Springe nei ynhâld

Tsjoksnaffelraven

Ut Wikipedy
tsjoksnaffelraven
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaikrieën (Corvus)
soarte
Corvus crassirostris
Rüppell, 1836
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De tsjoksnaffelraven (Corvus crassirostris) is in kriefûgel dy't yn 'e Hoarn fan Afrika foarkomt. Mei de raven (Corvus corax) is it de grutste soarte yn 'e famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it is ek ien fan 'e grutste soarten yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).[1]

Foarkommen en lûd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsjoksnaffelravens

De tsjoksnaffelraven is in tige grutte kriefûgel fan 60 oant 64 sm lang en weaget sa'n 1,5 kg. De fûgel hat in grutte snaffel dy't op 'e siden ôfplatte is en sterk bôge is, wat him in tige opfallend uterlik jout. De snaffel is swart mei in wite punt en hat djippe noasgatten dy't troch wat stribbich boarstelhier bedutsen binne.

De fearren op 'e kop, kiel en nekke fan 'e soarte binne tige koart; de fearren op 'e kiel en it boppeboarst litte in oalje-eftige brune glâns sjen. De rest fan it fearrekleed is glânzgjend swart, mei útsûndering fan in opfallend plak mei koarte wite fearren yn 'e nekke. De fûgel hat ferskate roppen, wêrûnder in rau, nasaal kraskjen.

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze soarte komt foar yn Eritreä en Etioopje, dêr't er libbet yn berchgebieten en op heechflakten op in hichte fan 1.500 oant 3.400 meter.[2] De soarte is monotypysk, wat betsjut dat er net opdield wurdt yn ûndersoarten.

Ekology en hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjoksnaffelraven is in allesfretter dy't larven, krobbelarven út bistestront, ies, fleisresten en minsklik fretten. Der is waarnommen dat de fûgel him ek fiedt mei opkommende weet. By it sykjen nei fretten yn stront brûkt er in skaaimerkende sichtsjende beweging om de dong te út inoar te sprieden en de larven derút te heljen.

De fûgel bout nêsten yn beammen en op kliffen, nei alle gedachten fan tûken, krekt lykas de besibbe wytnekkeraven (Corvus albicollis). In lechsel bestiet út trije oant fiif aaien.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte, stabile populaasje. De wrâldpopulaasje is net krekt kwantifisearre, mar de soarte wurdt beskreaun as relatyf algemien. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de IUCN de soarte as 'net bedrige' (Least Concern of LC).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: