Springe nei ynhâld

Tsjinpaus

Ut Wikipedy
Hippolytus de earste tsjinpaus

In tsjinpaus, of antypaus, is in út protest keazen katolike tsjerkelieder. Yn beskate ûnrêstige perioaden fan de skiednis fan de Roomsk-Katolike Tsjerke waard de keazen paus troch guon groepen net erkend. Dy ferkeazen dan harren eigen paus as saneamde tsjinpaus. De earste tsjinpaus wie Hippolytus (217-235), dy't keazen waard út protest tsjin paus Kalikstus I.

De perioade fan tsjinpausen mei de measte ferdieldens wie dy fan it Westersk skisma: fan 1378 oant 1418. It wie net altyd dúdlik hokker fan de twa (of soms sels ek trije) rivalisearjende pausen de "echte" paus wie en hokker de (of in) tsjinpaus. De dúdlikens dy't hjiroer tsjintwurdich liket te bestean is pas efterôf ta stân kommen. Kardinalen dy't troch tsjinpausen kreëarre waarden, waarden letter pseudokardinalen neamd.

Neffens de tradisjonele skiedskriuwing hat der sûnt 1449 gjin tsjinpaus mear west.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:EN
    • Wikipedy:DE
    List fan Tsjinpausen

    · · Berjocht bewurkje