Springe nei ynhâld

Tuamotu-eilannen

Ut Wikipedy
Tuamotu-eilannen
emblemen
geografy
lokaasje Stille Oseaan
lân Frânsk-Polyneezje
koördinaten 17°2'S 141°25'W
algemien
ynwennertal 15.000 oant 20.000 ynw. (rûzing)
kaart
Tuamotu-eilannen (Grutte Oseaan-reliëf)
Tuamotu-eilannen

De Tuamotu-eilannen foarmje in grutte groep fan eilannen en atollen yn 'e Súdlike Stille Oseaan, dy't ûnderdiel binne fan Frânsk-Polyneezje, in oerseesk gebiet fan Frankryk.

Fakarava.

De arsjipel bestiet út sa'n 80 atollen, wêrfan guon fan de grutste fan 'e wrâld binne. It is de grutste keatling fan atollen fan 'e wrâld, dy't him oer in gebiet fan mear as 1500 kilometer útwreidet. De eilannen lizze noardeastlik fan Tahity yn 'e Súdlike Stille Oseaan. Om't de eilannen foar it grutste part atollen binne, hawwe se in flak lânskip mei lagunes yn 'e midden.

De grutste atollen mei mear bewenning binne Rangiroa, Fakarava, Makemo, en Hao. Dêr komt ek it measte toerisme foar.

Guon fan 'e atollen, lykas Rangiroa en Fakarava, binne populêr ûnder dûkers fanwegen de koraalriffen en it rike seelibben. It klimaat is tropysk. Tusken novimber en april binne orkanen mooglik.

Foardat de Jeropeanen oankamen bewennen Polynezyske folken al lang de eilannen. Jeropeeske ûntdekkingsreizgers lykas Pedro Fernandes de Queirós en Louis Antoine de Bougainville ûntdutsen de eilannen yn 'e 17e en 18e iuw.

Jonkje op Fakarava.

De befolking bestiet foar it grutste part út etnysk Polyneezjers en guon haw in mingd Polynezyske-Europeaanske eftergrûn.

De haadtaal is Frânsk, mar ek Tahitiaansk en oare lokale talen wurde praat. De kultuer fan 'e befolking is woartele yn 'e Polynezyske tradysje, mei muzyk, dûns, en religieuze rituelen. Tradisjonele houten skippen en houtsnijwurk binne wichtige eleminten fan harren erfgoed.

Ynrjochting Jehannes fan it Krústsjerke op Fakarava.

In grut part fan 'e befolking is roomsk, in gefolch fan missy-aktiviteiten fan 'e Frânske misjonarissen sûnt de 19e iuw. Der binne ek protestantske mienskippen, mar dy foarmje in minderheid. De tsjerken spylje in wichtige rol yn it sosjale libben op 'e eilannen. Guon âlde rituelen fan foar de kerstening ha oerlibbe en binne hjoed-de-dei ûnderdiel fan it hjoeddeiske leauwen fan 'e ynwenners.

In bulte jongerein giet foar oplieding en wurk hjoed-de-dei nei Tahity of nei Frankryk, sadat guon eilannen in wat âldere befolking hawwe.

De arsjipel is ferdield yn 16 gemeenten (communes), dy't de namme ha fan it wichtichste atol. In soad atollen binne net bewenne en ha de status fan beskerme natoergebiet.

De tylt fan pearels, en dan benammen swarte pearels, is in belangrike aktiviteit. Ek kokosprodukten foarmje in boarne fan ynkommen. Op guon eilannen is it toerisme ûntwikkele.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tuamotu-eilannen fan Wikimedia Commons.