Springe nei ynhâld

Turning Point USA

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Turning Point UK)
Turning Point USA
algemiene ynformaasje
ôfkoartingTPUSA
type org.non profit
wurkmêdOanmoedigjen fan konservatisme op universiteitskampussen
haadkertierPhoenix (Arizona)
off. taalIngelsk
oprjochte5 juny 2012
oprjochterCharlie Kirk
Bill Motgomery
wurknimmers458 (2023)[1]
aktyf ynFeriene Steaten
omset$85 miljoen (2023)[1]
kosten$81 miljoen (2023)[1]
CEOErika Kirk
offisjele webside
tpusa.com/

Turning Point USA, ôfkoarte ta TPUSA is in Amerikaanske konservative rjochtspopulistyske non profit-organisaasje foar studinten. Neffens eigen sizzen set de organisaasje him yn foar eigen ferantwurdlikens, frije merken en beheind foech fan oerheden. Turning Point USA beheart noch in tal oare konservative aktivistyske organisaasjes, lykas Students for Trump, Turning Point News en Turning Point Action. Yn it Feriene Keninkryk bestiet in dochterûndernimming Turning Point UK. Turning Point USA is de facto de jongereinorganisaasje fan de MAGA-beweging

De oprjochter fan it inisjatyf, Charlie Kirk, waard fermoarde by in oanslach op 10 septimber 2025 yn Utah. Syn widdo Erika kirk waard dêrnei keazen ta direkteur en foarsitter.

Organisaasje en aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Candace Owens en Charlie Kirk by in troch TPUSA organisearre Student Political Action Summit (2018)

Charlie Kirk rjochte TPUSA op yn 2012 doe't er 18 jier âld wie. De oandriuw dêrfoar kaam fan de sakeman Bill Montgomery út Illinois, dy't himsels as mei-oprjochter beskôge. Doe't Montgomery yn 2020 yn 'e âldens fan 80 ferstoar oan de gefolgen fan in COVID-19-ynfeksje, waard er eare as earste oanhinger en adviseur.

Op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje fan 2012 moete Kirk Foster Friess, in promininte Republikeinske donateur, en oertsjûge him de organisaasje te finansierjen. Friess is ek lid fan de advysried fan 'e organisaasje, njonken Ginni Thomas, de frou fan Clarence Thomas, rjochter by it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten.

TPUSA organisearret meardere jierlikse nasjonale konferinsjes, wêrûnder de Young Women's Leadership Summit (YWLS) en de Young Latino Leadership Summit. Yn 2017 en 2018 wie de National Rifle Association (NRA) de haadsponsor fan de YWLS. Neffens The New York Times profilearret YWLS him "as in alternatyf foar in progressive feministyske kultuer dy't troch in soad Republikeinen as ûnderdrukken beskôge wurde" en yn 2018 "woeks út ta in ultra-trumpiaansk evenemint, mei leuzen as "Lock her up!" (slút har op) en fulgêre T-shirts dy't Hillary Clinton delhelje". Candace Owens, dy't guon dagen foar de konferinsje fan 2018 it omtinken loek mei de wurden "it hiele útgongspunt fan #metoo is dat froulju dom, swak en net wichtich binne", waard op de konferinsje mei steande ovaasjes ûnthelle.

Alle betelle meiwurkers fan TPUSA moat it semester op syn minst 1500 kontakten mei studinten hawwe. De frijwilligers hawwe ferskate tema's en promoatsje konservative ideeën, lykas The Healthcare games, Game of Loans en iCapitalism.

TPUSA is pro-militêr, antyfeministysk en islamofoob. De organisaasje stipet fossile brânstoffen, de doelstellings fan de NRA en steat kritysk foar Black Lives Matter oer.

Yn febrewaris 2019 fêstige Turning Point him op it ynternet yn Grut-Brittanje, nei't it earder al útwreide wie nei Kanada.

Yn septimber 2020 neamde The Washington Post dat tsieners betelle wurde om op harren sosjale media-kanalen, neffens de ynstruksjes fan Turning Point Action, in dochterûndernimming fan TPUSA, opynje te fieren en misynformaasje te fersprieden. Yn in earste reaksje hawwe Twitter en Facebook in tal fan dy brûkers blokkearre.

Professor watchlist

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Turning Point USA beheart de webside Professor watch. Neffens Charlie Kirk is de webside "wijd oan it dokumintearjen en ûntmaskerjen fan universiteitsprofessor dy't konservative studinten diskriminearje, anty-Amerikaanske wearden promoatsje en loftse propaganda yn de klasse ferspriede". Neffens Politico befettet de list ferskate falskheden en professors dy't krityk utere hawwe op Donald Trump of harren net hoflik gedroegen hawwe foar har studinten oer.

De webside waard bekritisearre om't er propaganda ferspriede soe en tafersjocht útoefenje soe om iedeeën oer wierheid, gelikens en frijheid te manipulearjen. Kritisy ferliken de Professor watchlist mei de aksjes fan de Amerikaansk senator Joseph McCarthy, dy't yn 'e 1950-er jierren besocht Amerikaanske boargers iepenbier te identifisearjen as kommunisten en kommunistyske sympatisanten. De New York Times skreau dat it "in bedriging foar de akademyske frijheid" wie.

Turning Point UK

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Logo fan Turning Point UK

Turning Point UK, ôfkoarte ta TPUK is de Britske tûke fan Turning Point USA, dy't him ferset tsjin de ûnderstelde loftse politike ideology dy't op Britske skoallen, hegeskoallen en universiteiten as dominant beskôge wurde. De organisaasje krige stipe fan ferskate Britske parlemintsleden fan de Konservative Partij, lykas Priti Patel en Jacob Rees-Mogg. Ek Nigel Farge (Brexit) spriek syn goedkarren út. Dêrfoaroer beskreau Labour-parlemintslid David Lammy it oprjochtsjen fan 'e groep as bewiis dat "tsjustere krêften de macht yn ús lân oernimme" en dat de Konservative Partij iepenlik ksenofoby ûnderstipet.

Oant 2019 wie George farmer, man fan Candace Ownes en soan fan Michael Farmer (KP), lid fan it Hegerhûs, foarsitter fan Turning Point UK.

TPUK beweart fertsjintwurdige te wêzen oan 'e universiteiten fan Sussex, St. Andrews, York, Warwick, Nottingham, King's College London, University College London, Londen, London School of Economics en University of teh Arts London en makket, lykas Turning Point USA, de identiteit fan 'e donateurs net bekend.

Charlie Kirk hat hieltyd wer beweard dat TPUSA gjin bannen hat mei alt-right-groepen. Yn 2017 organisearre TPUSA kampusbesiten fan earder Breitbart-redakteur Milo Yiannopoulos oan 'e University of Colorado-Boulder en de Miami University (Ohio).

Yn 2018 dokumintearre Hate Watch fan de Southern Poverty Law center de bân fan TPUSA mei blanke rasisten. It beskriuwt de organisaasje as "alt-lite".

Yn 2021 ferspraten TPUSA en Turning Point Action falske bewearings oer de feiligens en effektiviteit fan COVID-19-faksins en setten útein mei in kampanje tsjin faksinaasjes fan studinten op universiteitskampussen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Turning Point USA

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 "Turning Point USA". ProPublica. 9 maaie 2013. oproppen op 11 september 2025.

Foar mear boarnen, sjoch en:Turning Point USA en de:Turning Point USA