Springe nei ynhâld

Turckheim

Ut Wikipedy
Turckheim
Emblemen
Bestjoer
Lânflagge fan Frankryk Frankryk
regioGrand Est
departemintHaut-Rhin
arrondissemintColmar-Ribeauvillé
Sifers
Ynwennertal4.139 (2023)[1]
Oerflak16,46 km²
Befolkingsticht.251 ynw./km²
Hichte230-936 m
Oar
Postkoade68230
Offisjele webside
www.turckheim.fr
Kaart
Turckheim (Frankryk)
Turckheim
Lokaasje Turckheim yn Frankryk
Kaart
Gemeentegebiet Turckheim

Turckheim (Dútsk: Türkheim im Elsass) is in gemeente yn it Frânske departemint Haut-Rhin yn 'e regio Grutte Easten. De gemeente hat goed 4.100 ynwenners (2023) en is ûnderdiel fan it arrondissemint Colmar-Ribeauvillé.

De omkriten fan Turckheim waarden al yn 'e Romeinske tiid bewenne. De namme komt nei alle gedachten fan 'e Germaanske stamme Thuringii, dy harren hjir nei de fal fan it Romeinske Ryk nei wenjen sette. Iere foarmen fan 'e namme fan it plak binne Thorencohaime en Thuringheim.

Yn 1312 krige Turckheim de status fan frije ryksstêd yn it Hillige Roomske Ryk. Rillegau dêrnei waard útein set mei de bou fan muorren, wêrfan't in grut part noch te sjen is. Yn 1354 foege Turkheim him by it Dútske tsienstêdebûn, in bûn fan tsien frije keizerlike stêden yn 'e Elzas dy't ûnthieten inoar te hellpen by it ferdigenjen fan harren rjochten en privileezjes. Nei de Frede fan Westfalen yn 1648 waard de Elzas formeel Frânsk, mar Turckheim en oare stêden fan it bûn wegere ynearsten trou te swarren oan'e Frânske kening.

Slach by Turckheim (1675).

Yn 'e Frânsk-Nederlânske Kriich (1672-1679) fûn op 5 jannewaris 1675 de Slach by Turckheim plak, wêrby't de Frânske troepen ûnder generaal Turenne de Eastenrykske en Prusyske legers fersloegen. Mei de Frede fan Nijmegen (1678‑1679) waard it plak definityf oan Frankryk tawiisd en kaam der in ein oan it tsienstêdebûn.

Nei de Frânsk-Dútske Kriich (1870‑1871) waard it stedsje tegearre mei de Elzas wer ûnderdiel fan it Dútske Keizerryk, mar nei de Earste Wrâldkriich kaam it plak wer by Frankryk.

Foar Turckheim kaam yn febrewaris 1945 mei de striid om 'e Sek fan Colmar de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Turckheim hat in goed bewarre midsiuwsk sintrum mei trije stedspoarten (Porte de France, Porte de Munster, Porte de Brand) en resten fan 'e âlde muorren.
  • Yn 'e Grand'Rue binne fakwurkhûzen en tradisjonele gevels te sjen.
  • De Église Sainte‑Anne hat in romaanske toer út de 12e iuw, de rest fan 'e tsjerke is fan lettere tiid.
  • It stedhûs is 17e-iuwsk.

Yn Turckheim wurdt de tradysje dat de nachtwacht yn midsiuwske klean tusken maaie en oktober de ronde docht noch jimmeroan yn stân holden.

It Musée mémorial des combats de la poche de Colmar betinkt de fûle striid yn 'e winter fan 1944-1945 om de Sek fan Colmar hinne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: