Springe nei ynhâld

Tsjoksnaffeldûker

Ut Wikipedy
tsjoksnaffeldûker
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdûkereftigen (Podicipediformes)
famyljedûkerfûgels (Podicipedidae)
skaaitsjoksnaffeldûkers (Podilymbus)
soarte
Podilymbus podiceps
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet


     briedfûgel
     stânfûgel


     wintergast


De tsjoksnaffeldûker (Podilymbus podiceps) is in Amerikaanske fûgelsoarte dy't heart ta de famylje fan 'e dûkerfûgels.

De tsjoksnaffeldûker is in kompakte lytse dûker, dy't wat wei hat fan in dûkerke (Tachybaptus ruficollis) yn winterkleed, mar is in stik grutter en te ferlykjen mei de túfdûker (Podiceps auritus). Hy hat in lichemlingte fan 31 oant 38 sintimeter. De fûgel hat in wat kleurleaze, griisbrune tekening mei in donkere nekke en rêch, en in opfallende wite efterkant.

Simmerdeis is de tige grouwe en tsjokke snaffel witich mei in karakteristike fertikale bân derop. Dêrnjonken hat er in wite eachring en in swart kin. Winterdeis ûntbrekt de bân op 'e snaffel hast folslein en hat de fûgel in wyt kin en in bruner fearrekleed.

Ofbylden

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte briedt yn tuskenbeide gebieten fan Noard- en Súd-Amearika. Hy wurdt meastal opdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Podilymbus podiceps podiceps – fan noardlik Kanada oer de hiele Feriene Steaten en Meksiko oant it noardwesten fan Súd-Amearika.
  • Podilymbus podiceps antarcticus – libbet yn it easten en suden fan Súd-Amearika.
  • Podilymbus podiceps antillarum – komt foar op de Karibyske eilannen.

Troch stoarm wurdt de soarte somtiden nei Jeropa dreaun Yn Grut-Brittanje is de fûgel as dwaalgast oantroffen. De tsjoksnaffeldûker is ek op de Azoaren, yn Noarwegen, Ierlân, Spanje, Frankryk, Nederlân en Yslân as dwaalgast waarnommen. DNA-stúdzjes hawwe oantoand dat de útstoarne Atitlándûker genetysk diel útmakket fan itselde skaai.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjoksnaffeldûker wurdt oantroffen yn puollen, sompen en oare iepene wetterflakten, ornaris tichtby fegetaasje. Hy wurdt allinnich of yn lytse groepkes sjoen. De fûgel dûkt nei wetterinsekten, kreeften en lytse fiskjes.

De fûgel leit twa oant tsien aaien, dy't yn 23 oant 27 dagen útbret wurde. De jongen ferlitte it nêst de dei nei it útkommen en bringe grutte dielen fan 'e earste wike troch op 'e rêch fan ien fan 'e âlders.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: