Turkoaiskoptangare
Turkoaiskoptangare | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tangara seledon | ||||||||||||
Müller, 1766 | ||||||||||||
![]() | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De turkoaiskoptangare (Tangara seledon) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas oare leden fan it skaai Tangara is it in lyts, kleurryk fûgeltsje fan likernôch 13,5 sintimeter lang. De kop, nekke, kin en boarst binne helder akwamaryngrien mei limoengrien op in plak op 'e nekke, wjukken en búk en in oranje stút. Opfallend is in grut swart plak op 'e wjukken en kiel. It wyfke is doffer fan kleur.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt yn it Atlantyske reinwâld fan súdeastlik Brazylje, it meast eastlike diel fan Paraguay, en noardeastlik Argentynje (allinich yn 'e provinsje Misiones) foar. De soarte wurdt monotypysk behannele, dat wol sizze dat der gjin ûnderferdieling yn soarten is.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel hat in foarkar foar tropysk en subtropysk fochtich bosk, mar wurdt ek yn hôvings en parken waarnommen, dêr't er, nettsjinsteande syn kleurrike fearren, goed kamûflearre tusken it beamtegrien yn 'e beamtoppen beweecht. De soarte besiket faak fûgelhûskes en yt fruit en ynsekten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Turkoaiskoptangaren ha in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt lykwols dat de oantallen tebekrinne, al is dat net sa bot om de fûgel as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC) op 'e Reade list.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|