Middelgrut jachtloaihoars
| middelgrut jachtloaihoars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Acinonyx intermedius | ||||||||||||
| Thenius, 1954 | ||||||||||||
| útstoarn (fossyl) | ||||||||||||
It middelgrut jachtloaihoars of tuskenbeiden jachtloaihoars (wittenskiplike namme: Acinonyx intermedius) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e jachtloaihoarsen (Acinonyx). Dit bist libbe yn it Mid-Pleistoseen fan likernôch 1,3 miljoen oant 500.000 jier lyn yn Jeraazje. De gebrûksnamme sawol as it soartespesifike diel fan 'e wittenskiplike namme (intermedius) ferwiist nei it feit dat it middelgrut jachtloaihoars in slachje grutter wie as it moderne jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), mar net sa grut as it reuzejachtloaihoars (Acinonyx pardinensis).
It middelgrut jachtloaihoars waard foar it earst yn 1954 wittenskiplik beskreaun troch de Eastenrykske paleöntolooch Erich Thenius yn syn artikel Gepardreste aus dem Altquartär von Hundsheim in Niederösterreich yn it Neues Jahrbuch für Geologie und Paläontologie. Hy basearre him op it holotype (earst fûne fossyl) fan dit bist, dat oantroffen wie by Hundsheim yn Nedereastenryk. Letter waarden der ek fynsten fan fossile resten fan it middelgrut jachtloaihoars dien by Saint-Estève yn 'e Frânske Provâns en by Mosbach yn súdwestlik Dútslân. In fossyl dat mooglik fan it middelgrut jachtloaihoars is of oars fan in soartgelikense foarm fan jachtloaihoars, waard opdobbe by Zhoukoudian yn noardeastlik Sina.
It tinken is dat it middelgrut jachtloaihoars as soarte troch evolúsje fuortkaam út it reuzejachtloaihoars (Acinonyx pardinensis), dat earder libbe, fan 'e ein fan it Plioseen oant en mei it begjin fan it Pleistoseen. Wannear't it reuzejachtloaihoars beskôge wurdt as makrosoarte, wurdt it middelgrut jachtloaihoars soms as ûndersoarte dêrfan werjûn, mei de wittenskiplike namme A. p. intermedius.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. Sjoch ek de kaart mei tekst op dizze side.
|
