Tsjoksnaffeldûkers
| Tsjoksnaffeldûkers | ||
| De typesoarte is de tsjoksnaffeldûker. | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | dûkereftigen (Podicipediformes) | |
| famylje: | dûkerfûgels (Podicipedidae) | |
| skaai: | tsjoksnaffeldûkers (Podilymbus) | |
| Lesson, 1831 | ||
De tsjoksnaffeldûkers (Podilymbus) foarmje in skaai fan wetterfûgels út 'e famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae). De typesoarte is de tsjoksnaffeldûker (Podilymbus podiceps). It skaai telt ien libbene soarte en ien útstoarne soarte dy't endemysk wie yn Gûatemala.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjoksnaffeldûkers binne kompakte, middelgrutte wetterfûgels mei in opfallend grouwe, tsjokke snaffel. Harren poaten sitte hielendal efteroan it lichem en se kinne poerbêst swimme en dûke, mar op lân binne se wat knoffelich. Se briede op swietwettermarren, puollen en yn sompen mei in tichte begroeiïng. De nêsten binne driuwende bouwurken dy't oan wetterplanten fêstmakke wurde. Harren dieet bestiet benammen út wetterinsekten, kreefteftigen en lytse fiskjes.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai Podilymbus waard yn 1831 yntrodusearre troch de Frânske natoerwittenskipper René Lesson.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai omfiemet ien libbene soarte en ien útstoarne soarte:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status |
|---|---|---|---|---|
| Tsjoksnaffeldûker | Podilymbus podiceps | Noard-, Midden- en Súd-Amearika. | ||
| † Atitlándûker | Podilymbus gigas | Atitlánmar, Gûatemala (útstoarn). |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
