do wiest"). Yn 'e earste persoan meartal ("jimme") wurdt it persoanlik foarnamwurd dan fan gulder of gijle (in gearlûking fan gij lui), en dêrfan is de objektsfoarm ulder of ulle.

Op dit mêd komme yn 'e tuskentaal ek gauris steapelfoarmen foar, wêrby't "bisto" oerset wurdt as zijdegij, en "hoe hytst" as oe noemde gij. Yn sokke foarmen is it efterheaksel -de eins in ferkoarte foarm fan gij: de t fan zijt gij is troch de stimhawwende [ɣ] oan it begjin fan gij ek stimhawwend en dus in [d] wurden, dêrop is de [ɣ] fuortfallen en ij enklitysk (ta in stomme e) wurden: zijde. It gij oan 'e ein fan dizze foarm is dus in oerstallige tafoeging, want it is dûbelop. Lang net alle sprekkers fan 'e tuskentaal brûke sokke steapelfoarmen, om't taalgefoelige lju sa'n ferdûbeling faak as ferkeard oanfiele. Fan gefolgen wurde foarmen as zijde en zijdegij njonkeninoar brûkt. In oare steapelfoarm is de ferdûbeling ekik, lykas yn: Da kan ekik nie verstaan ("Dat kin ik net ferstean").

Oars as yn it Standertnederlânsk bestiet der yn 'e tuskentaal noch in funksjoneel namfallestelsel, wêrby't skerp ûnderskie makke wurdt tusken de trije grammatikale geslachten. It dúdlikst komt dat ta utering by de ferbûging fan it ûnbeskaat lidwurd een. Yn 'e tuskentaal is it ne man ("in man"; manlik), een vrouw ("in frou"; froulik) en e kind ("in bern"; ûnsidich). Dêrby hat de manlike foarm ne de njonkenfoarm nen, dy't brûkt wurdt foar haadwurden dy't begjinne mei in fokaal of mei ien fan 'e konsonanten h, b, d en t (en ek foar de allinnich yn útlânske lienwurden foarkommende hurde Fryske [ɡ] fan "goed"). It is dus nen bal ("in bal") en nen gameboy ("in gameboy"). It ûnderskie tusken de foarmen ne en nen is yn West-Flaanderen skerp, mar wurdt wat langer wat ûndúdliker wat mear't men nei it easten giet, oant úteinlik inkeld de foarm ne oerbliuwt.

Dizze namfal uteret him by manlik wurden ek yn 'e eigenskipswurden dy't tafoege wurde tusken it ûnbeskaat lidwurd en it haadwurd: nen gansen groep ("in hiele groep") en nen dikken aap ("in grouwe aap"). Ek by oare wurdfoarmen dogge har namfallen foar, lykas by it beskaat lidwurd: den boom ("de beam"); by it besitlik foarnamwurd: mijne man ("myn man"); by it ûntkennend lidwurd: genen enkele keer ("gjin inkele kear"); en it oanwizend foarnamwurd: dienen auto ("dy auto").

Ferlytsingsfoarmen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferlytsingsfoarmen wurde yn 'e tuskentaal foarme mei de efterheaksels -ske of -ke, ynstee fan mei -tje of je, lykas yn sawol it Standertnederlânsk as it Belgysk-Nederlânsk. In diel fan 'e sprekkers fan 'e tuskentaal brûkt beide foarmen (op -ske en op -tje) njonkeninoar. Mooglik dat Flaamske dialektferlytsingsfoarmen in beskate byklank hawwe dy't har net yn alle gefallen tapasber makket.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Noten en Bronnen, op dizze side.