Springe nei ynhâld

Turkoaisiisfûgel

Ut Wikipedy
Turkoaisiisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai echte iisfûgels (Alcedo)
soarte
Alcedo coerulescens
Vieillot, 1818
IUCN-status: net bedrige

De turkoaisiisfûgel (Alcedo coerulescens) is in fûgel fan it skaai echte iisfûgels (Alcedo semitorquata) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.

Pearingsritueel, werby't it mantjes it wyfke in fiskje jout foardat de pearing begjint.

It is in lytse iisfûgel oant 14 sm lang. De boppedielen binne blau mei yn 'e nekke oan beide kanten in grut wyt plak. It kin en de búk binne wyt mei in blauwe bân oer it boarst. De snaffel is swart en de poaten binne donkerbrún. De ferskillen tusken mantsjes en wyfkes binne lyts: it wyfke is wat doffer en hat in smeller blauwe bân oer it boarst.

It ferspriedingsgebiet is fan Sumatra oant de Lytse Sûnda-eilannen. It is in stânfûgel, dy't yn leechlân libbet by beken, kanalen, rysfjilden en estuaria.

Der binne gjin rûzings fan 'e grutte fan 'e hiele populaasje, mar de soarte liket stabyl en is yn it ferspriedingsgebiet algemien. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: